3,454 datasets found
Dutch Keywords: huis Place of Narration: Drachten
De nachtmerjes kommen troch 't kaeisgat by de minsken yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.33378
By Grinzer Pein is in gehuchtsje: Topwear. Dêr seagen guon alle jounen in ljochtsje. Dêr kaem letter in hûs to stean.
nl.verhalenbank.36953
Op in kear wie Sterke Hearke oan it ploeijen. Doe kom der in man by him, dy woe wolris wite hwer't Sterke Hearke wenne. Doe krige Hearke de ploech beet en tilde him by de sturt omheech. Hy wiisde der mei nei syn hûs en sei: "Sjoch, dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.36701
Sterke Hearke wie ris in kear oan 't ploegjen op it lân. Doe kom der in man by him, dy moest nei ien ta dy't er net to wenjen wist. "Kinne jo my ek sizze hwer't dy persoan wennet?" frege er oan Hearke. Doe wiisde Hearke mei de lânploech it hûs oan fan dy man. "Dan matte jo dêr wêze", sei er, en doe sette er de ploech wer del. Sterke Hearke wenne ûnder...
nl.verhalenbank.35911
Greate Pier hat boer west. Hy wie ris oan 't wurk op 'e bou, hy roun achter de ploech. Doe kommen der guon, dy woenen wol fan him witte hwer't greate Pier wenne. Sy koenen him net. Doe tilde Pier de ploege op en wiisde mei dy ploege it hûs oan dêr't er yn wenne. Hy sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.37133
Der kom us in man by Sterke Hearke op it lân. Doe wie Hearke krekt oan 't ploeijen. Doe frege dy man him as er ek wist hwer't Hearke wenne. "Jawol", sei Hearke, en doe krige er de ploech by de sturt beet en tilde him op. Hy stuts de ploech rjocht foar him út en sei: "Dêr wennet er."
nl.verhalenbank.24817
Doe't Sterke Hearke ris in kear oan 't ploegjen wie, kom der in man by him. "Dy woe fan him wite hwer't Sterke Hearke wenne." Hearke hie de ploech optild en sein: Sjoch, dêr wennet er en hjir stiet er. En mei de ploech hied er syn hûs oanwezen.
nl.verhalenbank.25474
Sterke Hearke wie op 't lân oan 't ploegjen. Der kamen in pear mannen by him, dy fregen: "Wyt jo ek hwer't Sterke Hearke wennet?" "Ja, sjoch, hjir stiet er," sei Hearke en doe stuts er de ploech foar him út - "en dêr wennet er." Doe wiisde er nei syn hûs.
nl.verhalenbank.37148
Sterke Hearke wenne yn 'e Ham. Hy wie us op in kear oan 't ploegjen, sa wurdt der forteld. Doe gong dêr in man nei him ta. Dy frege him of er ek fortelle koe hwer't Sterke Hearke wenne. "Né, mar ik kin him wol even oanwize", sei Hearke. Doe krige er de ploege by de sturt beet en tilde him in ein fan 'e groun. "Matte jo der mar even op oansjen," sei er,...
nl.verhalenbank.24860
Der kommen ris twa Grinslanners yn 'e Ham, dy woenen nei Sterke Hearke ta. Sy wienen sterk en woenen us mei Hearke wrakselje. Doe wie dêr ien op 't lân oan 't ploeijen. Sy fregen him hwer't Sterke Hearke wenne. "Dêr wennet sterke Hearke", sei dyselde, en hy hie de ploege optild en dêr mei nei syn hûs wiisd. En doe sei er: "en hjir stiet er." Doe wisten de...
nl.verhalenbank.25206
Boardzer Bruining fan 'e Boelensloane hat fan tofoaren in hûs yn 'e brân sjoen. Hy sei: "Dat hûs haw ik brânnen sjoen", en letter brânde it op.
nl.verhalenbank.24671
Sterke Hearke wie us in kear op it lân oan 't ploeijen. Doe kommen der twa man by him. "Hwer wennet sterke Hearke?" fregen se. Doe tilde Hearke de ploege op. "Dêr wennet er", sei er en hy wiisde 't mei de ploege oan. Dy hied er yn ien hân. "En hjir stiet er", sei er en hy sloech him mei de oare hân op it boarst. Hearke wie allemachtige sterk. Syn jonges...
nl.verhalenbank.25155
Ik wie sa'n foech jonge en wenne by bakker Vonk. Jouns gong ik faek nei Brant en Mintsje ta. Dy wennen, krekt as Vonk, èk yn Drachtster Kompenije. (De man hiet Brant Pool). Hja hienen in dochter, dêr hie 'k wol hwat bistek op. Op in joun wie 'k dêr wèr. "Ha jim hjir in nij hûs krige?" frege ik. Hwant ik seach achter it hûs fan Brant Pool in ljocht...
nl.verhalenbank.33623
Op in kear doe wie 't merke yn Drachten. Doe kom Ynse dêr om in healmudde griene earten. Hy nom de sek mei earten ûnder 'e earm en stapte der mei nei Bakkefean ta. Dat wie tolve k.m.
nl.verhalenbank.24820
Sterke Hearke wie us oan 't ploegjen op 't lân. Der kommen twa hearen by him. "Och mynhear," sei de iene, wit jo ek hwer't sterke Hearke wennet? Wy ha in protte fan him heard." Doe heakke hy 't hynder út, pakte mei ien hân de ploege op en sei: "Sjoch, dêr wennet Sterke Hearke en hjir stiet er. En hjir slach ik jim mei." En doe sloech er mei de ploege op...
nl.verhalenbank.22881
Faek gebeurde it - û.mear yn 'e Wylgen - dat men fan tofoaren al wiste, dat der ergens in nij hûs set wurde soe. Dan hearden se yn 'e nacht allegearre lûden dy't by 't timmerjen hearden. Dan seinen se: "Hjir komt skielk in hûs."
nl.verhalenbank.29644
As eksters foar hûs skatterje komt der bisite. As eksters achter hûs skatterje komt der in sterfgefal.
nl.verhalenbank.36956
Greate Pier wie ôfgryslike sterk. Op in kear wie er op 't lân oan 't ploeijen, doe kamen der guon by him. Dy fregen: "Hwer wennet greate Pier?" Doe stuts Pier de ploege rjocht foar him út en sei: "Hjir stiet er en dêr wennet er."
nl.verhalenbank.29651
As eksters ticht by de doar skatterje, giet der ien yn dat hûs dea.
nl.verhalenbank.19374
Ergens op in plak stie in hûs, dêr woenen noait minsken yn wenje. Hwant it doogde dêr net. De beammen dy skodden dêr, wylst it blêdstil wie.
nl.verhalenbank.21166