4,137 datasets found
Dutch Keywords: huis zien
Lichten zaggen ze vrouger voak. “dr brandt weer wat”, zeden ze, zel wel weer gau 'n huus aan goan. Dat geleuf was algemain.
nl.verhalenbank.44126
Doe't ik noch in jonge wie wenne der in frou yn Surhústerfean, dy seach hwat oer de wyk hinne sweven. Hwat it wie, wist se net, mar 't wie spûkerij.
nl.verhalenbank.24195
Oan 'e Ds. Visser-wei yn 'e Houtigehage wienen guon dy seagen dêr ris in hûs yn 'e brân stean. Mar doe't se der by kamen wie der gjin brân. Mar in dei of hwat letter brânde it wol degelik op.
nl.verhalenbank.37449
Myn man Ringer kom wol mei syn handel yn klaeijng ensa by in âld minske, dat yn 'e Harkema wenne. Dat minske wie mei de helm geboaren. Soms stie se by de doar en dan seach se lykstaesjes. Ringer krige sa'n ôfskrik fan har forhalen, dat hy woarde suver bang foar har en hy kom der dêrom op 't lêst mar net mear.
nl.verhalenbank.20915
Op Kopstukken woonde Broene B. Doi wös ook van veurloop. Op ’n moal zee ‘e tegen oine:”Hest ’t hoes al verzekerd? As ’t nich zo is, moust ’t doun, want ik heb ’t brannen zain.” Dai ander het ’t hoes verzekern loaten, umdat ‘e vertrou’n har in Broene. ’t Hoes is opbrand ook.
nl.verhalenbank.41142
Veurgeschichtn bestoan; zulf zag ik es n moal n brand, wat uutkomen is. Andern konden de brand van te veurn roekn; ook in dat geval gung et huus er aan.
nl.verhalenbank.46172
It spul dêr't nou Hindrik en Ael wenje, ha guon minsken fan tofoaren yn 'e brân sjoen. Letter brânde it op.
nl.verhalenbank.17499
Yn Feanwâlden is us in hûs opbrând. Guon ha dat hûs fan tofoaren yn 'e brân sjoen.
nl.verhalenbank.24472
Yn syn eigen hûs gong it ek op in timmerjen yn 'e nacht, sûnder dat der hwat to sjen wie. Hy koe 't him net bigripe hwat dat wie. Letter woarde it hûs fortimmere.
nl.verhalenbank.17721
Op in nacht hearde heit timmerjen en klopjen. Hy gong der ôf en nei de jonges ta. Hy sei: "Hwat wie dat? Hwat dogge jimme?" Mar de jonges leinen to sliepen, der wie alhielendal neat. Doe't heit op bêd gong bigong it timmerjen en sa wer opnij. Letter is 't hûs fan binnen fortimmere woarn. 't Gebeurde yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema.
nl.verhalenbank.23518
Ik seach us op in kear in lampke hingjen yn 'e loft boppe Koatstertille. 't Wie yn 'e nacht. Letter is der op dat plak in great fabryk kom
nl.verhalenbank.18148
It gebeurde ek wol dat Durkje har man jouns bûtendoar foar hûs siet. Doe wied er al dea. Durkje seach him sitten. Dan wie se bang. Dêrom moesten der nachts guon by har wêze.
nl.verhalenbank.38699
Op 'e Ikkers wenne Piter Terpstra. Dy seach fan tofoaren lykstaesjes. Dat kaem altiten út. Hy seach dy lykstaesjes by nacht. Hy seach allinne lykstaesjes fan minsken dy't op 'e Ikkers wennen. Dan stie er by 't húske dat it neist oan it doarp stie. Dêr moest de lykstaesje altyd lâns.
nl.verhalenbank.37231
Veurloopn Nou komp et nait altied uut wat de mensn zain. Mien zuster komp es moal bie oavend van de Pekel. In huus vertelt ze dat ze t huus van dei en dei brannen zain het. Moar d ander dag stait dat huus dr nog. Doar kon ze ja nait bie, dat zai zuk zo verkiekn kon! In dit huus is nooit brand komen want et stait dr nog.
nl.verhalenbank.43823
Mem seach dêr ek wylde lantearnen. Dêr kommen letter huzen. Dat wie ek op 'e Skieding, yn 'e buert fan 'e Janke-dobbe.
nl.verhalenbank.25998
Sy seinen froeger wolris, dat hûs brânt ôf. Guon ha 't brânnen sjoen. Dan brânde it letter èk ôf.
nl.verhalenbank.24566
Boardzer Bruining hie 't altyd oer lykstaesjes, dy't er fantofoaren seach. Hy wist altyd krekt yn hwat hûs as der ien stjerre soe. Mar dêr praet er nou net mear oer.
nl.verhalenbank.25877
Yn Twizelerheide, oan 't Wyldpaed, stie in hûs yn 'e brân. Us folk seach it barnen. Der allegear hinne, mar it stie net yn 'e brân. Ik wie doe in famke, 'k ha der ek noch hinne west to sjen. It is net opbarnd, mar de hiting is dat dat noch gebeure sil. Dat leauden ús heit en dy ek grif en ik sels èk.
nl.verhalenbank.33807
Ik roan us mei in stik of hwat oaren op in joune de Loane del. Doe seagen wy it hûs fan Piter en Sijke yn 'e brân. Wy der hinne om to sjen. Doe't wy der kommen leinen de minsken op bêd to sliepen en der wie alhielendal gjin brân. Mar in wike of hwat letter brânde it op.
nl.verhalenbank.25255
Der ha by myn witen wol tsien huzen yn 'e Harkema west, dy't letter ôfbrând binne en dy't se fan to foaren al yn 'e brân sjoen ha.
nl.verhalenbank.20661