5,393 datasets found
Dutch Keywords: huis man
Sterke Hearke wie hjir ris oan 't ploeijen. Doe kom der in man om utens wei, dy hie fan Hearke heard. Hy woe wolris mei him prate. Hy gong nei 't hûs fan Sterke Hearke ta. De frou sei tsjin him: "Sjoch, dêr is er, hy is oan 't ploeijen." Doe gong dy man nei Hearke ta. Hy bearde dat er net wist dat it Hearke wie en frege him oft er ek wiste hwer't Sterke...
nl.verhalenbank.36049
Jouns wurke it jongfolk yn 'e fabryk. Myn man ek. Dy hyt fan Klaes. Jehannes Meerstra wie der ek. Op in joun woarde der fan fierrens roppen: "Klaes, ite!" Myn man sette hastich op hûs ta, mar 't iten wie noch net ré. Net ien fan uzes hie him roppen. Dat wie it wurk ek fan Jehannes.
nl.verhalenbank.19639
Yn syn eigen hûs gong it ek op in timmerjen yn 'e nacht, sûnder dat der hwat to sjen wie. Hy koe 't him net bigripe hwat dat wie. Letter woarde it hûs fortimmere.
nl.verhalenbank.17721
Boardzer Bruining fan 'e Boelensloane hat fan tofoaren in hûs yn 'e brân sjoen. Hy sei: "Dat hûs haw ik brânnen sjoen", en letter brânde it op.
nl.verhalenbank.24671
Op in nacht hearde heit timmerjen en klopjen. Hy gong der ôf en nei de jonges ta. Hy sei: "Hwat wie dat? Hwat dogge jimme?" Mar de jonges leinen to sliepen, der wie alhielendal neat. Doe't heit op bêd gong bigong it timmerjen en sa wer opnij. Letter is 't hûs fan binnen fortimmere woarn. 't Gebeurde yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema.
nl.verhalenbank.23518
Op in kear doe hienen wy ús hûs forkocht. Mar wy hienen noch net in oar hûs, dat wy wisten net, hwer't wy de maeijes komme soenen. Hiltsje kaem by my. Wy wennen doe noch oan 't Wyldpaed. Hja woe wite of wy al wer in hûs hienen. "Hast al plak?" frege se my. Ik sei: "Né. Kei is der om fuort. 'k Wyt net hoe't it komt." Kei bleau wei. Hiltsje gong op 't lêst...
nl.verhalenbank.22014
It gebeurde ek wol dat Durkje har man jouns bûtendoar foar hûs siet. Doe wied er al dea. Durkje seach him sitten. Dan wie se bang. Dêrom moesten der nachts guon by har wêze.
nl.verhalenbank.38699
Sterke Hearke wie us oan 't ploegjen. Doe wienen der minsken dy kommen by him en dy seinen, dat se dêr en dêr wêze moesten. As hy ek oantsjutte koe hwer't dat wie. Doe nom Hearke de ploege en wiisde der mei nei in hûs en sei: "Asjyblyft, dêr wenje se."
nl.verhalenbank.25635
Hinse Jehannes de Boer fan it Swartfean mastere oer fé. Ien út Garyp ried us nei him ta op in siik hynder. Hy stie noch mar krekt mei it hynder achter hûs of Hinse sei: "Ik ha de drank foar dy omtrint ré." Dy Hinse koe dus mear as in oar.
nl.verhalenbank.21268
Sterke Hearke wie in boer. Op in kear wie er oan 't ploegjen op it lân. Doe kom dêr in man oan. Dy frege him: "Witte jo ek hwer't Sterke Hearke wennet?" Hearke hie de ploech út 'e groun helle en dy tilde er op en hâldde him foar him út. "Hjir stiet er," sei er, "en dêr wennet er." En doe hied er mei de ploech nei syn hûs wiisd.
nl.verhalenbank.37768
Boardzer Bruining hie 't altyd oer lykstaesjes, dy't er fantofoaren seach. Hy wist altyd krekt yn hwat hûs as der ien stjerre soe. Mar dêr praet er nou net mear oer.
nl.verhalenbank.25877
Greate Pier fan Kimswerd wie tige sterk. Op in kear wie er op it lân oan 't ploegjen. Doe kamen der twa man by him, dy woenen graech witte hwer't greate Pier wenne. Doe tilde Pier de ploege op en wiisde der mei nei syn hûs en sei: "Dêr wennet Greate Pier en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.29491
Greate Pier wie ôfgryslike sterk. Op in kear wie er op 't lân oan 't ploeijen, doe kamen der guon by him. Dy fregen: "Hwer wennet greate Pier?" Doe stuts Pier de ploege rjocht foar him út en sei: "Hjir stiet er en dêr wennet er."
nl.verhalenbank.29651
Myn omke wenne op 'e Oastersingel yn 'e Westerein. Alle jounen kaem der in great ljocht op him ta en dat gong dwars by him troch 't hûs hinne. In skoft letter moest it hûs der ôf, doe kaem de trein dêr en dy kaem krekt to riden oer de froegere founeminten fan it hûs. Dat hie dus dat greate ljocht west.
nl.verhalenbank.29737
Ik praette ris in kear mei in frommes, dat wie al op jierren. "Froeger Japik," sei se, "kamen wy us yn in hûs to wenjen dêr woe oars net ien yn. It gong dêr altyd bot oan wei yn dat hûs, alles wie altyd stikken en los. Sy wienen allegear bang foar dat hûs. Wy kommen der yn. Myn man kreaze der alles op. Hy koe sels hwat timmerje en 't knapte alhiel op. Mar...
nl.verhalenbank.23565
Greate Pier wie o sa sterk. Op in kear wie er op it lân oan 't ploeijen. Doe kamen der guon by him. Dy fregen him: "Hwer wennet greate Pier?" Doe hie er de ploech optild en dêrmei syn hûs oanwiisd. En hy hie sein: "Hjir stiet er en dêr wennet er."
nl.verhalenbank.29935
Trije jonges fan in jier of fyftsjin kamen ris thús fleanen. Hja wienen alhiel forslein. Hja hienen op 'e Ikkers in kroade sjoen dy kaem út himsels op har ta. En dêr siet in lyts mantsje yn. Dat wie de duvel. En dy hie hiel bot flokt en ketterminte.
nl.verhalenbank.37316
Sipke fan Minderts Antsje, as dy ûnderweis wie, dan wie der in pleachbeest, dat reizge mei him op. It seach der út as in dikke swarte houn. Dat beest kom op 'e polderdyk ûnder de Tike by him en begeliede him oan 'e doar fan har hûs ta yn Sumarreheide. Sipke wie bang foar dat beest. It gebeurde ek faek, as hy thús kom, dat er by de doar keard woarde troch...
nl.verhalenbank.33359
Wy ha hjir njoggen en fjirtich jier yn dit hûs wenne. Auke Bottema wie de boer, dy't hjir njonken ús wenne. Dy sei us in kear tsjin ús: "Der stiet in great ljocht by jimme op 'e hoeke." Hy hat gelyk krigen. Dêr stiet nou in lantearne by de hekke, dy't de hiele nacht trochbrânt.
nl.verhalenbank.23403
Anders Feltsje kaem us op in nacht by de faem wei. Dy faem wenne yn 'e Westerein. Hy wie noch mar in eintsje ûnderweis, doe kaem der him in hiele grouwe koalle fjûr op side. Dy gyng mei him oan 'e doar ta. As hy hurder roan, dan gyng dy koalle fjûr ek hurder. (feltsje is in bynamme)
nl.verhalenbank.22125