4,326 datasets found
Dutch Keywords: heks toverij
Hindrik Mulder syn mem to Houtigehage oan 'e wyk wie in tsjoenster. Sjut, de mem fan Siis Veenstra, wie ek in tsjoenster. (Langewyk)
nl.verhalenbank.33326
Hepke Nút wenne ûnder Feansterheide. It wie in tsjoenster.
nl.verhalenbank.27491
Doe't ik yn 'e wurkforskaffing siet wie der ek ien, dy kom fan Burgumerheide. Dy sei, der wie by harren in tsjoenster, dy kom altyd by harren yn 'e gedaente fan in kat. Mar dan struiden se moal op 'e drompel, dan koe dy kat net by har yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.17129
Minne Ael wenne by de Swâdde. Dat wie in echte tsjoenster. Dêr wienen se allegear binaud foar. Ien dy't se bitsjoene woe, hat ris tsjin har sein: "Smoarge, âlde duvel, dû kryst my net!"
nl.verhalenbank.33680
Tsjoensters komme troch 't slotsgat.
nl.verhalenbank.25811
Se seinen froeger, de tsjoensters rieden samar troch de loft op in biezemstok.
nl.verhalenbank.27800
Der wenne noch in oare tsjoenster flak by ús. Dat wie ek in echten-ien. Dy liet de mûzen samar dounsje oer de flier. Dêr wienen de lju ek allegear bang foar.
nl.verhalenbank.33838
Alle tsjoensters kinne har yn katten foroarje.
nl.verhalenbank.33190
Yn 'e Bûtenpostumer mieden wenne in tsjoenster. As dy der yn 'e nacht op út teach, dan liet se de pânse achter.
nl.verhalenbank.28211
Froeger wenne hjir op 'e Tike yn 't hûs njonken dat fan Sjoerd Dykstra in tsjoenster. Dat wie Piters Hindrikje. Hjir wenne doe in postloper yn Nyegea, dat wie in Drint, hy praette krûm. Oege Daan hiet er. 't Wie in forwoesteling. Hy kom by Hindrikje en sei tsjin har: "Bliksem, Hindrikje, tsjoenstû?" Doe sei Hindrikje: "Né, mar sy forgunne my it brea." Mar...
nl.verhalenbank.29456
Alle Tet koe in keppel beesten sa oerstjûr meitsje, dat der gjin hûs mear mei to hâlden wie. Men moest har dan hwat yn 'e hannen stopje, dan makke hja se wer rêstich.
nl.verhalenbank.22339
Hanne Kramer (= Hanne de Vries) wie in tsjoenster. Hy fortelde der wolris hwat oer. Hy sei: "As tsjoensters geane wy meielkoar nei Lieverdeloo, dêr hâlde wy avondmael. Dan binne it Fokke Sjouk en Piters Willemke dy't tafeltsjinje (Fokke Sjouk en Willemke wienen ek tsjoensters fan 'e Westerein). Hanne Kramer koe eintsjes fleane. Dat wisten alle minsken...
nl.verhalenbank.34570
Alle Tet wie ek in tsjoenster. Us mem hat twa jonges forlern. Dat wie Alle Tet har wurk.
nl.verhalenbank.22031
Achter Kollum stiet in pleats dêr't nou Vogel op wennet. It is de Terppleats. Dêr hat yndertiid in boer op wenne dy makke altyd hiele dikke foeren hea yn 'e ûngetiid. As se jouns mei trije foeren hea thús kamen, dan koenen dy trije foeren net troch de skuorredoarren. De boerinne koe mear as in oar. De hynders waerden foar de wein wei helle, de foeren hea...
nl.verhalenbank.16989
Piters Willemke fleach op 'e biezemstok troch de loft.
nl.verhalenbank.33132
Om 'e sawn jier matte de tsjoensters ien deatsjoene, oars geane se der sels oan.
nl.verhalenbank.19928
Docht men duveldrek ûnder 'e drompel, dan kin de tsjoenster dêr net oerhinne komme.
nl.verhalenbank.27811
Romke Maei wie ek in tsjoenster. Dy wenne ek op 'e Wâl. Dy hat hiel hwat krânsen yn 'e kessens tsjoend. Har eigen soan hat se deatsjoend.
nl.verhalenbank.17078
Wy hienen altyd duveldrek ûnder 'e drompel. Ik ha 't wol dronken. 't Wie om 'e tsjoensters. Wy hellen it út 'e apteek to Kollum. 't Wie raer guod. It kroppe hyltyd wer op.
nl.verhalenbank.28061
't Wie by ús yn 'e Harkema de gewoante dat de bern duveldrek op it boarst droegen fanwege de tsjoensters.
nl.verhalenbank.27804