3,931 datasets found
Dutch Keywords: duivel Place of Narration: Harkema
Alde Sikke Helder kom wol us by Ruerd van der Veen to jounpraten. Wylst Sikke dêr siet, waerd der soms op 'e doar kloppe. Dan sei Ruerd: "Ik mat der even út." Dan wie der ien, dy joech him sa'n wân op 'e bealch, dat hy raesde it út. Sikke het him wol kjirmjen heard. Dat wie de duvel, dy't dan mei him ôfrekkene.
nl.verhalenbank.17383
Us mem sei altyd: Bargen binne fan 'e kweade, it binne Satansbeesten.
nl.verhalenbank.16080
Frijmitselers ha in forboun mei de duvel. Sy matte der nachts faek op út. Der lekt neat fan út hwat se om hâns ha.
nl.verhalenbank.28923
Wibe Alma wie yn syn jonge jierren in raren. De duvel hat him us oer de Lange Wyk hinne smiten.
nl.verhalenbank.17380
Mike Ruerd (= R. v.d. Veen) wie de raerste fan 'e Harkema. Hy wraksele wit hoe faek mei de duvel.
nl.verhalenbank.27295
Hindrik Ophuis wie kammeraet mei Ruerd van der Veen (Mike Ruerd woarde er altyd neamd), de beide raersten fan Harkema. Alde Willem Bos wie der ek faek by (de skoanheit fan Albert Land). Mike Ruerd is al ris troch de duvel smiten woarn.
nl.verhalenbank.12320
Frijmitselers hienen in wikseldaelder. Dy wikseldaelder wie fan 'e duvel ôfkomstich.
nl.verhalenbank.25801
Jan Baerdtsje (= Laanstra) wenne yn Stiensgea. Alle moarnen moast Jan út Stiensgea wei nei it brechje ta rinne fan 'e Feanster feart - hy roan krekt oer 't brechje hinne en gong dan werom. De kweade woe dat sa ha.
nl.verhalenbank.25530
Douwe Hopperus hie jierrenlang yn 'e Oast west. 't Wie in raer man. Hy sei, 't koe him neat skele, of er libben of dea wie. Op in kear siet er yn 'e Westerein yn in kroech. 't Gong op in sûpen en flokken. Hy sei: "Nou wòl 'k joun fechte, as wie 't ek mei de duvel." Hy wie noch mar krekt op 't paed, of dêr kom al ien njonken him. Mar hy koe net sjen hwa of...
nl.verhalenbank.17387
Yn Hurdegaryp wie in greate hekke, dy stie altyd iepen. Dienen se him ticht, dat joech neat. Hy gong altyd fansels wer iepen. Dat sil de duvel wol dien ha.
nl.verhalenbank.27298
In wikseldaelder is in daelder, dy rekket noait op. Jo krije him fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.26356
Ruerd van der Lei wie koopman yn hinnen en kninen en sa yn 'e Harkema. As er freed-to-moarns nei stêd ta gong en Taeke Alma syn spultsje passearde, dan stie de hekke dêr altyd iepen, wylst it fé doch yn 't lân bleau. Dat bruide der noait in kear út. De hekke woardde jouns ticht dien, mar moarns stie der altyd wer iepen. Dat mat wurk fan 'e duvel west ha.
nl.verhalenbank.16832
By âlde Bouke Schievink slepte ien fan 'e soannen yn 't achterhûs. De doar hied er op slot dien. Hy soe op bêd en klaeide him út. Doe woardde de doar ynienen heftich iepensmiten. De jonge gong der ôf - hy wie net bang - en hy smiet de doar wer yn 't slot. Mar hy lei noch mar krekt wer of doe woarde de doar wer iependien. Dit wie wurk fan 'e boaze. De...
nl.verhalenbank.16831
De duvel hat hjir yn Fryslân ergens al us oer de feart sprong en doe is de print fan syn hynstepoat achterbleaun. Dat mat noch to sjen wêze.
nl.verhalenbank.23928
Ruerd van der Veen to Harkema lei soms achter 't fé mei in nekke sa dik as in pot. Dan hied er mei de duvel fochten. Op in kear kom der in buorman by him oan 'e doar. "Hwer is Ruerd?" frege er it wiif. "Dy slacht achter mei de duvel om", antwurde se.
nl.verhalenbank.15535
Alde Sije hie him oan 'e duvel forkocht. Hy wenne yn Houtigehage. As er sinten ha moest, dan krige er se.
nl.verhalenbank.25807
Wibe Alma is de soan fan Albert en Tet. Hy leeft noch. Froeger wied er birucht, sy wienen allegear bang foar him. Op in joun wied er thúskom, doe wied er noch feint. Hy soe ite. Mar de duvel stie by him. Dy joech him de foarke yn 'e hân. Doe bigongen se to fechtsjen. 't Gong der ôfgryslik oan wei, krekt as kom it hûs fan boven.
nl.verhalenbank.22100
Hy hie in soan, dat wie Sibe. (in omke fan myn wiif) Dy wie ek al neat better as de âld man. Dat wie ek in maet fan 'e duvel. Op in kear lei Sibe-om dronken oan 'e Lange Wyk. 't Wie joun. Skoanmem hat mei west om him op to heljen. Mar it like sa raer doe't se der kommen, dat net ien hie nei him ta doarst. Hy hie in beamke ôfdraeid, dat lei njonken him. En...
nl.verhalenbank.17384
Piter Alma mei nòch ien fan 'e Harkema wienen togearre to murdzjen. Doe kommen se by 't kleaster. Dêr gongen se achterút. Se gongen skean de paden oer en stapten oer in bartsje, dat oer de sleat lei. De houn soe der ek oer, mar dy bleau der foar stean en bigong to janken. Hy pipe 't út. "Hark ris," sei Piter, "dit doocht net." "Hwat soe der wêze?" sei de...
nl.verhalenbank.22261
Der wienen trije man: Tseard van Dekken, Wander de Boer en Pier Alma, dy sieten yn Stiensgea yn 'e kroech. It wienen alle trije greate spotters en sy bisluten om dêr 'avondmael' to hâlden, hwant dat dienen se dy jouns ek yn 'e tsjerke. Mar sy binne dy jouns raer thús kom. Sy waerden ûnderweis alle trije troch in ûnbikende slein en omseame.
nl.verhalenbank.16927