2,753 datasets found
Dutch Keywords: duivel Place of Narration: Burgum
Jehannes van der Zee wie fêste arbeider by Sjoerd Bonnes. It wie in losbandich man. Doe is er troch de duvel smiten woarn op 'e Harsteloane, dat it in ôfgrys wie. Letter is Jehannes bot foroare. De Harsteloane is er noait wer delgong.
nl.verhalenbank.17132
Der binne plakken groun, dêr wol niks op groeije. Dan is dêr hwat yn 'e groun. Dat is fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.38142
Der binne huzen, dêr sit in gat yn, dat noait ticht kin, dat altyd wer iepen is. Ik ha 't gauris heard. Dêr hat de duvel mei to meitsjen.
nl.verhalenbank.31194
Der binne dieren, as men dêr op sjit, dan sjit men se altyd foarby. Sokke dieren binne kûgelfrij. Dat hat hwat mei de duvel to meitsjen.
nl.verhalenbank.29672
Doe't heit ûnder tsjinst wie hienen se as soldaten us in "ûnderonsje". Ien sei, hy soe skoppenboer fuortsjûre om in flesse drank, en hy spruts mei syn maet ôf, dy soe de flesse oankrije. Heit wie der by. Mar doe't it safier wie doarst dyselde de flesse net oan to krijen. De flesse stie achter de doar. Doe wie dyselde, dy't de lege flesse fuortsjûrd hie...
nl.verhalenbank.17130
It is nou miskien 70 jier lyn, doe haw ik de duvel sjoen. It wie yn 'e gedaente fan in kabouter. Ik wie in jonkje. Twa bruorren wienen by my. Dy kabouter sprong al mar oer de kop. It forjit my noait.
nl.verhalenbank.31231
Mei Klaverboer kinne guon in flesse drank komme litte. Dy drank komt fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.29680
Ik haw in kammeraed hawn, dy syn heit, dat wie in raer man. Dy koe 't net folle skele hwat er sei. En hy mocht sa graech in slokje, dat hy wie hast altyd dronken. Op in kear kom er wer út 'e herberch. Hy wie smoardronken. Syn soan wie by him. Hja rounen de Simmerdyk del. Doe woarde dy man samar ynienen optild en in ein fuortsmiten. Dat hat de duvel dien....
nl.verhalenbank.38129
Wienen guon yn 'e Westerein bang dat de duvel har krije soe, dan seinen se njoggen kearen achter elkoar: "Fuort, âlde duvel, dû krigest my net." Dan koe de duvel har net krije.
nl.verhalenbank.38170
Op 'e Nijebrêge wenne in âld wiif, dat tsjoene koe. Doe't se fuortgong ha se har de nekke omdraeid. Dat wie fansels it wurk fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.29683
Adam Hurdrider ried oer it iis fan 'e Snitser mar. Net ien dy't hurder ride koe as hy. Doe hearde er ien achter him streekjen. Dêr koe Adam Hurdrider net oer, dat ien him ynhelle. Soks wie er net wend. Dat hy bigoun hurder to riden. Mar dy oare ek. It streekjen fan dy oare hearde er hyltyd noch deun achter him. Doe ried Adam op 't allerhurdst, hwant dy't...
nl.verhalenbank.31386
Guon ha in wikseldaelder, dy't se fan 'e duvel krije. Sokken binne oan 'e duvel forkocht. In wikseldaelder rekket noait op.
nl.verhalenbank.31192
Us Jan-om wie oan 'e drank. Hy wie noch feint en tige los. 't Koe him net folle skele hwat er sei. Mar op in kear, op in joune let, doe moest er ien fan 'e Heidkampen oer. Doe hat er hwat sjoen. Hy seach in knyntsje, dat by him kom. As hy fierder gong, gong dat knyntsje ek fierder. It wykte net by him wei. Hy skopte der nei, mar hy koe't net kwyt wurde....
nl.verhalenbank.27557
Der wie in man dy hie och sa'n forlet fan jild. Doe kaem de duvel by him, dy sei: "Dû kinst wol jild fan my krije. Sjoch," sei er, "dan jow ik dy in ammerfol jild mei in dikke kop der op. Mar binnen safolle jier mat ik it ammerfol jild wer ha. Dan hoeft der net in kop op to sitten. Oars is dyn siele foar my." De man sette in amer klear en de duvel smiet...
nl.verhalenbank.31291
Ik ha wol gauris fortellen heard dat de duvel wolris oer in brede feart hinne sprong is en dat er dan de print fan syn hynstepoat yn in stien achterliet.
nl.verhalenbank.29685
In broer fan dy jonge hat by ús mem en dy yn 'e kost west. Earst wied er by syn broer yn 'e kost. Mar dêr kaem altyd in nachtmerje by him. Dy kaem earst by syn fuotten en kom sa stadichoan omheech. Op 't lêst hie se him by de strôtte. Dan smoarde er binei. Doe woe dy jonge dêr net langer bliuwe. Hy sei tsjin 'e nachtmerje: "Forrekte âlde duvel, ik krij dy...
nl.verhalenbank.38162
Myn âldste broer wenne by beppe yn Burgumerheide. Hy helle alle kattekwea út, yn 'e nacht gong it op in hôfkesjongen, ja en der gebeurden ek noch wol slimmere dingen. Op in nacht hie er wer hwat útheefd, doe wie er op wei nei hûs ta. Doe stie der ynienen in hiele greate swarte houn foar him. Hy koe foar- noch achterút en wie deabinaud. Dat hat de duvel...
nl.verhalenbank.31230
Myn âlden wienen grifformeard en tige op it kaertspyljen tsjin. Piter wie de soan fan Siis en Fykje. Dy wie bot oan it kaerten forslaefd. Mem fortelde, de kaerten gongen jouns mei him op bêd. Dan leinen se ûnder syn holkessen. Yn 'e nacht gong it kessen samar fansels omheech en waerd syn holle omheech stompt. De duvel die dat, dy siet yn dy kaerten. Der...
nl.verhalenbank.31225
Yn Burgum is it wol meardere kearen gebeurd dat der ien smiten woarde. Sokken sieten dan earst yn 'e kroech en seinen dat se nergens bang foar wienen. Oaren seinen tsjin sa'n ien: "Jonge, tink der om, dû mast nei hûs ta." Dan sei er: "Ik bin foar gjin duvel bang." Even letter, út 'e herberch, woarde hy smiten links en rjochts, fan 'e iene kant nei de oare.
nl.verhalenbank.27646
Frijmitselers binne minsken dy't in forboun mei de duvel ha. Jild ha se altyd genôch om hannen. Om 'e safolle jier mat der ien dea. Dy is dan foar de duvel.
nl.verhalenbank.31187