5,441 datasets found
Dutch Keywords: duivel man
Op it Jan Koartslân oan 'e Swarte Wei to Eastemar hat de duvel in sikere Jan de holle omdraeid.
nl.verhalenbank.19790
Bouke Schievink fan 'e Harkema kom froeger faek by ús to jounpraten. Ik wie doe noch in jonkje. Ik wyt noch dat er fortelde dat de duvel mei him oproan en him út en troch de tosken sjen liet.
nl.verhalenbank.24229
Oude Sweitse die reed met de honnekarre. 't Is al heel lang leden, wel tachtig joar. Hy fertelde: ik was us op in ploats, doe bleven de honnen stoan. Ik kon niet ferder. De duvel keerde me. "Wat duvel, silstû mij hier keren?" sei ik. Doar ging ik weer heen.
nl.verhalenbank.24403
Alde Freark Prûk woarde ek wol neamd de duvel fan Earnewâld. Doe't er tachtich wie is er nei Amerika forhuze.
nl.verhalenbank.24923
Doe't wy as jonges noch by ús heit en dy yn 'e hûs wienen, gong it der wolris hwat oan wei. Dan wienen wy wolris hwat oerhearrich. Op in kear wie 't slimmer as oars, wy wienen net mear yn 'e touwen to hâlden. Doe kom dêr samar ynienen in man ta de keamer yn mei in krûm pypke yn 'e mûle. Wy woarden allegear stil en wienen sa deabinaud, dat wy fleagen troch...
nl.verhalenbank.17135
Jan Baerdtsje (= Laanstra) wenne yn Stiensgea. Alle moarnen moast Jan út Stiensgea wei nei it brechje ta rinne fan 'e Feanster feart - hy roan krekt oer 't brechje hinne en gong dan werom. De kweade woe dat sa ha.
nl.verhalenbank.25530
Op in kear wie Hinse Jehannes de Boer thúskom, doe hie er allegearre smetlapen oan 'e kop hawn. Doe fregen se him hoe't er dy krigen hie. Hy wie aerdich hwat boppe syn théwetter. Doe sei er: "Ik ha mei de duvel oan 't fechtsjen west." Hy focht wol faker mei de duvel. Dan koe men him wit hoe fier razen hearre.
nl.verhalenbank.33791
Egbert Sint wie ek in raren. Dat wie myn pake. Hy wenne ek yn 'e Harkema. Se seinen dat er in wikseldaelder hie. Hy wie oan 'e duvel forkocht. Ik ha dy wikseldaelder net fan him erfd.
nl.verhalenbank.28092
Alde Sije hie him oan 'e duvel forkocht. Hy wenne yn Houtigehage. As er sinten ha moest, dan krige er se.
nl.verhalenbank.25807
Wibe Alma is de soan fan Albert en Tet. Hy leeft noch. Froeger wied er birucht, sy wienen allegear bang foar him. Op in joun wied er thúskom, doe wied er noch feint. Hy soe ite. Mar de duvel stie by him. Dy joech him de foarke yn 'e hân. Doe bigongen se to fechtsjen. 't Gong der ôfgryslik oan wei, krekt as kom it hûs fan boven.
nl.verhalenbank.22100
Freark wie in keardel, dy wenne op 't Bûtenfallaet. Op in kear gong er in stik lân del. Iderkear seach er hwat skean achter him. Dat doochde net en Freark waerd binaud. It swit stie him yn 't hier. Der wie in gedaente dy folge him. Mei in skeane kijk achterom gong Freark fierder. Hwat hurder hy roun, hwat hurder dy man. Guon miene dat it syn skaed west...
nl.verhalenbank.29646
Der kaem pake ris in jonge tsjin op in joun yn Twizelerheide. Dy jonge sei tsjin pake: "Tink der om, jo matte dêr net lâns gean, hwant de duvel stiet dêr yn 'e dykswâl." Der wienen mear minsken dy't dat mienden. Mar pake hat der noait hwat fornom.
nl.verhalenbank.32667
Jehannes van der Zee soe op in moarn nei de boer ta. Doe roan der ien mei him op. It like raer. Jehannes wie in rûch man, 't koe him neat skele hwat er sei. "Hwa bistû?" sei er. Mar dy oare sei neat. "Hwa bistû?" sei Jehannes noch ris wer. De oare sei noch neat. Hwa bistû, duvel? sei Jehannes doe. Doe krige dy oare Jehannes beet en hy woarde in hiel ein...
nl.verhalenbank.33366
Der hat yn 'e Harkema in keardel wenne dy wie nergens bang foar. "Ik bin foar gjin duvel bang", sei er. Doe moest er op in kear de Skoltepaden lâns. Dêr stie de duvel op in houtsje. Dy hat him opkrige en in hiel ein fuortsmiten.
nl.verhalenbank.37317
"In nachtmerje," sei myn skoansuster, "dat is de duvel, dy't by jin komt." Dêrtroch wurde wy sa binaud as wy miene dat wy de nachtmerje ha. Meastal komt der in nachtmerjeman by in frommeske, en in nachtmerjefrommeske by in man.
nl.verhalenbank.20721
Alde Sibe Gealtsje Sibe fortelde: Ik ha mei de duvel oan 't fechtsjen west. Dat wie op in joun. Doe hie 'k mei 't wiif to biklaeijen west. De duvel wie in beamke.
nl.verhalenbank.33013
Mem fortelde, der sieten ris guon to kaertspyljen. Ien fan dyselden woarde samar stiltsjes wei. Dat wie de duvel.
nl.verhalenbank.33007
Rapke Tuinstra woarde troch de duvel yn 't wetter smiten.
nl.verhalenbank.15538
Hart Boonstra (byneamd H. Dekker) wenne op 'e Sumarreheide. Sy seinen, hy hie him oan 'e duvel forkocht, hwant hy hie altyd wol sinten en hy die noait in slach.
nl.verhalenbank.23114
Op 'e Feansterheide stie us in frou by de wasktobbe. Doe wie der in hiel lyts swart keardeltsje oankom, en dat wie flak foar har stean bleaun. Hja hie stjerrend-binaud woarn en hja hie gau sein: "Gean mar fuort, duvel, hwant ik hâld it mei ús leaven Heare." Doe hie 't fuort west.
nl.verhalenbank.26240