4,422 datasets found
Dutch Keywords: dood Place of Narration: Twijzelerheide
Doe't myn frou stoar hie se ek alles al fan tofoaren sjoen. Hja wie doe útfanhûs by har dochter yn Bûtenpost.
nl.verhalenbank.34462
As in tsjoenster dea is, is 't in slap popke. Us mem hat yn 1918 mei de Spaenske gryp in tsjoenster ôflein. Se woarde net stiif en bleau like slap as in flarde.
nl.verhalenbank.10688
Ik haw in frou kend, dy seach wit hoe faek in lykstaesje. Dan woarde se optild en oan kant set. Hja libbet noch en wennet yn 'e Westerein. Hja hat twa kear de man forlern en noch fiif bern.
nl.verhalenbank.28701
Ik hie in wart op 'e hân en dy woe ik graech kwyt. Ik hie heard dat, as men der mei tsjin in lyk oan struts, dan gong de wart fansels fuort. Doe gebeurde it, dat ús buorwyfke forstoar. Ik gong der hinne en struts har mei de hân oer 't wang. "O heden," sei Tsearde Antsje ( = Antsje Veenstra-Bruining B65-168,169), "dat mat men noait dwaen, hwant in...
nl.verhalenbank.21982
Wy mochten thús net neilknippe op snein, hwant, sei heit letter, as wy dea wienen moesten wy al dy stikjes neil wer opsykje en byelkoarfandelje.
nl.verhalenbank.34483
Om 'e sawn jier mat in tsjoenster ien deatsjoene, oars giet se sels dea.
nl.verhalenbank.38650
Kij Plantinga fan Hiltsjemuoiwâlden is myn skoanheit. Dy syn skoansuster, Hiltsjemuoi, wennet oan 'e greate strjitwei by de Koaten. Hiltsjemuoi wyt mear as in oar. Yn 1936 krigen wy in famke, dat woarde dea geboaren. Wy kamen faek by Hiltsjemuoi, dat ik gong dêr hinne om it to sizzen. Sa't ik der by har stie - ik hie noch neat sein - doe sei se: "'t Is...
nl.verhalenbank.34461
As in houn spokgûlt, is der in sterfgefal op til. Soms giet er lizzen foar de doar fan deselde, dy't gau stjerre sil. Wy ha 't faek meimakke.
nl.verhalenbank.28449
By de Spoarbrêge matte twa famkes forsûpt wêze. Letter kuijeren dy beide famkes jouns op 'e spoarbrêge. Guon ha se dêr rinnen sjoen.
nl.verhalenbank.34467
Ritske Bottema wie ek frijmitselder. Dy hie in winkel yn 'e Westerein. In frijmitselder hat in kontrakt tekene mei de duvel. Om 'e trije jier timmerje se. Se kinne noait wer by de frijmitselderij wei. Dan matte se der sels oan. Alde Piter Wouters mat in freeslik útein hawn ha. Yn ien ûre hat er mear útstien as in oar minske yn in hiel libben.
nl.verhalenbank.22007
As in spegel delkomt, komt der binnen seis wiken in sippe deaden.
nl.verhalenbank.21986
Knipte men op snein de neils ôf dan moest men letter, as men dea wie de stikjes neil allegear wer opsykje.
nl.verhalenbank.37667
Men mat noait winskje dat it lyk fan ien fan jin neisten moai is. "Hwat raerder it liket mei in deaden," plichte ús mem to sizzen, "hwat better men der fan ôfsjen kin."
nl.verhalenbank.21985
Hjir tichteby, yn in sleat, is ris in famke forsûpt nêst in goed sechstich jier. Letter spûke it op dat plak.
nl.verhalenbank.38626
Ien dy't op it stjerbêd hwat oan him hie, dat op snein naeid wie, dy koe net ta stjerren komme
nl.verhalenbank.22160
Tusken Harkema en Surhústerfean by de feart, sahwat by Buma, ha se trije kear 'Help!' roppen heard. Mar dêr wie net in minske to sjen. Letter is dêr de frou fan Marten Veenstra yn 'e feart rekke. Dat wie sahwat sawn, acht wiken letter. Dy is dêr doe forsûpt. Dat minske hat doe ek om help roppen.
nl.verhalenbank.10677
In wearwolf is in forbastering fan in houn en in minske. It is in minske dy't dea is. Dy syn siele krijt gjin rest. Hwant hy hat oars neat as forkeards dien. Dat docht er nei syn dea nòch. Hy hat it gesicht fan in minske, mar it gedrach fan in wolf. Hy raest ek as in wolf. Hy mat de boel forniele. As der in skiep forskuord wie krige de wearwolf de skuld.
nl.verhalenbank.34473
As der ien stoarn wie en dy hie noch in bigearte, dan oppenearre sa'n ien him letter. Dan moesten se datselde, hwat er bigearde, op it graef dellizze. 't Wienen yn 'e regel klean.
nl.verhalenbank.28439
Ik ha in lyts fanke forlern. Doe't it sa fier wie, koe it net ta stjerren komme. It hie in lyts skuorke op 'e rêch yn 't nachtjakje, dat op snein byelkoarhelle wie. Wy moesten yn 't nachtjakje knippe. Doe koe 't bern stjerre.
nl.verhalenbank.20105
Frijmitselders ha de siele oan 'e duvel forkocht. Sy matte altyd timmerje. Om 'e sawn jier mat der ien fan dea. Dy't der ienkear by is, kin der net wer by wei.
nl.verhalenbank.22129