4,433 datasets found
Dutch Keywords: dood Place of Narration: Eastermar
Fan 'e frijmetselders mat der alle jierren ien dea.
nl.verhalenbank.35933
De neils, dy't men sneins knipt, mat men nei de dea wer allegearre opsykje.
nl.verhalenbank.12286
Oan 'e âldwei dy't fan Ljouwert nei Grins gong, yn 'e berm, sit it poepekrús. Dêr is in poep yndertiid formoarde woarn. Sûnt spoeket it dêr, sizze se.
nl.verhalenbank.35925
As de stienûle rôp, rekke der ien dea.
nl.verhalenbank.12280
Der wie us in soldaet, dy wie kûgelfrij. Doe die ien rogge yn 'e hagel, en dêr skeat er dy soldaet mei dea.
nl.verhalenbank.21739
As in fûgel it paedtsje fan in hûs lâns komt, dan bitsjut dat, dat der in deaden komt.
nl.verhalenbank.21864
Guon dy't mei de helm geboaren binne gean der yn 'e nacht op út. Dy witte altyd fan sterfgefallen foarút.
nl.verhalenbank.36175
As der in gewicht fan 'e klok foel bitsjutte dat dat der yn 't koart in deaden komme soe.
nl.verhalenbank.28377
't Gebeurt wol ris, dat ien net stjerre kin. Dan hat er yn 'e regel klean oan, dy't op snein makke woarn binne. Dy matte dan earst út.
nl.verhalenbank.29322
As hounen spûkgûle sil der ien stjerre. Ek as de eksters om 't hûs hinne skatterje.
nl.verhalenbank.36174
Moosi en Sjampi kommen to Smilde, dêr seagen se de televisy-mêst. Sjampi sei tsjin Moosi: "Doarstû dêr wol boppe fan ôf to springen?" "Né," sei Moosi, "mar ik doar der wol by op to klimmen." "Dat mast net dwaen," sei Sjampi, "hwant ast foelste, dan wiest kroandea." "Welné," sei Moosi, "dat foel hwat ta. As ik foel, dan stuite ik earst wol trije kear."
nl.verhalenbank.33635
Inkelde bloeddrippen (3) dy't falle, jowe in deaden yn 'e famylje.
nl.verhalenbank.21806
As jy dreame fan in bigraffenis, dan komt der brulloft.
nl.verhalenbank.20078
As der yn 'e nacht eksters op 'e naed fan 't hûs omskatterje, dan komt der yn dat hûs gauachtich in deaden.
nl.verhalenbank.20494
Foar it Jan Koartslân wienen se ek altyd hwat skruten. Dêr hat in man him ophinge en sy sizze ek wol dat de duvel him dêr de holle omdraeid hat.
nl.verhalenbank.32809
Ik wie goed twintich jier. It gebeurde op it Swartkrús yn 1883. Ik hie om boadskippen west. Ik stapte oer de hekke en sette earst it doekje mei boadskippen del. Doe seach ik in deakiste mei in wyt ding foar de hekke stean. It wie tusken Swartkrús en Jistrum. Even letter bigong it wite ding to sweven, doe letter de kiste ek. (it wie in wyt ding as in...
nl.verhalenbank.21915
By de Hegewei to Aldegea binne twa âlde minsken yndertiid formoarde woarn. It wienen Dolstra's dy't it dienen, in heit en in soan. De iene hiet fan Lammert. De hannen fan deselden dy't formoarde woarden stienen op 'e muorren. It bloed woe der mei gjin mooglikheid wer ôf. 't Is altyd op 'e muorren sitten bleaun. Us heit hat plysje west yn Aldegea, dy hat...
nl.verhalenbank.12516
Yn hiel âlde tiden gebeurde it, dat de ierde skuorde troch in ierdbeving. Der moest in minskeoffer brocht wurde oan 'e fjûrgeast, dy't ûnder 'e skuor húsmanne. Dan joech er him wer del. Oars kom der noch mear ûnheil oer it lân. Mar der wie net in minske to finen, dy't dêr syn leven ta opofferje woe. Doe kom der in ruter oan riden. In tige knap jongfeint...
nl.verhalenbank.20071
Yn Twizel, tichte by de âld-tsjerke stiet in plaets, dêr is ris ien formoarde woarn troch in sekere Rispens. Dêr is bloed yn 'e planken fan 'e flier rekke en dat bloed kinne se dêr noait wer wei krije.
nl.verhalenbank.29323
Wy hienen in âld buorfrou, dat wie Minke. Dy wie siik. Op in kear sei heit: "Hear dy katûle ris roppen. It komt net goed mei Minke." Heit krige gelyk. Minke is al gau dêrnei stoarn.
nl.verhalenbank.28376