4,468 datasets found
Dutch Keywords: dood sterven
Fan 'e frijmetselders mat der alle jierren ien dea.
nl.verhalenbank.35933
Doe't myn frou stoar hie se ek alles al fan tofoaren sjoen. Hja wie doe útfanhûs by har dochter yn Bûtenpost.
nl.verhalenbank.34462
Boardzer Bruining, hjir fan'e Loane, kin faek fan tofoaren sizze dat der in sterfgefal komt.
nl.verhalenbank.28128
As jo op 't stjerren lizze en foartiid yn 'e hemel komme, foardat jo dea binne, dan lit it stjerren ek net lang mear op him wachtsje. Ast forkeard giet, dan stjerre jo der samar hinne.
nl.verhalenbank.24177
Ik ha ús mem nei har dea sjoen mei de deadsklean oan.
nl.verhalenbank.12359
As der ien stoarn is en it lyk stiet in snein oer, dan is der gau wer in deade.
nl.verhalenbank.11519
As eksters skatterje by 't hûs komt der in deaden.
nl.verhalenbank.36584
Hy fortelde it yn Eastemar. Dêr forstoar ridlik gau neitiid in kreamfrou, mar dy wie it net. Letter forstoar der wer ien, dy wie 't ek net. Nòch letter forstoar der foar de trêdde kear ien. Ek dy wie it net. De fierde dy't kaem to forstjerren, dy wie it. Dy wie troud mei in broer fan syn wiif. Mar dat barde earst twintich jier letter. Alles wie krektengelyk.
nl.verhalenbank.32490
Der hat in man yn 'e Westerein west, dy woe neat fan 'e trein wite. Hy sei: "Ik sil him keare." Doe gong hy der mei in kroade foar stean. Sa is er dea rekke.
nl.verhalenbank.36309
Trapet men in pod dea dan bigjint it to tongerjen. Dat woe ús mem net heal lije, dat wy dat dienen.
nl.verhalenbank.23916
Koe der ien net stjerre dan siet it him der faek yn, dat er hwat oan hie, dat op snein naeid wie.
nl.verhalenbank.25786
As in tsjoenster dea is, is 't in slap popke. Us mem hat yn 1918 mei de Spaenske gryp in tsjoenster ôflein. Se woarde net stiif en bleau like slap as in flarde.
nl.verhalenbank.10688
Hjir yn 'e Harkema wennen froeger guon dy koenen altyd krekt fantofoaren fortelle as der wer ien stjerre soe. Dy seagen de bigraffenis al fan tofoaren. Sokken wienen mei de helm geboaren.
nl.verhalenbank.29342
Telefoontjes uit het hiernamaals Sommige mensen beweren dat kort na het overlijden van een dierbare, de telefoon ging, en dan de overleden persoon aan de lijn was. Dit schijnt een fenomeen te zijn wat regelmatig voorkomt.
nl.verhalenbank.45869
Ik haw in frou kend, dy seach wit hoe faek in lykstaesje. Dan woarde se optild en oan kant set. Hja libbet noch en wennet yn 'e Westerein. Hja hat twa kear de man forlern en noch fiif bern.
nl.verhalenbank.28701
't Gebeurt wol dat in minske net stjerre kin. Dan wurdt der frege: "Hat se ek klean oan, op snein makke?" As dat it gefal is dan dogge se in knip yn 'e klean. Oars, seit men, wolle de siken der net út.
nl.verhalenbank.23867
As der ien stjert, dêr't in kanarjefûgel by is, dan wol it dierke net wer sjonge. Krekt as rouwet it dan.
nl.verhalenbank.33724
Frou Pander seach altyd fan tofoaren as der guon dea gean soenen.
nl.verhalenbank.17030
As in lyk in snein oer stiet, is der binnen 6 wiken yn dyselde famylje wer in lyk.
nl.verhalenbank.12388
Ek spûkgûlden de hounen fantofoaren.
nl.verhalenbank.21018