101 datasets found
Place of Narration: Twijzel
Op in joun soenen heit en mem to praten nei 'de laatste Stuver'. Heit hie de hountsjes meinom. Dat die er altyd as er jouns to praten gong. Hwant der koe ris in murd wêze ûnderweis. (Hy die neat leaver as murdejeije.) Doe gebeurde it dat de beide hountsjes mei de sturt tusken de poaten by heit kamen. Heit en mem tochten: hwat sil dit bitsjutte. Doe seagen...
nl.verhalenbank.33522
Men mat nachts noait midden op 'e wei rinne, hwant dan kin men wolris oan kant reage wurde troch in lykstaesje.
nl.verhalenbank.33523
Heit kom wol gauris by Remmelt Kroes; dy wenne yn Kûkherne. Op in joun sei Remmelt tsjin heit: "Hark, dêr ropt ien. Hearst it wol Jehannes?" Doe hearde heit it ek. It kom út it wetter wei ta in pear kear ta. Doe stoar it lûd wei. In pear dagen letter fordronk der ien yn 'e Swette. Dêr hienen Remmelt en heit doe de lûden fan heard.
nl.verhalenbank.33521
Se ha dêr letter wol faker wylde lantearnen sjoen. It wie foartsjirmerij, hwant de wei woarde forhurde en doe kamen dêr nije huzen. De ljochtsjes dêr fan jouns, dat wienen de wylde lantearnen.
nl.verhalenbank.33520
Op in kear sieten der guon by har yn 'e kroech, dy seinen it raer op. Doe't se der út gongen woarde ien fan har samar opnom en fuortsmiten. Hy kom wer oerein. Mar doe woarde er dwars troch 't glês hinne smiten. Hy siet ûnder 't bloed, sa bot wie er skopt en slein woarn. Der hie in fremden west dy hie mei him wraksele. Dat wie de kweade. Dy hie him ek wer...
nl.verhalenbank.33534
Heit en mem gongen folle to jounpraten. Dan kommen se let yn 'e nacht werom. Mem fortelde, op in kear hienen se wer to jounpraten west. Se wienen ûnderweis nei hûs ta, doe gong heit even by har wei. Doe wie der in pleachbeest by mem kom, mar dat roerde har net oan. Efkes letter wie 't wer by har wei gong.
nl.verhalenbank.33530
Der wienen guon, dy wienen mei de helm geboaren. Dy moesten fan to foaren bigraffenissen sjen. De needsaek twong har ta 't bêd út. Sa'n man wie Knjillis Veenstra fan Twizelerheide. Hy wenne by 't spoar.
nl.verhalenbank.33524
Oan 't Wyldpaed wenne Rinse Loonstra. Dy seach fan alles foarút. Op in kear sei er: "Der brânt wer hwat op yn 't koart." Hy hie in spultsje brânnen sjoen. Doe't er dat sei woarden de minsken binaud, hwant hy sei der net by hokker hûs it wie. Koarte tiid dêrnei brânde it op.
nl.verhalenbank.33518
Myn suster tsjinne yn Kûkherne as faem. Op in nacht soe se mei Riemke Kroes werom nei Kûkherne ta. Hja hie dy deis efkes thús west. Underweis kom der in wylde lantearne op harren ta. Hja woarden deabinaud. De wylde lantearne passearre harren op in pear roeden distânsje. Hja hâldden elkoar stiif beet. Hwat neijer it kom, hwat banger se woarden. Mar myn...
nl.verhalenbank.33519
Op in kear wie heit mei noch ien yn 'e nacht oan 't murdejeijen tichte by 't tsjerkje fan Lytsewâld. Dy't by heit wie wie in Veenstra. Heit en hy gongen troch 't fjild mei de hountsjes. Doe seagen se dat der in lykstaesje fan 'e Goudberg kom. Dy passearre har en gong nei 't tsjerkje fan Lytsewâld. Se gongen oer de Stuver.
nl.verhalenbank.33525
Nachtmerjes kommen yn 'e nacht by de minsken. Se knypten de minsken de hals ticht, dat se hast gjin siken mear helje koenen. De lju dienen wol duveldrek ûnder 'e drompel, dan kommen se net fierder.
nl.verhalenbank.33531
As eksters skatteren kommen der praters, wie 't sizzen altyd.
nl.verhalenbank.33527
Beppe hie in kroechje yn Kûkherne. Dat wie mar in foech plaggehutte. Dêr kommen de polderjonges, dy oernachten dêr. It gong dan wit hoe faek op in fjochtsjen. Ien kear is dêr ien formoarde woarn ûnder 't fjochtsjen. Dy woarde deastutsen mei in mes. It bloed ha se letter net wer út 'e flier krije kind. Dat wie altyd sa mei it bloed fan ien dy't formoarde...
nl.verhalenbank.33533
Op in nacht wienen heit en Ouwe wer oan 't murdejeijen. Doe kom Ouwe by heit en sei: "Der is my niis hwat passeard." Dat wienen in stik of fjouwer, fiif famkes. Twa roannen foarop, dy hienen wite skelkjes foar. It bloed roan har by de skelkjes del. Dit gebeurde achter Hamsherne ûnder 'e Harkema, by in dykswâl. Se wolle wol ha dat dy berntsjes dêr...
nl.verhalenbank.33532
As de hounen bot gûlden dan sei heit: "Der gebeurt gau wer hwat." Dan woarde der mei gauwens wer ien fuortbrocht. Noait ha de hounen sa bot spûkgûld as yn 'e tiid fan 'e Spaenske gryp, dat wie yn 1918. Doe stoar de iene nei de oare.
nl.verhalenbank.33526
In swarte kat koe ek in tsjoenster wêze.
nl.verhalenbank.33569
Yn Jistrum hat in hûs stien, dêr seinen se fan: dat sil nochris opbrânne. Hwant ien hie it brânnen sjoen. It is letter ek opbrând.
nl.verhalenbank.33596
Der woarde froeger altyd sein: Rin by nacht noait midden op 'e wei. Der kin wolris in lykstaesje oankomme, dy't dy oan kant reaget.
nl.verhalenbank.28203
Sterke Hearke wie ris in kear op it lân oan 't ploegjen. Doe kommen der guon by him, dy fregen oan him of er har ek fortelle koe hwer't Sterke Hearke wenne. Doe krige Hearke de ploege yn 'e hân. Dy tilde er mei ien hân op en dêr wiisde er mei nei syn hûs en hy sei: "Sjoch, dêr wennet er." En doe sei er: "En hjir stiet er."
nl.verhalenbank.28015
By Liuwe Janke wienen de piken bitsjoend. Ek de kat wie bitsjoend. It beest lei oer de telle. Der woarde duveldrek helle. Der woarde de dieren koetsehout om 'e hals boun en duveldrek ûnder 'e poaten smard. Doe woarden de dieren wer better.
nl.verhalenbank.28001