Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
10 results
Place of Narration: Zwagerbosch
Stammerige Harm wie in fremd man. Hy wie altyd warber, en wie in bytsje ûnforskillich. Hy koe tsjoene seinen de lju. Tsjin 'e jonges sei er: "As jim ûndogens binne, kom ik joun by jimme, en dan sil 'k in âld roek by jimme ta de hurddobbe út komme litte. Se seinen dat er wolris soldaetsjes ta de hurddobbe út komme liet, en dy liet er dan marsjeare.
nl.verhalenbank.17096
Imke de Jong wie in bikwame bûksprekker. Hy hat us yn in stêd west, dy hie sawn poarten. De lju ha him op itselde momint troch alle sawn poarten tagelyk ta de stêd ynkommen sjoen. Hy liet by syn heit it fé op 'e stâl dounsje. Op it lêst hat syn heit him fuortjage.
nl.verhalenbank.16981
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Jowt men sa'n kat in optuter, dan is de tsjoenster de oare deis skeind. Der wienen tsjoensters, dy hienen popkes, dêr't se yn pripten. Dy't se bitsjoend hienen, krigen dan pine.
nl.verhalenbank.37718
Ik ha wolris heard dat hjir tsjoensters west ha, dy't âlde roeken ta de hurddobbe útkomme lieten. Dat dienen se mei in toverboek. Dêr lêsden se yn. Lêsden se itselde tobek, dan gongen de roeken wer ta de hurddobbe yn.
nl.verhalenbank.20894
Hjir hat in âld man wenne, dy koe tsjoene. Hy hie ien bitsjoend, dy lei op stjerren. Mar dyselde koe noait ta stjerren komme of earst moest de tsjoenster by him komme. Dy tsjoenster is doe sa hurd kom, dat hy sprong oer de ûnderdoar hinne. Doe't hy by de stjerrende forskynde, gong dy opslach dea. Sa'n tsjoenster mat der dan hinne. Hy fielt de drang. Dy...
nl.verhalenbank.20895
Dêr 't nou de greatste winkel is fan Sweagerbosk, dêr stie froeger in húske mei in grouwe beam der njonken. Yn dat húske wenne in âld man, dy koe tsjoene. Jouns roannen der gauris in stik of hwat katten om 'e beam hinne, en dy mar sjonge en mar sjonge. Wy jagen se wol fuort, mar as wy wer fuort wienen, wienen de katten der samar wer. Sy songen en sy...
nl.verhalenbank.17361
Op 'e Bûtenplaets tsjinne ien as feint. Dy koe tsjoene, seinen se. Hy wie der nachts altyd op út. Dan farde er mei in boatsje nei de oare kant ta. Op in kear, doe hienen oaren it boatsje nei de oare kant ta brocht op 'e joun, dan koe hy der net komme, tochten se. Mar de oare moarns bitiid lei 't boatsje al wer op it âlde plak. Doe wie men der fan...
nl.verhalenbank.16976
By de Swâdde lâns wenne Stammerige Harm. Dat wie in tsjoenster. Op 'e ein fan 'e Swâdde wenne in feint, dy hie by Stammerige Harm wenne en dy hie nachts ek by him sliept. Dy feint fortelde, hy wie midden yn 'e nacht wekker woarn. Doe lei der in pânse njonken him. Dy feint wie deabinaud. Hy doarst net wer sliepe. Doe't er sa in skoft wekker lein hie, kom...
nl.verhalenbank.20511
De tsjoensters tsjoenden krânsen yn 'e holkessens fan 'e bern. Ik ha 't ris meimakke, doe wie der ek wer in bern bitsjoend. De minsken makken it kessen iepen en doe hellen se der twa en in heale krâns út. Se wienen der op tiid by. Hienen der trije krânsen yn west, dan wie 't bern dea gong. It gebeurde hjir yn Sweagerbosk. Der sieten yn dy krânsen...
nl.verhalenbank.37717
Der wie in boer, dy hie trije feinten. Dy slepten alle trije yn 't bûthús. As se even lein hienen, dan kamen der in stik of hwat katten oer de tellegong yn 'e skuorre en dy makken dêr in stik leven, dat sy koenen der amper fan sliepe. De trije feinten woenen wol us wite hwat dat eins wie en dêrom praetten se ôf, ien fan har soe op in nacht op it hea...
nl.verhalenbank.17103
10