Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: betoveren Place of Narration: Veenwoudsterwal
Myn omke sei altyd tsjin Binne: "Ik warskôgje dy ast my hwat dochste, hwant dan slach ik dy dea." Dan sei Binne: "Ik doch dy neat."
nl.verhalenbank.38072
Jehannes koe de minsken ek stean litte.
nl.verhalenbank.38097
Hy hat ek ris in petroaljekarre stil stean litten. Doe woenen de hounen net mear lûke. Sokke dingen die er altyd.
nl.verhalenbank.38098
Binne kastelein wie in gefaerlik man. Hy bitsjoende it fé. Soms wienen alle bargen samar dea, as hy der west hie. Ek minsken bitsjoende er wol. Der waerd froeger by ús in gat yn 'e drompel boarre en dêr waerd in stik duveldrek ynlein. Dat wie foar tsjoenderije.
nl.verhalenbank.38070
Jehannes koe soldaetsjes marsjeare litte, dy't er ta de hurddobbe út komme liet. Hy koe de froulju ek de rokken ôfsakje litte. De froulju wienen deabinaud foar him.
nl.verhalenbank.38082
Frâns Petroalje helle ris in fet mei petroalje fan 'e boat. Dat rolle er oer de wei, mei hekken der oan. Doe passearde er Jehannes Meerstra, dy sei tsjin him: "Pas op, dat dy hekken der net ôfgean, hwant dan kinne jo de petroalje net thús krije." "Né," sei Frâns, "mar dat is noch noait in kear gebeurd." Hy hie 't net sein of dêr leinen de hekken der ôf....
nl.verhalenbank.38179
Us heit en dy ha trije Hindrikken hawn. Dêr bin ik allinne fan oerbleaun. De oare beiden binne stoarn doe't se noch lyts wienen. Se seinen altyd Binne kastelein (= Binne Kloosterman) hie se deatsjoend. Greate Wopke hat in kear by my west. Doe wie 'k noch mar in pear wike âld. Ik wie siik en sy tochten dat ik deselde wei gean soe as de beide oare...
nl.verhalenbank.38075
7