Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
4 results
Dutch Keywords: man Place of Narration: Hurdegaryp
Jehannes Meerstra hie in toverboek. Op in nacht wie er dêr yn oan 't lêzen, mar doe krige er 't sa binaud, dat hy smoarde hast. Doe hat er it toverboek yn 'e rogge smiten, doe gong dy binaudens wer oer.
nl.verhalenbank.31054
Imke de Jong koe twa pipen op elkoar op 'e noas stean litte. Hy liet twa man tagelyk sliepe. Ien liet er laitsjend wekker wurde en ien skriemend.
nl.verhalenbank.19839
By Sjoerd en Tryn op 'e Sumarreheide gong it altyd op in kaertspyljen. Sjoerd siet fol fan flokwurden. Hy stjûrde samar in kaert út en in lege flesse en dan sette de duvel even letter in flesse drank op 'e reinwettersbak del.
nl.verhalenbank.19781
Myn man wie us op 'e merk yn Uthuzen (Gr.). Doe wie dêr ien dy koe tsjoene. Hy sei tsjin in âlde arbeider, Dirk Bos fan Garsthuzen: "Hjir ha jo in ryksdaelder fan my." Dirk die de ryksdaelder yn 'e bûse en gong mei myn man wer op hûs ta. Mar doe't er ûnderweis us even nei de ryksdaelder sjen soe, siet er net mear yn 'e bûs.
nl.verhalenbank.18108
4