Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Imke de Jong wie ris op 'e merke yn Droegeham. De plysje dêr, Tseard van Dekken, pleage him. Hy leaude net yn 'e kunsten fan Imke. Hy sei tsjin Imke: "Astû my fêst sette wolste, mast it mar prebearje, ik jow dy frij. Dû kinst it dochs net dwaen." En hy lake Imke út.
Doe hat Imke him in hiel skoft stean litten. Hy koe net in kant út.
Imke de Jong is op de...
Alde Tet fan 'e Bulten yn 'e Harkema wie in tsjoenster.
Sy koe har yn in kat foroarje.
Hindrik Pyk (= H. Ophuis) hie in soan. Dy sei us: "Hoefolle skiep en rammen ús heit my al net deamakke hat, dêr is de ein fan wei." Hy tsjoende se dea.
Foar tsjoensters mat men duveldrek ûnder 'e drompel dwaen.
Op in kear woarde it wiif fan Hindrik Ophuis yn 'e nacht wekker. Mar doe lei Hindrik net njonken har. Ynpleats dêrfan lei der in koepânse.
Imke de Jong hat de plysje Tseard van Dekken al us stean litten. Doe koed er net in stap mear gean.
nl.verhalenbank.19984
Ruerd koe mear as in oar. Hy koe soldaetsjes op syn kommando ta de hurddobbe út komme litte.
nl.verhalenbank.33643
Imke de Jong wie in gûchelder, dy kom altyd op Eastemarre merke. Hy koe de minsken stean litte. Op Hamster merke hat er de plysje alris stean litten.
Mike Ruerd koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte.
Dy liet er oer de flier marsjeare.
Wy mochten froeger net hwat oannimme fan âlde Antsje Pod. Hwant krige men in apel fan har en men lei dy yn 'e dôfpot, dan foroare dy apel yn in pod.
Ruerd van der Veen (= Mike Ruerd) liet samar soldaetsjes ta de hurddobbe út komme. Dy stapten yn 'e keamer om, moai twa by twa.
Imke de Jong reizge as gûchelder op 'e merken. Op Hamster Merke hat er Tseard van Dekken in skoft stean litten. Dy koe net in kant út. Net earder as doe't Imke sei: "Kom dêr nou mar wer wei."
Guon kinne mei tolve kaerten de kopkes op 'e tafel dânsje litte. Ik ha 't wol ris sjoen. Sy dogge 't mei fjouwer hearen, fjouwer froulju en fjouwer boeren. Doe bigounen de kopkes moai by de tafelsrânne lâns to marsjearen.
Alde Heabel wie in tsjoenster. Dy joech ús wolris in muntsje, doe't wy noch bern wienen. Mar dat smieten wy altyd fuort. Hwant sy hienen ús thús leard, as wy dat opieten, krigen wy in pod yn 't liif.
Willem Pyk (= Ophuis) hie de kweade hân. Dy makke de dieren siik. Sy woenen Willem Pyk net yn 't achterhûs ha.
As ik moaije piken hie, sei 'k: "Tink der om, Willem Pyk mat der net by."
Helbich syn heit wie in man dy koe mear as gewoanwei.
Hy hie bargen, dy hienen de koppen allegear omkeard op 'e romp sitten.
Tseard van Dekken wie us in kear op Hamstermerke. Doe stuts er ien hiel bot de gek oan. Dat wie Imke de Jong.
Doe liet Imke de Jong him stean. Dat hat wol in healûre duorre. Al dy tiid koe Tseard net fan 't plak komme.
Tseard wie doe plysje.
Willem Pyk koe ien fan warten forlosse. Ik ha in jonge kend, dy hie warten. Hy gong nei Willem Pyk. Dy preuvele hwat en struts mei syn hân oer de warten hinne. Doe wienen se samar fuort.
Guon koenen mei bihelp fan in toverboek soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Se moesten itselde like fluch wer achterút lêze, dan gongen dy soldaetsjes der wer ta'n yn.
nl.verhalenbank.27012
Op 'e Tille hat in man wenne, dat wie in sekere Reid Keuning. Der kommen jouns faek minsken by him to kaertspyljen.
Wy wienen doe fan dy jonges. Reid liet dan samar soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dy bigongen to marsjearen.