Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
63 results
Place of Narration: Drachten
Ik trof Imke us in kear yn in café yn Amsterdam. 't Wie yn 'e Bloedstraat. Hy wie dêr oan 't fijoelespyljen. It wie doe al in âld man. Ik frege him: "Kinne jo dy kunsten fan froeger noch?" "As ik woe, noch wòl", sei er. (Der wenne doe in Meijer yn dat café)
nl.verhalenbank.25588
In tsjoenster kin troch 't goatsgat yn 'e hûs komme. Docht men duveldrek ûnder 'e drompel, dan kin de tsjoenster der net oer komme.
nl.verhalenbank.25577
Yn 'e Rottefalle wenne Piter Scheper. Dy koe mear as in oar. Hy siet us by syn buorman yn 'e hûs en doe sei er: "Sjoch, al jou fé rint bûtendoar." 't Wie midden yn 'e winter en soks wie net mooglik. It fé stie op 'e stâl, mar de buorman seach syn fé ek tige dúdlik rinnen. Hy gong nei bûten ta, mar der wie neat to sjen. Alle fé stie op 'e stâl.
nl.verhalenbank.19678
Ek in kear, doe siet ús buorwyfke by ús. Doe wie Imke de Jong der ek. Doe sei 't minske: "Kom, ik mat der mar op út to boadskipjen." "As jo boadskipje wolle," sei Imke, "dan matte jo ek sinten ha." "Dy ha 'k wol", sei 't minske. "Binne jo dêr wis fan?" sei Imke. "Jawis", sei se. "Sjoch dan mar ris", sei Imke. Hja sjen en sjen en doe sei se: "Och heden, ik...
nl.verhalenbank.25585
Us Hindrikom wenne yn Twizelerheide. Hy hie dêr in winkel en ek wol bargen. Hy hie op in kear biggen by de mot. Tichteby wenne in âld man, dy koe tsjoene. Dy mocht graech bargen lije, mar Hindrikom syn jonge jage dy âld man fuort. Hwant de jonge wie bang dat de biggen oars bitsjoend woarden. Dy âld man hie de kweade hân. Dêrtroch wienen se bang foar him.
nl.verhalenbank.33319
Op in kear wie der op Drachtster merke in soarte fan gûchelder, dat wie in man, dy krûpte samar troch in grouwe balke hinne. Alle minsken koenen dat klear sjen. Mar Piter Scheper wie der ek by. Dy krige de stok en sloech dêr mei nei dy man, mar net yn 'e balke, mar der bûten. "As ik it goed ha," sei er, "dan sitstû dêr." En dat wie ek sa, hwant de keardel...
nl.verhalenbank.19679
Der wie in faem, dy siet ûnder in koe to melken. Imke kom dêr lâns. De faem sei: "Joun." Doe sei de koe: "Jow dy earme man even hwat molke." De faem liet fan kleare skrik de amer mei molke oer de wereld rûgelje. Hja miende dat de koe bigong wie to praten. Mar 't wie Imke, dy't bûksprekke koe.
nl.verhalenbank.25587
Yn Almelo, yn 't loazjemint, wie in âlde Westereinder. Die koe mei skoppenboer in flesse drank komme litte. Deselde dy't mei him wedzje woe, moest de flesse oankrije. De flesse kom binnensweven. Dy oare hie him oankrigen. Hie er dat net dien, dan gong de Westereinder dea.
nl.verhalenbank.25578
Ymke de Jong kom op 'e merken. Ek op Drachtster merke. Hy sette de minsken fêst. Dan stienen se stil. Hy wie o sa fluch. Hy koe troch in balke hinne krûpe. Hy koe himsels weimeitsje, dan koe men him net mear sjen.
nl.verhalenbank.23509
Piter Scheper koe de hoannen kraeije litte. Dan kraeiden se sa bot, dat sy gappen der op it lêst oer. As er de pik op ien yn hie, dan koed er sa'n ien raer narje. It gebeurde wol dat, as sa'nien ûnderweis wie, dat it ynienen allegear wetter foar him wie. In sé fan wetter. Dan die sa'n ien de klean mar út en wâdde sa troch 't wetter hinne. Piter Scheper...
nl.verhalenbank.19680
Op in kear wie Ymke mei de faem op it lân oan 't jirpelsykjen. Doe smiet de faem him mei in rotterige jirpel. Ymke sei: "Famke, famke, hwat sille dy dy rotterige jirpels raer yn 'e mage sitte!" De jouns doe't se fan 'e jirpels ite soenen, pikte de faem dêr ek fan, mar hja hie hyltyd in rotterige jirpel oan 'e foarke.
nl.verhalenbank.19709
Myn skoanheit wie ris in kear to Drachten op 'e merk. Doe wie Ymke de Jong dêr ek. "Ymke stie njonken my", sa fortelde skoanheit. Der wie in koardedounser op 'e merk en dêr stienen wy nei to sjen. Doe sei Ymke tsjin my: "Sil ik him dêr ris ôfdonderje litte?" En doe hat er dat dien. De koardedounser kaem op 'e groun del. Doe gong dy koardedounser nei Ymke...
nl.verhalenbank.36932
Ymke de Jong wie as jonge by de boer. De boer hie in pear hynders, dy lieten har noait krije. Op in moarn gongen de boer en Imke togearre nei 't lân. Imke sei: "Ik krij se wol." Hy fluite even en dêr kommen de beide hynders oan. De boer wie tige mâl mei him.
nl.verhalenbank.19708
Jan van der Zee wenne by de haven op Smel-ie. Syn wiif krige in lytsen. Syn omke wenne op 'e koai by Smel-ie. Dy syn wiif kom us in kear by Jan van der Zee om de lytse to sjen. Wylst hja dêr wie, krige it bern hiel bot pine. It raesde it út. It bern waerd fan dy ûre ôf siik en 't is stoarn. Doe ha se 't kessen neisjoen. Dêr sieten krânsen yn. Doe wie 't...
nl.verhalenbank.24003
Ymke Modder (= Ymke de Jong) siet us yn 'e gefangenis. De sipier hie by him west en draeide de doar achter him op slot. Mar gjin minút letter stie Ymke yn 'e gong. Der wie net in slot tsjin him birekkene.
nl.verhalenbank.19741
Sloegen se him yn 'e boeijen, dat joech neat, hy hie se samar ôf. Ymke kom út Jobbegea wei. Dêr mat noch in apart hear wenne ha yn Jobbegea. Dy hiet fan Jut. Dêr bistiet in rymke fan: Jut zat achter 't schut; zijn hele leven lang en nog is Jut niet bang.
nl.verhalenbank.19742
Heit en dy sieten us yn 't loazjemint to kaertspyljen. Ien fan har stjûrde skoppenboer fuort om in flesfol drank. Skoppenboer kom even letter mei de jenever werom. De flesse sweefde troch 't loazjemint. De man, dy't him fuortstjûrd hie sei: "Hy mat pakt wurde, oars springt er út elkoar!"
nl.verhalenbank.19743
Op 'e Tike, by Rypke en At wienen de bern al ris bitsjoend. De tsjoenster wie âlde Piters Hindrikje, dy wenne ek op 'e Tike. Dy koe har yn in kat foroarje en hja koe troch 't kaeisgat hinne. Sa kom se by de minsken. De bern dy't se bitsjoend hie hienen krânsen fan fear yn 'e kessens.
nl.verhalenbank.33035
Oan 'e Suderdwarsfeart wenne in faem, dy hie in bern krige. It wie de dochter fan Polstra. Dat jonkje rekke siik. Sy woarden al gau gewaer hoe't dat kaem wie. Tsjibbe Griet (frou Swevel) wie in âld tsjoenster. Dy hie 't bern bitsjoend. Dy kaem dêr wolles by harren yn 'e hûs. Doe ha se duveldrek ûnder 'e drompel dien, doe koe 't âld-wiif dêr net wer komme.
nl.verhalenbank.27515
Yn 'e Houtigehage, oan 'e Skoallewyk wennen in mem en in dochter, dy koenen beide tsjoene. Sy fleagen samar even togearre oer de wyk hinne. Sy foroaren har soms yn katten. Op in kear sieten mem en dochter elk oan in kant fan 'e wyk. Sy wienen drok oan 't kreauwen en fechtsjen. Doe wienen 't beide katten. De oare moarns wienen mem en dochter beide gewond....
nl.verhalenbank.27517
63