Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Place of Narration: Augustinusga
Op Feanwâldsterwâl, fortelde myn man, mat froeger in sekere Jehannes Meerstra wenne ha, dy koe mear as in oar. Dy koe elkenien samar stean litte, as er dat woe. It is us gebeurd, doe soe ien oer de barte, dy't oer de feart lei. "As ik wol," sei Jehannes, "komstû net oer 't bartsje." Doe koe dyselde der net oer komme.
nl.verhalenbank.22739
Ymke de Jong koe de minsken stean litte. hy koe se ek gûle litte. Dat hat er us in kear op Feanster merke dwaen litten. Hy koe se de klean ek ôfsakje litte.
nl.verhalenbank.25314
Tsjoensters wienen der froeger plenty yn Stiensgea. Der binne rounom wol krânsen út 'e kessens helle woarn. Dêr siet naeijern, stopjern, lapkes en alsamear yn. Hwa't hjir allegear net bitsjoend west ha - dêr ha je Fokke Alma. Dy sukkele. 't Kessen woarde iepentoarnd. Doe founen se in krâns. Pake gong foar him nei de duvelbander ta, mar hy is net mei de...
nl.verhalenbank.12549
Sy koenen ûnder tsjinst neat wurde mei Ymke de Jong. As er yn 'e cachot opsluten woarde, dan sprongen de doarren samar iepen. Doe't er fuortjage woarde ha se him op fjouwer úthoeken fan 'e stêd tagelyk sjoen.
nl.verhalenbank.25315
't Wie Feanster merke. Imke de Jong wie der ek. Albert en âlde Metske reizgen der hinne. Alde Metske hie in heechsidene pet op. Imke sei: "Hwat hat dy keardel in kaerten yn syn pet." Doe't er de pet ôfdie, kom der wol in kroadefol kaerten út.
nl.verhalenbank.12552
"Elk mat goed op syn horloazje passe," sei Imke de Jong, "der binne altyd dieven." Der wie ien ûnder it folk, dy miste sines al. Ien dy't in hiel ein fan him ôf stie hie twa. Sokke kunsten helle Imke út. Hy koe de minsken ek stean litte. Ek koed er de minsken de klean ôfsakje litte. Hy siet wol gauris yn 'e gefangenis, mar dêr wie er ek samar wer út. Dêr...
nl.verhalenbank.12553
Ik wie in jonge baes. Wy sieten yn 't kroechje fan Gietema 'De Lauwers', tusken Surhústerfean en Grinzer Pein. Dêr siet ek in soan fan Imke de Jong. Dy die dêr allerhande kunsten. Hy smiet in spultsje kaerten samar tsjin 'e muorre oan en dat bleau dêr sitten. Doe kommandearde hy, dy en dy kaert moest dêr wei komme, en dat gebeurde èk. Doe't hy dêr even...
nl.verhalenbank.27217
Egbert Sint fan 'e Harkema roan altyd to nijjiersroppen. Hy wie wol us smoardonken. Se seinen dat er in wikseldaelder hie. Hwant hy hie noait forlet fan jild. Hy koe ek soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte.
nl.verhalenbank.21856
8