Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: ziek klap
't Gebeurde wol faek dat sa'n kat in opdonder krige. Dan hie de tsjoenster de oare deis in doek om 'e holle of sa.
nl.verhalenbank.25609
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Sy ha yn Feanwâldsterwal in kat al us omraek tramtearre. Doe lei de tsjoenster de oare deis siik op bêd.
nl.verhalenbank.24152
In tsjoenster kin har yn in swarte kat foroarje. Soms joegen se in kat wol us in opdonder, dan koenen se de oare deis gewaer wurde hwa't de tsjoenster wie.
nl.verhalenbank.25981
Yn Sweagerbosk dêr wenne âlde Tryntsjemoai. Dat wie heit syn beppe. De minsken dy't dêrfoaroer wennen hienen hinnen. De frou dêrre dat wie in tsjoenster. De hinnen kommen hyltyd op beppe har gerjochtichheit. Dan jage beppe se wer fuort. Doe woarden dy minsken lulk. Beppe woarde siik. Der sieten krânsen yn har kessen. Se wie bitsjoend. Dat hie dat minske...
nl.verhalenbank.20563
Us Tsjipkje woarde ek al us siik. Doe kom Tet ek us wer in kear by ús. Sjoerd (myn man) syn suster wie ek by ús. Tet sei tsjin Tsjipkje: "Hwat bist in leaf famke, mar jim mem wol net lije dat ik by dy kom." Ik sei: "Né, dû bliuwst fan har ôf." Sjoerd syn suster hat har in opstopper jown. Sa is se der út rekke. Wy ha doe nei in man ta west om rie. Tsjipkje...
nl.verhalenbank.23430
In tsjoenster foroare har nou en dan yn in kat. Ik ha wol faek heard dat se sa'n kat in optuter joegen soms en dan hie de tsjoenster de oare deis in doek om 'e holle of in blau plak oan 't wang of sy wie kreupel of sa. Hja bitsjoende ornaris bern, troch dy bern hwat to jaen dat se opite koenen. Dan woarde dat bern siik en dan reizgen de âlden nei de...
nl.verhalenbank.28204
Alle Tet wie de greatste tsjoenster fan 'e Harkema. Sy wenne op 'e Bulten. Sy koe har yn in kat foroarje. Op in kear, doe't se as kat oan 't spûkjen wie ha se har op 't eech slein. Sûnt hie 't minske altyd in blau eech. Ik haw har noait oars kend. Tet bitsjoende de bern. Dan gong ien fan 'e âlden nei greate Wopke ta. Dy joech in drankje mei en dan sei er:...
nl.verhalenbank.27725
7