Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 results
Dutch Keywords: vluchten toveren
It gebeurde ek op in kear, doe hie Ymke toarst. Doe trof er ûnderweis in faem, dy siet ûnder in kou to melken. Hy frege om hwat molke, mar de faem woe him gjin jaen. Mar Ymke koe bûksprekke. Fuort dêrop sei de kou: "Jow dy man hwat molke." Doe woarde dy faem sa kjel, dat sy naeide út.
nl.verhalenbank.27755
Imke de Jong hie hwat útheefd to Ljouwert. Se sochten om him, mar koenen him net fine. Hy hie de flucht naem en wie net mear yn 'e stêd. Doe't er wer nei Ljouwert ta soe, doe kamen dêr rjochters op in wein oan. Dy hienen om him socht, mar forgees. Doe frege Imke dy rjochters: "Kin ik ek mei ride?" Doe stapte er by dy rjochters yn 'e wein. Doe't se oan 'e...
nl.verhalenbank.30404
Imke is ek al ris út 'e gefangenis weiflucht. Doe koenen se him net wer krije. Sy sieten achter him oan. Hy siet yn 't kanael en wie nergens mear to sjen. Hy wie ûnder wetter. Sy mienden dat er dea wie, doe't er yn 't wetter sprong wie en net wer boven kom. Hondert meter fierder lei er fansiden by de wâl. Hy wie hondert meter onder wetter lâns syld.
nl.verhalenbank.25444
Der wie us in winkelfrou yn 'e Harkema, dy liende moal en oalje oan in oare frou, dy't by har yn 'e winkel kom en pankoekbakke woe. Doe't se drok oan 't bakken wie, kom der in kat by har oan. Dy kat sei: "Pankoekbakke en 't moal to boarch, kin dat bistean?" De frou sei: "Ja, wol poes ek ien ha?" En hja smiet de kat in gleone pankoek om 'e kop. De kat...
nl.verhalenbank.21239
Imke koe ek bûksprekke. Op in kear siet der in faem ûnder in koe to melken yn 't lân. Imke hie toarst. "Mei 'k in bytsje molke ha?" frege er. Mar dat doarst dy faem net to dwaen fanwege de boer. Mar doe sei de koe samar ynienen: "Jow dy man hwat molke." De faem woarde sa kjel, dat sy liet de koe yn 'e steek en naeide út.
nl.verhalenbank.28347
Hjir yn 'e Boelensloane, oan 'e Bethlehimsreed, wenne in hiele âlde man. Dat wie âlde Sytse Donder. Dy wenne by syn soan yn. Op in moarn wie dy âld man nergens to finen, doe't de soan fan bêd kom. Sy sochten oeral - op 't lêst founen se him tusken de latten en it tek yn it dak, binnen yn 't hûs. Hy wie dêr hinne flein. Hy koe tsjoene.
nl.verhalenbank.27599
Yn 'e Harkema wenne in frommes, dy wie mar allinne thús. Har man wie nei stêd ta. Hja tochte: "Ik mat mar pankoeken bakke." Mar omdat it moal op wie, gong se nei de winkel en boarge dêr in poun, hwant har man hie de sinten by him. Wylst hja oan 't pankoekbakken wie, kom der in giele kat om 'e hoeke fan 'e doar en dy bigong tsjin har to praten:...
nl.verhalenbank.21252
Stammerige Harm koe ek tsjoene, mar dy hie 't meast op it fé forsjoen. Dy moest men noait by it fé litte. Hy hie in wikseldaelder fan 'e duvel. Dy hied er altyd by him yn 'e bûs. Hy wie frijmetseler. Frijmetselers ha altyd in wikseldaelder. Dy ha ek altyd jild. Mar ien kear draeit de duvel har de nekke om. Om de sawn jier mat der ien dea, krekt as by de...
nl.verhalenbank.30505
Doe't wy krekt troud wienen, wennen wy oan 't Wyldpaed by pake yn. Wy hienen al in pear bern. Alle moarnen kom stammerige Harm by ús lâns. Hy hie in sek by him, hwant hy roan to skoaijen. Elke kear bleau Harm by ús foar 't glês stean en dan frege er: "Hoe giet it mei de lytse jonge?" Ik sei altyd: "Goed." Mar sa faek as Harm dêr stien hie, bigong de jonge...
nl.verhalenbank.19888
9