Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Dutch Keywords: toveren zitten
Jan Hepkes koe mear as in oar. Hy koe om 'e bocht sjitte.
nl.verhalenbank.23460
Guon tsjoensters kinne har yn dieren foroarje. As men op sa'n dier sjit, dan hat de tsjoenster de oare deis in blau eech.
nl.verhalenbank.23025
Jehannes hat ris by in boer yn tsjinst west, doe siet er de jouns by dy boer yn 'e hûs. De frou en de dochters sieten der ek by. Dy hienen de gek hwat mei Jehannes. Se gniisden him út. Mar doe't it bêdtiid woarde, seagen se al even oars. Net ien fan 'e froulju dy't út 'e stoel weikomme koe. Hja bleauwen sitten dêr't se sieten, al hoe't se har bêst ek...
nl.verhalenbank.37887
Wy hienen in âld kachel, dêr siet in koperen ynstektsjettel yn. Klaes siet flak foar de kachel. Jehannes sei tsjin him: "Oppasse, Klaes, dêr kin samar wetter út komme!" "Né," sei mem, "dat is noch noait gebeurd." "Nou," sei Jehannes, "sjoch mar ris, dêr komt al in snjitsje." En dêr wie 't ek al sa. Doe woe Klaes de fuotten wol ynlûke, hwant it wetter sea.
nl.verhalenbank.37955
Der wie ek ris ien op 'e merke, dy krûpte troch in balke hinne. Mar doe wie der in man ûnder 't publyk, dy sei: "Dû krûpst der net troch. Ik sjoch dy wol. Dû sist der boppe op. Dêr biste, bliksem." En doe joech er dy man in slach mei de stok.
nl.verhalenbank.27010
Yn Soesterberg ha 'k by 't fliegwezen west. Dêr wie in man dy fortelde oan 'e oaren dy't om him hinne sieten, hy koe samar ien op 'e stoel sitten bliuwe litte, as er dat woe. Der wie ien ûnder harren, dy woe dêr neat fan leauwe en stuts him de gek oan. Doe sei dy man: Ik kin èk noch wol hwat oars. Wedzje datstû net oan 10 ta telle kinste? Dû mast stadich...
nl.verhalenbank.33706
6