Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: pijn steken
Marij dy hat har eigen bern Bet bitsjoend. Marij stuts harsels nou en dan yn 'e side. As se dat die, dan raesde Bet it út fan 'e pine.
nl.verhalenbank.21335
De tsjoensters ha allerhande popkes. Dy stelle minsken foar, dy't se bitsjoene. Sy stekke mei spjelden yn dy popkes. Dan krijt de persoan, dy't it foarstelle moest, pine.
nl.verhalenbank.21543
As se de krânsen opbrânden, dan forgong de tsjoenster fan 'e pine. As se yn 'e krânsen stutsen mei nuddels, dan krige se ek pine.
nl.verhalenbank.24153
Der binne tsjoensters dy ha popkes, dy't se geregeld brûke. Dêr prippe se mei nuddels yn om. Dat foroarsaket dan pine.
nl.verhalenbank.23507
Frânse Hinke hie popkes, dêr stuts se dan yn mei nuddels. Dan krige it bern pine dat se bitsjoende.
nl.verhalenbank.25612
Alde Minderts Feik wenne yn 'e Bosk yn 'e Harkema. Sy koe gewaer wurde hwa't in tsjoenster wie. Sy hie in popke en dêr stuts se mei spjelden yn. Dan neamde se de namme fan ien. De oare deis frege se dyselde of se de foarige jouns ek pine hawn hie. Wie dat it gefal, dan wie 't in tsjoenster.
nl.verhalenbank.21150
As de krânsen, dy't yn in kessen sitte, forbrând wurde, forgiet it frommeske - de tsjoenster- fan 'e pine. Guon tsjoensters hâlde der popkes op nei, dêr't se mei nuddels yn stekke. Om de tsjoensters to kearen docht men duveldrek ûnder 'e drompel fan 'e doar. Dêr kinne tsjoensters net oer komme.
nl.verhalenbank.17704
Alde Tet hâldde der popkes op nei. As se dêr yn pripke mei in nuddel wienen der guon dy't pine krigen. Abe Nauta syn frou is troch Alle Tet deatsjoend. Sy hellen dranken foar har fan Greate Wopke fan Kûkherne. As Tet dy drank seach gong er stikken. Wopke sei elke kear: "Bergje dy drank goed op." As se mei de drank thús kommen siet der al in greate kat op...
nl.verhalenbank.29346
8