Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
191 results
Dutch Keywords: man
Yn Bakkefean wenne in frou dy gong foar in tsjoenster troch. Dêr wienen se allegear sa'n bytsje skruten foar. Sy hie forskillende minsken bitsjoend, nei't se seinen. Heit kom in kear by har en doe sei er: "Ik woe dat se my ek bitsjoene koenen." Mar doe sei se: "Jo leauwe der net oan. Dêrtroch kinne se jo ek net bitsjoene."
nl.verhalenbank.21179
Oerpake Jehannes, dêr't ik nei neamd bin, hat sjoen dat in frommes yn in readbaeijen ûnderrok op 'e biezem troch de loft fleach yn Mouneein. Dat wie him net út 'e holle wei to praten.
nl.verhalenbank.20930
Janne en har dochter Luts wennen yn Houtigehage oan 'e Skoallewyk. Ritske Postma seach dat Janne en Luts op in nacht oan 't boartsjen wienen op 'e planke dy't oer de wyk lei. Sy rekken de planke net, mar sweefden. 't Wienen tsjoensters.
nl.verhalenbank.25928
Imke de Jong koe in frommes, dat de wei lâns gong, sa mar neaken útklaeije litte. Hy koe de minsken ek stean litte.
nl.verhalenbank.21422
Der wenne in postrinder yn Oerterp, dy koe mear as gewoan. Dy sette in stok tusken 'e skonken en dy stok koed er samar nei in oar ta rinne litte. Hy koe in oar ek samar stean litte. Mar hy hie der bot fan to lijen, as er soks die.
nl.verhalenbank.23396
Ik haw wol ris heard, dat hjir in man wenne hat, dy't soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte koe.
nl.verhalenbank.26013
Ruerd van der Veen (= Mike Ruerd) liet samar soldaetsjes ta de hurddobbe út komme. Dy stapten yn 'e keamer om, moai twa by twa.
nl.verhalenbank.29335
As se Ymke Modder (= Y. de Jong) opsluten yn 'e gefangenis, en sy gongen by him wei, dan wie de doar al wer los.
nl.verhalenbank.23397
Imke de Jong koe in hynder en wein samar ta stean krije. Ek minsken koed er stean litte sûnder dat se in stap fierder forsette koenen.
nl.verhalenbank.33796
Imke de Jong koe twa pipen op elkoar op 'e noas stean litte. Hy liet twa man tagelyk sliepe. Ien liet er laitsjend wekker wurde en ien skriemend.
nl.verhalenbank.19839
Anne Herder hie in kroechje op it Wytfean. Dêr wie altyd in soad jongfolk út 'e Harkema. Anne Herder koe ek soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte.
nl.verhalenbank.21550
Ymke de Jong koe minsken stil stean litte. Ik ha wol us heard dat er de plysje fan de Ham (Ts. v. Dekken) op Hamster merke stil stean litten hat.
nl.verhalenbank.21545
Yn Smel-ie wenne Ate Jager, dy koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte, seinen se. Dan bigongen dy soldaetsjes to marsjearen. Ate hie in soan, dy wie ien meter fiif great. Dat wie lytse Anne Jager Wolbikend.
nl.verhalenbank.24005
As in tsjoenster der yn 'e nacht op út giet, dan lit se har pânse op bêd achter. Dêr leit har man dan njonken.
nl.verhalenbank.24154
Doe't Imke de stêd forliet, ha se him op trije plakken tagelyk troch de poarten útgean sjoen.
nl.verhalenbank.24168
Piter Scheper koe de lju útklaeije op 'e wei. Piter Scheper koe de lju steanlitte op 'e wei.
nl.verhalenbank.23821
Imke Modder (= Imke de Jong) koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Heit fortelde, hy hie ris sjoen, dat der him in hiele partij lint ta de hals útkom, der kom suver gjin ein oan. Hy luts mar troch.
nl.verhalenbank.28419
Hy hat us nei de kermis to Feanwâlden wêst. Dêr wie in faem, dy hie him de gek oanstutsen. En doe't dat fanke gong to dânsjen, doe hied er har de rokken ôfsakje litten.
nl.verhalenbank.21615
Yn 'e Houtigehage hat in tsjoenster in man deatsjoend, dy hie trije krânsen yn 't kessen.
nl.verhalenbank.17628
Oan dit singeltsje wennen Jan Wessels en Hindrikje. Jan Wessels woarde siik, mar doe't er op syn stjerbêd lei, koe de man noait dea. Doe kom Jan Oenes der oan. Dy gong nei him ta en doe wied er samar dea. Jan Oenes hie him bitsjoend. Dy moest earst komme, earder koed er net stjerre.
nl.verhalenbank.20734
196