Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 results
Dutch Keywords: lachen toveren
Herk O., een kol, was eens op een deftige visite. Iedereen begon te lachen. En waarom? De een had een varkenskop, de ander een spreeuwenkop enzovoort enzovoort; maar niemand wist dat hij er zelf zoo uitzag. Herk kan maken dat men geen chocolade uit een vollen pot kon schenken. Een andere maal maakte hij dat de melk voor de chocolade niet aan den kook kon...
nl.verhalenbank.9398
Hjir yn Drachten wie us in faem, dy hat him útlake. Doe hat er dy faem ûnder 't dânsjen bifalle litten. It bern is har ûnder 'e rokken weifallen.
nl.verhalenbank.25590
Piter Scheper koe de hoannen kraeije litte. Dan kraeiden se sa bot, dat sy gappen der op it lêst oer. As er de pik op ien yn hie, dan koed er sa'n ien raer narje. It gebeurde wol dat, as sa'nien ûnderweis wie, dat it ynienen allegear wetter foar him wie. In sé fan wetter. Dan die sa'n ien de klean mar út en wâdde sa troch 't wetter hinne. Piter Scheper...
nl.verhalenbank.19680
Frâns-petroalje fan Feanwâldsterwâl helle de fetten mei petroalje altyd fan 't spoar. Dan hie er hekken om sa'n fet hinne. Op in kear doe helle er wer sa'n fet op, doe foelen hyltyd de hekken der ôf. Jehannes en noch hwat oaren stienen der nei to sjen. Frâns lei de hekken der wer oan, mar hy koe se der net oan hâlde. Jehannes lake, en de oaren ek. "Dat...
nl.verhalenbank.38434
Ael Westra hat in dochter, dy is troud mei Fokke Witteveen. (hy is noch út 'e famylje fan Sterke Hearke) Fokke syn wiif kom us by ús doe't ús bern siik wie. Hja nom it op 'e skoat en lake en skattere hyltyd mar. Doe kom ús kat der yn. Doe krige se dy en aeide op 't beest om. Hyltyd mar troch. De oare deis wie ús kat dea. Dy hie se deatsjoend. (de kweade hân)
nl.verhalenbank.21462
In forhael fan myn oer-beppe Lieuwkje Bangma dat ik fan myn mem heard ha. Yn 'e earste helft fan de 19e ieu, sa om 1830 hinne tink ik, wenne der yn Woarkum in keapman, dy, sa de minsken seine, tsjoene koe. Hy hjitte Lantinga en kaem wol by oerbeppe har mem oer de vlier. Myn oer-beppe wie berne yn 1825. Sa kaem Lantinga wol to kofjedrinken en helle dan...
nl.verhalenbank.50531
Martens Bauk hie in nicht, dat wie Griet. Dy lake altyd sa. Der koe net hwat wêze, of hja bigoun der om to laitsjen. Jehannes sei: "Dat sil 'k har ris ôfleare." Doe soed er har de rokken ôfsakje litte. Hja moest se mei gewelt beethâlde, en har broek ek, hja koe 't hast net forhinderje. Hja die gau de bêdsdoarkes iepen. Hja is doe nuver op bêd rekke. Mar...
nl.verhalenbank.38182
Yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema siet in man op it húske. Der roan in swart skiep foar de doar lâns, dat wie sa grou en sa great, dat syn kop rikke oan 'e daksgoate ta. Hy rôp fan 't húske ôf oan syn broer: "Nou mast gau hjir komme! Sjoch dêr us, hast sa'n skiep wol us sjoen?" Hja togearre der achteroan. Earst roan it skiep in lyts eintsje foar harren op,...
nl.verhalenbank.21248
Ik wie noch frijgesel en sahwat in twintich jier âld. Reid Keuning wenne yn Koatstertille. Dy wie wol in fyftich jier âld, tink. Mar ik wie wol gau us mei him op en út. Hy wie frijgesel en fytsmakker. Wy hienen us togearre op 'e fyts nei Hurdegaryp ta west om to skutjassen. Hy woan hwat, mar ik neat. Op 'e weromreis sei er: "Ik ha noch wol sin oan in...
nl.verhalenbank.21207
10