Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: kwaad betoveren
Dêr wie in man, dy kom wol op 'e Dwarsfeart. Dêr hie ús heit in hekel oan. Hwant as dy man de hân op 'e rêch fan 'e bargen lei, dan woarden dy bargen blau. Dy man hie de kweade hân, dêr moesten se bot foar oppasse. Heit sei: "Noait fremden by de bargen litte."
nl.verhalenbank.19857
Jo matte noait Jan en alleman by 't fé litte, binammen net by fette keallen. Der binne guon, as dy se oer de rêch strike, dan wol 't net mear mei 't fé. Sokken ha de kweade hân. Dêr mat men altyd foar oppasse. Ik bin der wol foar warskôge. Ek net by bargen litte. Sokken ha konneksjes mei de duvel.
nl.verhalenbank.25366
Der kom us in koopman by minsken yn 'e Hamsterheide. It bern fan dy minsken wie siik, en dêr waerd oer praet. De koopman ornearre, it bern koe wol us bitsjoend wêze. En sa praetten se in skoftlang oer tsjoenderije. De koopman gong wer fuort. Hy gong de reed del en sa oer de bou. Dêr lei âlde Hindrik yn 'e tún (Hindrik Ophuis?) Alde Hindrik wie in...
nl.verhalenbank.17466
Frijmitselers hienen harsels oan 'e duvel forkocht. Dêrtroch hienen se altyd jild en koenen se dwaen hwat se woenen. Mar 't kostte har de siele. Hekse Harm (= Stammerige Harm) wie ek frijmitseler. Hy hie in wikseldaelder. Dy hie er fan 'e duvel. Hekse Harm wie net fortroud by 't fé. Hy hie de kweade hân. Hy striek mei de hân oer de rêgen fan 'e dieren...
nl.verhalenbank.29542
Doe't wy krekt troud wienen, wennen wy oan 't Wyldpaed by pake yn. Wy hienen al in pear bern. Alle moarnen kom stammerige Harm by ús lâns. Hy hie in sek by him, hwant hy roan to skoaijen. Elke kear bleau Harm by ús foar 't glês stean en dan frege er: "Hoe giet it mei de lytse jonge?" Ik sei altyd: "Goed." Mar sa faek as Harm dêr stien hie, bigong de jonge...
nl.verhalenbank.19888
5