Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 results
Dutch Keywords: kat gedaanteverwisseling
Tsjoensters foroaren har yn katten. Faek hat men bisocht sa'n kat dea to sjitten, mar dy wie noait to reitsjen.
nl.verhalenbank.37707
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Jowt men sa'n kat in optuter, dan is de tsjoenster de oare deis skeind. Der wienen tsjoensters, dy hienen popkes, dêr't se yn pripten. Dy't se bitsjoend hienen, krigen dan pine.
nl.verhalenbank.37718
Harm Fodde (= Spoeke Harm = Stammerige Harm) dy koe him foroarje yn in kat. Hy koe tsjoene. Harm hie jild ûnder yn 'e sek. Hy hie ek in wikseldaelder. Hy hie noait forlet fan jild.
nl.verhalenbank.22856
Stammerige Harm wenne oan 't Wyldpaed by de Swâdde. Hy gong foar in tsjoenster troch. Hy koe him yn in kat foroarje, seinen se. Soune dieren makke er siik. Hy hie in wikseldaelder.
nl.verhalenbank.22683
Lytse Gosse wie in pakesizzer fan Jan Jilderda. Dy koe ek tsjoene. Hy koe him foroarje yn in giele kat. Sels hied er read hier. Se neamden him 'de giele kater'.
nl.verhalenbank.19897
Sikke Procé roan op in joun nei tolven oer de wei to Feanwâldsterwâl. Doe wie er sahwat oan it hûs fan Jehannes Meerstra ta, doe kaem der in swarte kat by him, dy roan him foar de fuotten. Sikke skopte de kat tsjin 'e poat oan, de poat wie stikken. De oare moarns hie Jehannes Meerstra de pols brutsen. "Dy ha 'k fannacht brutsen", sei er. Jehannes hie him...
nl.verhalenbank.31014
Alde Sjoerde Ael wie in suster fan Stammerige Harm. Dy koe har yn in kat foroarje. It is hjir ris gebeurd dat ien in kat op in joun in goeije opdonder joech. Doe wie der de oare deis in âld-wiif kreupel.
nl.verhalenbank.29821
Sjoerde Ael wie ek in tsjoenster. Wy mochten as bern abslút neat fan har oannimme, dat hie mem ús goed ynpepere. Sjoerde Ael en Stammerige Harm koenen beide troch de loft sweve. Sy koenen har ek yn katten foroarje.
nl.verhalenbank.20021
Yn Broek wenne âlde Lammert Plantinga. Dy koe tsjoene. Tabe van der Zwaag hie in pear beesten yn 't hok. Mar moarns sieten dy kij faek los. Op in moarn kom Lou, de soan fan Lammert thús. Doe soed er even nei 't fé sjen. Der wie wer ien los. Doe't Lou de hoksdoar iepen die, kom der mei alle barstengeweld in kat oanstouwen. Lou skopte him foar de kop. De...
nl.verhalenbank.19903
9