Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: hond Place of Narration: Harkema
Greate Egbert fan 'e Harkema hat my ris forteld: "Ik hie bargen yn 't hok. Doe kom Hindrik Pyk (= H. Ophuis) der by. Dat wie in tsjoenster. Dy gong mei de hân oer de bargen hinne. In dei letter wienen de bargen dea. Ik ha se de hounen foarsmiten, mar dy woenen der net fan frette." Syn eigen jonges wienen bang foar him. Hy hie twa soannen: Piter en Willem....
nl.verhalenbank.28501
Us beppe wie froeger tsjinstfaem. Op in kear roan se mei noch in oar famke even nei hûs ta. 't Wie op in joun. Dat famke praette nochal lûd. Doe sei beppe tsjin har: "Wy matte net sa lûd prate, hwant ús Hindrik wyt alles as ik thús kom, hwat wy tsjin elkoar sizze." Doe hie se sein: "As wy wer prate, mast ris achter ús sjen, hwant dat is ús Hindrik, dy't...
nl.verhalenbank.23528
Myn man hie in suster. Dy har jonge is geastlik deatsjoend. Myn mem wenne dêr as buorfrou njonken. Mem sei, hja hie sjoen, dat der mei ljochtmoanne twa hinne kuijere wienen. Dat hienen âlde Ot en Alle Tet west. Dy kommen dêr om to sjen hoe't it mei it bern wie. En doe hie der hwat boven op it dak lein, dat wie rjochtút en seach der út as in...
nl.verhalenbank.21464
Us heit wenne op Feanwâldsterwâl, oan 't wetter. Hy hie in hiele lulke houn. Dy krige allinne mar fisk to iten en krûd út 'e jachtgewearen. Dêr koe net in minske op it hiem komme of hy forskuorde se. Mar Jehannes Meerstra, dy koe altyd wol komme, dy liet er gewoan gewurde. Op in kear kaem der in stommedôve keapman mei twa koffers by ús op it hiem, dy hie...
nl.verhalenbank.31099
Ik wie al tiden siik. Ik iet net en ik woarde by de dei megerder. Dokter koe my net helpe. Ik gong sjenderegen achterút. Doe sei dokter op in kear: "Jo matte der us út." Mar ik hie nergens sin oan. Ik bleau thús. Moar op in peaskemendei wie Piter (myn man) thús fan 't wurk. Doe sei Piter: "Nou mastû der us út. Ik hûswarje wol. Fyts dû mar us nei Eastemar...
nl.verhalenbank.20704
5