Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
3 results
Dutch Keywords: geld vragen
Myn âld buorman Ate roan mei Imke de Jong troch Twizel. Doe frege er Ate om in kwartsje. "Ha 'k net", sei Ate. Even fierder sei Imke: "Dû seist niis, datst gjin sinten hiest. Hwat is dit dan?" Doe hied er Ate syn jildponkje yn 'e hân. "Nou soest tinke," forfette er, "Imke de Jong is samar ryk. Mar sa sit it net. Ik kin se net hâlde."
nl.verhalenbank.21650
Der wie in frou, dy siet by Jehannes yn 'e skuld. Hja wenne op Burgumerheide. Dêr moest er sinten fan ha. Hy kom by har by de doar en frege om syn jild. "Ik ha gjin sinten", sei 't minske. "Nou," sei Jehannes, "bitelje my dan stadichoan hwat ôf." "Ik ha gjin jild", sei se. "Jow my dan dy goune mar, dy't jo yn 'e bûse ha", sei Jehannes. It minske woarde sa...
nl.verhalenbank.38223
In neef fan myn heit koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Hy liet se der ek wer yn gean. Ik ha 't sels sjoen. Hy kom út Amerika. Hy koe ek bûksprekke. Hy wie us by ús, doe wienen wy yn 'e keamer en hy stie yn 'e skuorre. Sa praette er mei ús sûnder dat men hearre koe dat er net yn 'e keamer wie. Hy hie faek forlet fan jild. Hy kom dan by ús âlde...
nl.verhalenbank.21576
3