Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
52 results
Dutch Keywords: geld
Nr. 3.56. Tovenaar tovert geld uit een geldbeugel Ik weet nog dat Harieke van Neel Vertommen kon toveren. Hij kon je het geld uit je geldbeugel toveren en ie kon ook witte muizen maken. Ze zijn ervoor naar de pastoor geweest en die heeft het hem afgeleerd.
Een vrouw uit Soesterberg had geen geld meer in huis om brood voor haar kinderen te kopen. Ze maakte zich klaar om naar Utrecht te gaan om daar te gaan schooien. Ze was de kerk te Soesterberg gepasseerd, toen ontmoette ze een vrouw. Die zei tegen haar: "Hè je geen brood voor je kinderen?" "Nee," zei ze, "en ik heb ook geen geld om het te kopen." En die...
nl.verhalenbank.27079
"Er was eens een arme boerenfamilie. De familie had het moeilijk en kon met moeite iets op tafel krijgen. Uiteindelijk was het geld op. Hierop ging de boer naar de bakker. Van de bakker kreeg de boer meel op de pof. De volgende dag maakten ze er pannenkoeken van. Toen verscheen echter een kat bij de boerenfamilie. Het dier zei: "Meel haalt en niet...
nl.verhalenbank.30598
Hy wist ek altyd krekt hokker lju forlet hienen fan tsiis en hoefolle jild de minsken by har hienen.
Stammerige Harm wie ek in tsjoenster. Hy koe mear as in oar. Hy hie in wikseldaelder. Foaral it fé bitsjoende er. De minsken lieten him noait by it fé. Dat wie net fortroud.
Imke Modder (= I. de Jong) wie in gûchelder. As hy jo frege om in ryksdaelder en hy joech jo dy wer, dan hienen jo him net. As jo him ien ryksdaelder joegen, dan hied er samar in kroadefol ryksdaelders - dan tilde 't fan 'e ryksdaelders.
Piter Poes seach mear as in oar. Hy wie by minsken yn 'e kost. It hûs dêr't se yn wennen, moest fortimmere wurde. Piter Poes sei: "Der matte ek noch sinten yn sitte." En wrachtich, der kom in partij jild út it ûleboerd wei.
Stammerige Harm fan Twizelerheide is ris in kear oer de Swâdde smiten woarn troch de duvel. Hy hie in wikseldaelder en sadwaende altyd wol jild om hannen. Hy handele yn fodden ensa.
Harm Fodde (= Spoeke Harm = Stammerige Harm) dy koe him foroarje yn in kat. Hy koe tsjoene. Harm hie jild ûnder yn 'e sek. Hy hie ek in wikseldaelder. Hy hie noait forlet fan jild.
Stammerige Harm hat my wol jild to lien oanbean. Mar ik woe syn jild net ha. Hy hong jouns in lege ponge oan 'e doar, de nachts die de duvel der jild yn.
nl.verhalenbank.22693
Imke de Jong koe sizze: Safolle jild ha jo yn 'e bûse. Dat wist er altyd krekt. Hy koe de minsken ek stean litte.
Ymke de Jong hat ús heit op Hamster merke samar de ponge mei jild ûntnom, wylst er in ein fan him ôf stie. Fuort dêrnei hat er him heit wer jown.
Imke de Jong makke protten jild foar de minsken. De minsken wienen der bliid mei, mar as se it jild letter biseagen, wienen it blêdden. Hy koe de minske ek stean litte.
Jehannes koe syn kat oer de feart springe litte, hinne en werom. Jehannes hie in protte forstân fan klokken. 't Wie in man mei sinten, doe't er dea wie. Hy die yn syn lettere jierren hwat er woe. Strykjildskriuwe mocht er ek graech dwaen. Syn heit hat great boer west. In pakesizzer fan him wennet yn Feanwâlden.
nl.verhalenbank.38244
Der wie in frou, dy siet by Jehannes yn 'e skuld. Hja wenne op Burgumerheide. Dêr moest er sinten fan ha. Hy kom by har by de doar en frege om syn jild. "Ik ha gjin sinten", sei 't minske. "Nou," sei Jehannes, "bitelje my dan stadichoan hwat ôf." "Ik ha gjin jild", sei se. "Jow my dan dy goune mar, dy't jo yn 'e bûse ha", sei Jehannes. It minske woarde sa...
nl.verhalenbank.38223
Stammerige Harm roan altyd mei in sekje op 'e rêch. Dêr hied er guod yn dat er opskoaide. Hy seach der sútrich út en wenne yn in hiel âld klintsje. Hy koe tsjoene. Fan jild hie er noait forlet. Moest er jild brûke, dan hong er de lege ponge bûten oan 'e doar. De oare moarns wie dy fol jild. Hy hie ek in wikseldaelder. Wy hienen hjir in winkelman, dat wie...
Der wie in man - Imke de Jong? - dy trof in jonge. "Wolst in goune ha?" sei er tsjin dy jonge. "Jawol", sei dy jonge. "Mast him goed yn 'e fûst biwarje en de hân yn 'e bûse dwaen", sei dy man. Hja roannen togearre fierder. "Mem, ik ha in goune krige", sei de jonge. Hy die de fûst út 'e bûse wei en soe de goune sjen litte yn 'e hân. Mar doe siet er neat...
nl.verhalenbank.28916
Ik haw yn Dútslân west, dêr werkte ik mei ien. Dy koe ek duvelskunsten. As wy nei hûs ta gongen, hied er ynienen in bult foàr him en àchter him. En dochs hied er neat ûnder 'e klean. Syn heit wie skipper. As syn heit dan jild oan 'e brêgewachter jaen moest as se troch in brêge moesten, dan koe de man noait de beurs ta de bûse út helje. Dat wie it wurk fan...
Wikseldaelders dy binne blau. Myn omke Harm (= stammerige Harm) hie sa'n wikseldaelder. Dy sei wolris tsjin my: "Hjir, jonge, hast in hânfol sinten. Dy mast jim mem mar bringe." Dan die 'k de hân potticht om 'e sinten hinne. Mar as ik se mem jaen soe wie de hân leech. Omke hat dy wikseldaelder fan syn mem krigen. Dat wie âlde Hindrikje, èk in tsjoenster....
Stammerige Harm, seinen se, hie in wikseldaelder. In wikseldaelder, as men dy útjowt, dy komt altyd wer yn 'e knip tolânne. Myn swager sei, Stammerige Harm koe mear as sljochtwei. Hy koe tsjoene. Jouns hong er de lege pong bûten oan 'e kruk fan 'e doar. De oare moarns wied er fol jild. Soks dienen de frijmitselders ek. Mar dat koenen se mar trije kear...
nl.verhalenbank.27438
53