Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
176 results
Dutch Keywords: betoveren
Oan dit singeltsje wennen Jan Wessels en Hindrikje. Jan Wessels woarde siik, mar doe't er op syn stjerbêd lei, koe de man noait dea. Doe kom Jan Oenes der oan. Dy gong nei him ta en doe wied er samar dea. Jan Oenes hie him bitsjoend. Dy moest earst komme, earder koed er net stjerre.
nl.verhalenbank.20734
Op 'e Omloop ûnder Surhústerfean is froeger ris in bern bitsjoend woarn. Dat bern rekke dea. De namme fan 'e tsjoenster wol my net tobinnen sjitte.
nl.verhalenbank.24185
Stammerige Harm wenne oan 't Wyldpaed by de Swâdde. Hy gong foar in tsjoenster troch. Hy koe him yn in kat foroarje, seinen se. Soune dieren makke er siik. Hy hie in wikseldaelder.
nl.verhalenbank.22683
Der wie in jonkje, dat woarde greatbrocht by ús folk. Doe kom der us in frommes, dat wie in tsjoenster. Dy woe it jonkje op 'e earm nimme. Mar dat kearden se, dat gebeurde net. Doe hat se in hin bitsjoend. Wy ha dy hin iepenmakke. Hy wie hielendal úttard.
nl.verhalenbank.23789
As meissie, as kind nog had je bij ons persone, die tovere kon. Ik weet nog, dat ik as meissie met een soort bloempie liep en as zo'n persoon passeerde, dan kon die je niet betovere.
nl.verhalenbank.70267
As tsjoensters in bern bitsjoene wolle en dat kinne se net rêdde, en dy lju ha in dier, dan giet dat dier der oan.
nl.verhalenbank.23788
In tsjoenster kin men keare troch duveldrek ûnder 'e drompel to dwaen. Dan kin se net yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.12240
Yn 'e Harkema wenne in man dy't it fé siik makke. Hy rekke it allinne mar even mei de hân oan.
nl.verhalenbank.10695
Frânse Hinke hie popkes, dêr stuts se dan yn mei nuddels. Dan krige it bern pine dat se bitsjoende.
nl.verhalenbank.25612
Imke de Jong makke protten jild foar de minsken. De minsken wienen der bliid mei, mar as se it jild letter biseagen, wienen it blêdden. Hy koe de minske ek stean litte.
nl.verhalenbank.15712
As de tsjerne bitsjoend wie, woe 't net bûterje. Dan moest de duvelbander komme, dy brocht de saek wer yn oarder.
nl.verhalenbank.34643
As jo hwat fan in tsjoenster krije, matte jo 't noait hielendal opite. Dan wurde jo net bitsjoend. Ite jo 't hielendal op, dan binne jo 't slachtoffer fan 'e tsjoenster.
nl.verhalenbank.25955
Alde Wytse Minne hat har eigen soan deatsjoend. Sy wenne yn 'e Parken. De minsken ha har jouns wol sitten sjoen as in swart protsje op 'e reed.
nl.verhalenbank.25954
As men in apel fan in tsjoenster kriget foroaret dy yn in pod. Men mat altyd in stikje apel weismite. Dan wurdt dy pod noait folwoechsen.
nl.verhalenbank.25613
It hat by ús sa bot bitsjoend west allegear, dat de gordinen hongen yn repen foar de glêzen. En dy repen wienen allegear wer oanelkoar naeid. Dat wie allegear it wurk fan de tsjoenster.
nl.verhalenbank.21105
Alde Hindrik syn soan hie it himd altyd efterstefoar oan omdat er bang wie, dat syn heit him oars bitsjoende.
nl.verhalenbank.15677
Wy mochten fan Rikele Myt noait in apel opite, hwant dy apels wienen bitsjoend. Dan krigen wy in pod of in kikkert yn 't liif.
nl.verhalenbank.26041
Jehannes koe soldaetsjes marsjeare litte, dy't er ta de hurddobbe út komme liet. Hy koe de froulju ek de rokken ôfsakje litte. De froulju wienen deabinaud foar him.
nl.verhalenbank.38082
Der wie ek in man, dat wie in tsjoenster. Dêr kom by him op in kear besite. Doe helle dy man in koeke op. Hy sei: "Dy sil 'k sels wol even ompartsje." Doe hat er ien bitsjoend. 't Gebeurde yn 'e Houtigehage.
nl.verhalenbank.25614
By Willem Stienstra leinen moaije mestbargen yn 't hok. Mar doe kom âlde Hindrik Pyk (= H. Ophuis) dêr us. Dy gong even nei de bargen ta en striek se oer de rêch mei in stokje. It gefolch wie: Der wie noait ien fan 'e bargen dy't wer frette woe. De bargen wienen neat mear wurdich.
nl.verhalenbank.22191
192