Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: beest veranderen
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Jowt men sa'n kat in optuter, dan is de tsjoenster de oare deis skeind. Der wienen tsjoensters, dy hienen popkes, dêr't se yn pripten. Dy't se bitsjoend hienen, krigen dan pine.
nl.verhalenbank.37718
Guon tsjoensters kinne har yn dieren foroarje. As men op sa'n dier sjit, dan hat de tsjoenster de oare deis in blau eech.
nl.verhalenbank.23025
Yn 'e Hamsterheide gebeurde it, dat in heit en in soan oan it braekjen wienen. Doe kom dêr in kat by har, dy wie wol twa kear sa dik as in gewoanenien. De heit krige in stok en sloech it beest sa bot, dat it bleau foar dea lizzen. De frou rôp de beide manlju yn 'e hûs om to kofjedrinken. Doe't se in setsje letter wer yn it braekhok kommen, wie de kat...
nl.verhalenbank.21251
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Yn Houtigehage lei in bern yn 't berneweintsje. Dêr kom altyd in swarte kat by dat bern. 't Wie in fremde kat. Doe seinen dy lju: "Soe dat wol goed spul wêze, dat dy kat dêr altyd is?" Sy hienen 't net sein of de kat gong fuort. Hy naeide út en sy ha him noait wer sjoen. Dat gebeurde by ús heit en mem yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.25608
Op in kear kom ik by de faem wei. Doe't ik by hûs wie yn 'e nacht, roan der in grouwe, wite geit op 'e reed om. Ik tocht earst: dat is ús geit, en ik prebearre him to krijen. Mar dat woe my net slagje. Wol in kertierlang wie ik dêr mei dwaende, mar dàn sprong de geit wer oan dizze kant fan 'e dyk, dàn wer oan 'e oare kant. Op 't lêst joech ik it oer. Ik...
nl.verhalenbank.21331
5