Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
10 results
Place of Narration: Rottevalle
Heit hat sjoen dat Ymke de Jong mei boarden op 'e noas fuortroan. Hy droech ek twa, trije stuollen op 'e noas. Dan hied er mar ien stoelpoat op 'e noas. Sa reizge er de merken ôf.
nl.verhalenbank.27754
As in tsjoenster in bern in apel of sa joech en it bern iet dy op, dan krige it in pod of in slak yn 't liif.
nl.verhalenbank.32969
Imke de Jong koe in hynder en wein samar ta stean krije. Ek minsken koed er stean litte sûnder dat se in stap fierder forsette koenen.
nl.verhalenbank.33796
Op Eastemarre hynstemerke hie Tseard van Dekken in greate bek tsjin Ymke de Jong. "Dû mast dy stil hâlde," sei Ymke tsjin Tseard, oars lit ik dy stean." Mar Tseard hâldde him net stil en doe hat er in hiel skoft stien.
nl.verhalenbank.27727
Tsjoensters foroarje har yn katten, is 't sizzen altyd. As in houn spoekgûlt komt der in sterfgefal. Dat leauwe gâns lju. Frijmitselders ha har oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.20976
It gebeurde ek op in kear, doe hie Ymke toarst. Doe trof er ûnderweis in faem, dy siet ûnder in kou to melken. Hy frege om hwat molke, mar de faem woe him gjin jaen. Mar Ymke koe bûksprekke. Fuort dêrop sei de kou: "Jow dy man hwat molke." Doe woarde dy faem sa kjel, dat sy naeide út.
nl.verhalenbank.27755
Heit wie ris in kear ergens op 'e merk. Dêr wie Ymke ek. Doe wie dêr ien, dy krige in bytsje wurden mei Ymke de Jong. Doe sei Ymke tsjin him: "Dû wytst noch wol, tink, hoe't ik it doe mei dy hawn ha? Dû koest net in foet mear forsette." Doe't de man dat hearde, gong er stil fuort.
nl.verhalenbank.27756
Ymke de Jong hat ek ûnder tsjinst west. Mar dêr wienen se glêd mei oan. Dy smiet de kaeijen gewoan tsjin 'e doar oan, dan spatte dy doar samar iepen. Op 't lêst ha se him ûnder tsjinst weidien, sy koenen neat mei him wurde. Hy koe toverje.
nl.verhalenbank.27753
Tsjoensters forgaderje soms. Dan sitte se as katten byelkoar en dan giet it drok op in sjongen. Dêr wurdt dan bisprutsen hwa't har slachtoffer wurde sil. Om 'e sawn jier mar in tsjoenster ien deatsjoene. Hja kinne op in biezemstôk ride. Dat is yn 'e Houtigehage wolris gebeurd. De mem en de dochter rieden togearre op sa'n biezemstok troch de loft, waerd...
nl.verhalenbank.32966
Alle Tet wie de greatste tsjoenster fan 'e Harkema. Sy wenne op 'e Bulten. Sy koe har yn in kat foroarje. Op in kear, doe't se as kat oan 't spûkjen wie ha se har op 't eech slein. Sûnt hie 't minske altyd in blau eech. Ik haw har noait oars kend. Tet bitsjoende de bern. Dan gong ien fan 'e âlden nei greate Wopke ta. Dy joech in drankje mei en dan sei er:...
nl.verhalenbank.27725
10