Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Place of Narration: Jistrum
Der wienen ris âlde minsken yn Jistrum oan 't braekjen. Doe kom Imke de Jong by harren. Dy woe graech in skeaf slypje (= glêd meitsje), dat moest er brûke. Doe't er klear wie, sei er "Kwyk." En doe fleach er oer de beammen hinne nei de herberch ta.
nl.verhalenbank.24490
Imke de Jong stie us in kear oan 'e kant fan 'e wei oan diz kant Hurdegaryp. Doe kom der in wein oan. Hy frege of er mei ride mocht. "Né", seinen se. Even fierder gong it rêd samar ta de wein út. Doe koenen se net fierder. Dat wie Imke syn wurk.
nl.verhalenbank.24542
Dêr wie us in keardel op Burgumerdaem, dy krûpte samar yn in beamstamme lâns. Dêr stienen in protte minsken nei to sjen. Mar doe wie der ien by, dy hie in stok en dêr sloech er dy oare mei en hy sei: "Dêr bistû." Dy keardel dy hie in bast fan in kûtsebeam (= lijsterbeshout) om syn stok dien, hwant dan koenen se alles sjen. Sa koe hy sjen dat dy oare by de...
nl.verhalenbank.24540
Ik wol gjin nammen neame, mar hjir yn Jistrum wennen froeger minsken dy woarden skoudere. Dy mochten net by de lytse bern komme en ek net by 't fé. 't Wienen meast âlde froulju. Tsjoensters woarden se neamd. Sy koenen har foroarje yn in swarte kat. Guon woenen net in swarte kat ha, dat fortrouden se net.
nl.verhalenbank.20591
Myn wyfke komt út 'e Westerein. Har heit wie plysje. Dy syn snoars hat faem west by greate Wopke fan Kûkherne. Antsje hiet hja. It gebeurde, dat as Wopke drankjes rémakke, dat alle fleskes út elkoar sprongen. Dan sei Wopke: "Antsje, dû mast de blinen ticht dwaen, hwant it wol sa net." Antsje leaude echt oan tsjoenen.
nl.verhalenbank.20878
5