Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
15 results
Dutch Keywords: toveren Place of Narration: Twijzelerheide
Tsjoensters tsjoene krânsen yn de kessens fan deselden dy't se bitsjoene. Sa'n krâns sit fan alles yn fan hwat se deis by de ein ha. As der trije foltoaid binne, dan binne de minsken kapoerus. Binne se noch net foltoaid, dan mat men dy krânsen opbrânne. Dan makket de hekse in rare reis. Jeltsje en Lutske fan 'e Houtigehage hienen poppen, dy't se sels...
nl.verhalenbank.20107
In tsjoenster foroaret har faek yn in swarte kat. Hja mat om 'e sawn jier ien deatsjoene, oars giet se der sels oan. De tsjoensters forgaderje yn 'e gedaenten fan katten. Alde Tet fan de Bulten wie in greate tsjoenster. Se wienen yn 'e Harkema allegear bang foar har. Hja tsjoende krânsen yn 'e kessens. Hie se trije krânsen klear dan gong dyselde dea. Myn...
nl.verhalenbank.10686
Stammerige Harm woarde ek wol neamd Ekse Harm (= Hekse Harm?). Hy koe tsjoene en foroare him soms yn in kat. Minne Ael, dy't by de Swôdde wenne, wie ek in tsjoenster.
nl.verhalenbank.23776
Tsjoensters hâlde der popkes op nei, dêr pripkje se mei nuddels yn. Deselde dy't se bitsjoend hat krijt dan pine as hja stekt; dy fielt de stekken.
nl.verhalenbank.34478
Yn 'e maert, seinen se altyd, dan hâldden de katten in forgadering. Dan wienen se oan 't psalmsjongen op in stik lân of op in sânwei. Dan doarsten de minsken dêr net lâns, hwant it wienen tsjoensters.
nl.verhalenbank.23421
In kat kin him yn in minske foroarje en in minske yn in kat. Sa'n minske is in tsjoenster.
nl.verhalenbank.28445
Om 'e sawn jier mat in tsjoenster ien deatsjoene, oars giet se sels dea.
nl.verhalenbank.38650
Hja tsjoenden krânsen yn 'e kessens. Dy waerden dan opbrând. Wylst dy opbrând waerden kamen de tsjoensters om 'e doar hinne to razen. Mar sy koenen der net yn komme, hwant alles wie sekuer tichtmakke, de skoarstien, de kaeisgatten en alle kieren.
nl.verhalenbank.38319
By myn wiif en dy wie sa'n handich jonkje yn 'e hûs, dy wie noait rjocht goed. 't Bern wie in jier of trije, matte jo tinke. Wy sille der moarn hinne to praten. Har âldste suster tjirme ek. Der kom altyd in âld man by harren, dy hiet fan Pôpe. Dy wie forwoechsen. Hy nom dy beide bern altyd hwat mei. Dat ieten se dan op. Mar sy wienen altyd ûnder dokters...
nl.verhalenbank.28447
Mem har broer wie troud mei in dochter fan âlde Minne Ael. Alde Minne Ael wie in greate tsjoenster, dêr hienen de minsken it net op stean. Har dochter wenne yn Kollum. It wie myn muoike. Dy koe èk tsjoene, seinen se. Froeger hienen jy altyd Kollumer merke yn oktober. Dêr gyng ik faek mei heit hinne. As wy dan by muoike oangongen woe heit net lije dat wy...
nl.verhalenbank.34477
Tsjallings Gjertsje fan 'e Falom wie in echte tsjoenster. Kij holp ris op in kear ús buorman yn 't hea. Doe sei dy buorman op in moarntiid tsjin Kij: "Helje even fiifentwintich takken by Gjertsje wei." Kij farde nei har ta mei de skou. Doe't hy der wie rôp er har by de namme. Doe kom se by him, mar it hie sa raer like. In pear egen, hy soe earst wer fuort...
nl.verhalenbank.33433
Hjir yn Twizelerheide wenne âlde Piters Willemke. Dat wie ek in âld tsjoenster. Se seinen altyd, dy fleach op 'e biezemstok troch de loft. Op in kear doe wie Willemke fuort. Doe lei har binnenste op bêd. 't Wie krekt as wie 't in pounse dy't dêr lei. Ek in kear doe wie Willemke siik. Doe wekken se by har. Doe soenen se nei har sjen, doe lei dêr in pounse...
nl.verhalenbank.33430
Ik hie in suster Jitske, dy is sa'n fiif jier lyn forstoarn. Hja wenne yn Hiltsjemuoiwâlden, hwat achterút. Tichteby stie in húske, dêr wenne in man-allinne yn. Dy man dat wie in tsjoenster. Dêr stie nòch in âld húske, dêr wenne in âld wyfke yn. As myn suster by dat âld wyfke kom, dan wie 't sloof alhiel ûnstjûr. Myn suster fortocht dy frijgesel der fan...
nl.verhalenbank.34463
Ik haw in broer, dat is Gerke Lijzinga. Doe't dat in jonkje wie, woarde er bitsjoend. Der wie in frommes, dat wie in tsjoenster. Dy joech him us in hiele grouwe apel. Mar mem ûntkrige him dy apel en lei him yn 't kastje tusken de bêdsteden yn. Doe kom dêr in hiele grouwe pod út. Doe is heit nei Warten en Wergea west. Dêr wenne in âld frou, dy hat wol mear...
nl.verhalenbank.28446
Yn Hiltsjemoaiwâlden op 'e hoeke fan 'e Reapdraeijersreed stiet in âld húske. It is net mear biwenne en it sil yn 't koart wol ôfbrutsen wurde. De lju dy't der 't lêst yn wenne ha, ha in nije bungalow op 't hiem sette litten, dêr't se nou yn tahâlde. Mar froeger hat myn skoanheit yn dat âlde húske wenne. It hat yn dat húske noait doogd. It wie in...
nl.verhalenbank.21995
15