Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 results
Dutch Keywords: veranderen Place of Narration: Houtigehage
Tsjoensters kinne har yn katten foroarje. It binne altyd moai lange katten, dik en grou. It binne gjin swarte en ek gjin bûnte, mar grauwe. As sa'n kat der op út is to tsjoenen, leit de tsjoenster stil en wezenloas op bêd. Dan is der gjin leven yn. In tsjoenster bitsjoent foaral bern. Ek wol froulju noait manlju. Hja tsjoenst krânsen yn 'e kessens, dêr...
nl.verhalenbank.24246
Op Feansterheide wenne Sander Hoeksma. Dy syn wiif wie siik. Doe kom der de nachts in swarte kat yn 'e hûs. Sander der ôf. Dy skeat dy kat. De oare deis hie âlde Rykele Myt in eech der út. Hja hie mar ien eech mear. It wie sa dúdlik as hwat. Rikele Myt wie in tsjoenster. Dy hie har yn in kat foroare en Sander hie har it each útsketten.
nl.verhalenbank.24559
Tsjoensters koenen har yn in kat foroarje. Wessel Gal hie alle jounen in fremde kat yn 'e hûs. Dêr hied er syn nocht fan. Hy krige it gewear en hy skeat in kear goed. De oare moarns roan Rikele Myt om mei in swarte lape foar 't eech.
nl.verhalenbank.25883
Tsjoensters koenen har foroarje yn in kat. Janne Luts fan Drachtster Kompenije gong der yn 'e nacht op út en as se dan de oare moarns werom kom, wie har de hiele kop toklaud.
nl.verhalenbank.29407
As men in apel fan in tsjoenster kriget foroaret dy yn in pod. Men mat altyd in stikje apel weismite. Dan wurdt dy pod noait folwoechsen.
nl.verhalenbank.25613
Naem men iten fan in tsjoenster oan en men sette dat wei, dan foroare dat yn in pod. Guon binaeiden in pod yn 'e klean.
nl.verhalenbank.24247
Alde Bearn van der Woude fortelde: "Ik en myn faem wienen togearre by de Bearnewyk yn Drachtster Kompenije. Wy makken plannen om to trouwen en dêr praetten wy oer. Der wie iderkear in lyts katsje by ús, dat sei: - Miau - miau. Ik skopte him yn 'e wyk. Fierder wie der net in minske. De oare deis kom Rikele Myt by my en sei: 'Soa, soenen jim ek trouwe?' Net...
nl.verhalenbank.23725
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Yn Houtigehage lei in bern yn 't berneweintsje. Dêr kom altyd in swarte kat by dat bern. 't Wie in fremde kat. Doe seinen dy lju: "Soe dat wol goed spul wêze, dat dy kat dêr altyd is?" Sy hienen 't net sein of de kat gong fuort. Hy naeide út en sy ha him noait wer sjoen. Dat gebeurde by ús heit en mem yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.25608
Soms foroaret in tsjoenster har yn in dikke swarte kat. Op in biezumstôk ride se troch de loft. Yn 'e Houtigehage wenne in mem mei in dochter, dy't beide fleane koenen, nei't se seinen. Binnen de sawn jier mat in tsjoenster ien deatsjoend ha, oars giet se der sels oan.
nl.verhalenbank.37462
Alde Rikele Myt forkocht ek ierpels. Skoanmem en dy hellen der wol ierpels wei. Dan sei Myt: "Jimme meije myn ierpels wol, hè?" Skoanheit hie in suster, dy woe der gjin ierpels wei ha. Lutske hiet se. Dy miende mar fêst dat de ierpels fan Myt bitsjoend wienen. Letter wenne dyselde Lutske op 'e Trije Roede by har dochter yn. Sy wie doe al âld en Rikele Myt...
nl.verhalenbank.24561
11