Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
77 results
Dutch Keywords: toverij Place of Narration: Harkema
As in tsjoenster trije folle krânsen by ien yn 't kessen tsjoend hat, dan is dyselde dea.
nl.verhalenbank.24345
Tsjoensters komme troch 't slotsgat.
nl.verhalenbank.25811
Froeger dienen se hjir duveldrek ûnder 'e drompel om 'e tsjoensters to kearen.
nl.verhalenbank.29367
As Melle Tiet froeger by de bargen kom, woenen se net mear frette. Dan wienen se bitsjoend. Sy wenne yn 'e buert fan 'e Skieding. Dêr wenne ek in man dy syn bargen wienen èk siik. Doe seach dy in rôt by syn trôge. Hy sloech nei dy rôt en rekke him. De oare deis hie Melle Tiet in doek om 'e holle.
nl.verhalenbank.24881
Tsjoensters koenen har yn in kat foroarje. Dy katten hâldden soms in forgadering. Dan wienen se oan 't psalmsjongen.
nl.verhalenbank.25769
Se hienen hjir froeger allegear duveldrek ûnder 'e drompels fanwege de tsjoensters. En de bern hienen 't yn pûdtsjes op 't boarst.
nl.verhalenbank.25783
Tsjoensters kinne ek troch 't kaeisgat yn 'e hûs komme. Docht men duveldrek ûnder 'e drompel, dan hippe en dideldeinje de tsjoensters der foar om, dan komme se der net yn.
nl.verhalenbank.23537
Op 'e Bulten hat in frou wenne, Piters Lyske, dy rekke bitsjoend. Hja waerd siik en doe founen se in krâns by har yn 't kessen. It wie in frommeske út Bûtenpost dy't har bitsjoend hie, neffens se seinen. It is noch net iens safolle jierren lyn doe't dat gebeurde.
nl.verhalenbank.31543
Tsjoensters hellen altyd de bern by har. Hwa fan dy bern it swakste wie, dat woarde bitsjoend. Sy moesten de bern hwat jaen, oars koenen se har net yn har macht krije.
nl.verhalenbank.25722
De tsjoensters tsjoenden krânsen yn 'e fearrene kessens. Dy woarden der úthelle en opbrând. Wylst moesten de slotsgatten ticht makke wêze, want in tsjoenster koe oaral troch komme. En hja mocht der net by wêze.
nl.verhalenbank.33648
Siet der in krâns yn 't kessen, dan wie der ien bitsjoend. De krâns(en) sieten faek spjelden yn . Dy krâns(en) woarden opbrând. Dan brânden de spjelden ek op. Dan krige de tsjoenster in ôfgrysliken pine.
nl.verhalenbank.17460
As bern droegen wy altyd duveldrek op it boarst en it himd moesten wy altyd achterstofoar oan ha fanwege de tsjoenderij. Wy doarsten net nei Alle Tet ta. Mem en dy ek net. En wy doarsten ek neat fan har oannimme. Sy hie potdeksels to keap. Op in kear kom se by ús mem en sei: "Dêr bin 'k al." "Ja", sei mem, en sy wie deabinaud. "Ik ha fan 'e nacht nei...
nl.verhalenbank.16958
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Dat die Alle Tet ek. Op in kear doe hie se dat ek wer dien. Doe joegen se dy kat in klets. Dat koenen se de oare moarns oan har hân sjen. Tet hat forskate bern bitsjoend. Dan hienen se krânsen yn 'e kessens. Dy krânsen moesten se opbrânne. De lju dienen duveldrek ûnder 'e drompels en sy makken krusen foar de doar,...
nl.verhalenbank.25753
Wie der ien bitsjoend, dan founen [se] faek in krâns yn 't holkessen. Dy krâns moesten se forbrânne. As se dat dien hienen, dan kom de tsjoenster net wer. Sy gongen meastal foar it bern nei de duvelbander ta. Dat wie yndertiid Wopke fan Kûkherne. Dy joech in drankje mei en joech oanwizings foar it bitsjoende bern.
nl.verhalenbank.25780
In tsjoenster foroare har yn in kat of yn in pod. Sy gong der op út to tsjoenen en liet de pânse op bêd achter. Alde Rinse Kooistra krige twa apels fan in tsjoenster. Doe lei er dy apels thús boven op 'e kast del en die der in pear koppen oerhinne. In pear dagen letter, doe't hy der nei seach, sieten der twa podden ûnder.
nl.verhalenbank.19982
Ot hie in paedtsje foar de doar lâns. Op in kear gong se nei de winkel fan Barelds Antsje ta. Hja moest beppe en dy's hûs foarby en ûnderweis yn 'e rin striek se mei de hân oer beppe en dy's geit hinne, dy't dêr oan 't spit siet. De geit die in pear slaggen yn 'e rounte en dea wied er.
nl.verhalenbank.21458
Alde Tet fan 'e Bulten yn 'e Harkema wie in tsjoenster. Sy koe har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.29347
In tsjoenster koe har yn in swarte kat foroarje.
nl.verhalenbank.33650
As der ien bitsjoend wie en sy sieden spjelden yn it wetter, dan kommen de tsjoensters boven op 'e skoarstiens.
nl.verhalenbank.16884
As tsjoensters der op út gean to tsjoenen, litte se de pânse achter.
nl.verhalenbank.19972
77