Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 results
Dutch Keywords: grond heer
By de skilige piip, seinen se, siet in skat yn 'e groun. Dêr hat froeger in slot yn 'e buert stien. De hear fan dat slot spûke dêr letter noch om, seinen se.
nl.verhalenbank.27450
Op 'e Boppewei spûke de âlde hear. Dêr siet earne in skat yn 'e groun, dêr't hy op ta gong.
nl.verhalenbank.31994
Op 'e Boppewei spoeke in âlde mynhear om. Dy hie dêr in skat yn 'e groun. Mar hy kin der net oan ta komme. Der wurdt sein dat er elk jier in hoannestap tichterby komt.
nl.verhalenbank.38155
Op 'e Boppewei by de Westerein reizge in hear. Dy spoeke dêr. Hy roan nachts oer 't flakke lân mei in lantearne yn 'e hân. In soad minsken doarsten by nacht de Boppewei net del. Dêr siet ek in skat yn 'e groun, dat wie in kiste mei jild. Dy koenen se noait opdolle, hwant hy sakke altyd djipper. Allinne hwannear't se der in geit mei trije poaten boppe...
nl.verhalenbank.28201
Op 'e Skilige Piip, dêr spoeket in wite juffer. En de âlde hear spoeket dêr ek. Dy hat dêr in kiste mei jild yn 'e groun sitten. Nachts rydt er dêr lâns op it hynder. Dêr sit er achterstofoar op, as hy der wer wei giet, dan kin er sjen, as der ek guon hinne geane. In skynfet draecht er yn 'e hân. Dy skat dêr yn 'e groun, dêr hawwe etlike minsken al in...
nl.verhalenbank.19635
By de Skilige Piip sit in kiste mei jild yn 'e groun, sizze se. Dat hat it jild west fan in hear en dy hear wenne by syn libben yn in moai slot, dat dêr stien hat. As de minsken prebearren dy kiste mei jild út 'e groun to heljen, sonk er altyd djipper ta de groun yn.
nl.verhalenbank.29773
Op 'e Boppewei ûnder de Westerein roan froeger altyd de âlde hear. Dy spoeke dêr. Der sit oan 'e Boppewei by de Skilige Piip in kiste mei jild yn 'e groun. Twa man hienen dêr oan 't dollen west om dy kiste der út to heljen, mar doe't se der oan ta wienen en de kiste bleat kom hienen se sein: "Nou ha wy him al!" En dat wie mis, hwant doe sonk de kiste wer...
nl.verhalenbank.24578
Op 'e Boppewei siet in kiste mei jild yn 'e groun. Dat jild wie fan 'e famylje fan de âlde hear. De âlde hear spoeke dêr. Dy roan dêr nachts om mei in rolle fyfskaft op 'e rêch.
nl.verhalenbank.21087
Op 'e Godloas Singel spoeke de âld hear. Dy mat dêr yn in slot wenne ha. Dy kiste mei jild hat fan him west.
nl.verhalenbank.29804
By de Skilige Piip sit in kiste mei jild yn 'e groun. As se dêr nei grave, sakket de kiste altyd djipper. Dêr spûket ek in âlde mynhear. (Dat is dyselde net by 't Lange Ein.) Dy hat dêr yn in slot wenne. Dy kiste mei jild is fan him ôfkomstich. Hy wol dêr hinne, mar 't avanseart net bot om dêr to kommen. Elk jier komt er mar ien hoannestap tichterby.
nl.verhalenbank.30401
By de Skilige Piip spokke it. Dêr hat froeger in slot stien. Op 'e bijtunen, dêr spûke in âlde mynhear om. Tichteby lei in heech stik lân, dat wie sânnich. Dy âlde mynhear hie in protte jild en dat jild woe er kwyt. Doe bidobbe er it dêr tichte by de Boppewei, foar de glêzen fan 'e stjelp oan 'e Spûkloane. Doe't dy âlde mynhear 't jild goed en wol yn 'e...
nl.verhalenbank.30531
11