Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
18 results
Place of Narration: Drachten
Der wie in boer, dy hie fé forkocht op 'e merk. Hy hie sadwaende in aerdich stik jild by him. Underweis kom der in rover op him ta, dy hie in revolver by him. Dat hâldde er de boer foar wylst er sei: "Je geld of je leven." "Nou," sei de boer, "jo kinne myn jild wol krije. Mar, nou't jo toch in revolver ha, woe 'k wol graech, dat jo even troch myn hoed...
nl.verhalenbank.32936
Ergens stie in slot. De hear en de frou wienen útfanhûs. It personeel wie allinne mar thús en dy moesten op it slot passe. De fijân fan 'e slothear dy wist dat en tocht: nou matte wy ús slach slaen. Doe kaem dêr op it slot in man, dy hie in great pak op 'e rêch. Hy praette mei de faem en frege of dat pak dy nachts wol yn 't slot lizze mocht. De faem sei,...
nl.verhalenbank.36781
Steven Loopstra roan mei de marse. Soms hied er trijehûndert poun op 'e bealch. Dêr moest ek noch kleanspul boppe op dy't er yn in pûde hie. Dy hied er èk to keap. Hy kom fan Houtigehage. Doe't er sahwat oan 'e Skieding ta wie, seach er trije man achter him. 't Wienen rovers. As hy stadiger die, dienen sy ek stadiger. Yn 'e regel gong er oer Driemunt nei...
Der wie ek ien, dy woarde troch in rover oanhâlden, dy sei: "Je geld of je leven." Dy sei: "Dan myn jild mar, hwant in leven ha 'k net by myn wiif."
It wie op in forgadering, in s.n. voorlichtingsavond. Dêr hienen se it oer soksoarte dingen. Se seinen hoe gefaerlik as it wie, as de frou lies yn boeken der 't meardere persoanen fan yn 'e titels foarkamen. Doe wie dêr in man, dy hearde dat, dy sei: "Bliksem, ik wol nei hûs." "Hwerom giestû nei hûs?" fregen se him. Hy sei: "Myn wiif sit to lêzen yn Ali...
Alde Tsjerk Wetterrôt en Atse Griper wienen rovers. Sy wennen yn Feansterheide oan 'e Trije Roede. Nachts gongen se der stil op út. Dan stielen se in hynder út it lân. Dêr gongen se op sitten en sa gongen se op roof út. Se stielen in skiep, om mar hwat to neamen, en dat nommen se mei op 't hynder. As se omtrint thús wienen, jagen se 't hynder wer fuort.
nl.verhalenbank.28248
Hearke wie ek stille plysjes, Hy moest ris op in kear jild bringe fan Bûtenpost nei Ljouwert ta. Doe't er yn 'e buert fan Burgumerheide wie, kommen der twa manlju ta de wâl út. 't Wienen rovers. Sy seinen: "Je geld of je leven." "Dat kin wol", sei Hearke, en hy naem de ponge mei jild fan 't skouder en sette him op 'e groun del. Doe't de iene him bûgde om...
nl.verhalenbank.27501
Tusken Boksum en Blessum wie in binnenpaed mei allegear houtsjes, dy't oer sleatten leinen. Dêr earne stie ek de plaets fan in sekere boer Miedema. Dy boer stie bikend as in from en rjochtskepen man. Op in kear wie der skoalleforgadering fan 'e Kristlike skoalle yn Boksum. Miedema wie bistjûrslid en wie dêr ek oanwêzich. It woarde nochal let dy jouns...
nl.verhalenbank.33712
Der wie ien, dy helle altyd rinten op mei de glêzen wein. Doe wie der us ien, dy sei: "Dat is gefaerlik, hwat jo dogge. 't Is in iensum paed, dêr't jo lâns matte. Jo kinne wolris biroofd wurde." Mar de man sei: "'t Falt hwat ta." Mar doe wienen der twa banditen, dy hienen 't op syn jild forsjoen. Dy woenen him deameitsje en birove. Sy hienen har forskûle...
Der kom us in ynbrekker by in frou allinne yn 'e hûs. Har man wie krekt fuort. De ynbrekker sei tsjin har: "Dyn jild of dyn leven." De frou sei: "Kom mar yn 'e keamer. Wy ha net folle jild, mar hwat der is, kinst krije." "Goed", sei de rover. "Gean dêr mar sitten," sei de frou, "hwant ik bin wend, de minsken dy't ynbrekke, krije earst twa buorrels." De...
nl.verhalenbank.27017
Der wie in boer, dy hie nei stêd ta west. Dêr hied er beesten forkocht. Hy hie gâns sinten bard en dy sinten hied er by him. Der wied er nou mei op stap nei hûs ta. Underweis hearde de boer guon oankommen. "Deksels," tocht er, "ik mei wol om in skûlplak sjen. Ik ha safolle jild by my, as se it dêr us op munte ha." Doe lei dêr in omkearde boat yn 'e berm...
Der wie in frou stoarn, dy hie in ring om 'e finger, dêr siet in tige kostbre stien yn. Dêr kom se mei yn 't graef. 't Wie in soarte fan grafkelder. Der kom in platte stien oer it graef hinne. Der wie in man, dy hie 't op dy ring bigrepen. Hy wie noch jong en noch net troud. Hy brekt it graef iepen mei greate muoite, mar hy kin noait dy ring fan 'e finger...
nl.verhalenbank.23451
Myn omke Tsjibbe van der Veen wie skipper. Hy wenne yn Drachten. 't Wie fan âlds in Burgumer. Op in kear kaem er fan 'e Harkema. 't Wie let op 'e joun en hy hie sinten yn 'e bûse. Hy wie rinnende. Omke soe wer nei Burgum ta. Doe't er sahwat op it Wytfean wie seach er twa man oankommen. It wie krekt as waerd it him ynjown dat dy twa it wolris op syn jild...
Yn Aldegea stiet in hûs, dêr stienen froeger trije greate linebeammen foar. Dy hienen har tûken oer de hiele wei hinne. Dêr wenne in skuonbaes yn dat hûs en dêr wie ek sliterij. Gâns boeren stieken dêr simmerdeis oan. Der stien krêbben foar de hynders foar de muorre. Hylke Bakker wenne dêr. Mar earder wenne dêr Theunis Harms Veenstra. Dy wie feanbaes en...
nl.verhalenbank.25052
Yn Sappemeer wenne in doomny, dy syn frou krige de typhus-koarts. Sy krige it sa bot, dat sy stoar der oan. Doe moest se bigroeven wurde. Doomny ornearre, sy moest de dikke trouring mar om hâlde en sa biïerdigen se har. De deagraver hie dy ring sjoen en hy liet it graef iepen. De jouns snie hy har de finger ôf, fanwege de ring omt hy him der oars net ôf...
't Wie op in jountiid, sy sieten by de boer yn 'e hûs. Doe kom der in âld frou by de doar. Sy woarde der ynlitten, sy woe dêr dy nachts graech sliepe. Hja siet tusken de oaren yn en as se it wurd nom, tocht de boer by himsels: "Dû hast in manljuslûd." Wylst hja dêr sa meimankoar sieten kom der in soldaet mei in hynder oan. Hy sei tsjin 'e boer: "Kin ik...
nl.verhalenbank.23515
Der wie in boer, dy hie mei in koe nei stêd west. Op 'e weromwei moest er in stik lân troch, dêr kommen trije wegen op út. It wie moai ljochtmoanne waer. Hy sloech de wei yn dy't nei it plak ta fierde dêr't hy wenne. Doe hearde er praten. Hy tocht him hwat binaud omt er it jild by him hie, dat er foar de koe bard hie. Oan 'e kant fan 'e wei lei in...
Der wie in boerinne, dy har man wie stoarn. Hy wie dy deis op 't hôf kom en hja woe graech selskip ha dy nachts, hwant hja fielde har net feilich allinne. Dêrom frege se de feint of dy dêr dy nachts bliuwe woe. Mar de feint woe net. Hy woe fuort, al hoe't de frou ek oandrong. Doe't se in skoftsje allinne sitten hie, kamen der twa man by de doar. Dy fregen...
nl.verhalenbank.19969
18