Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Dutch Keywords: verschuilen rovers
Der wie in skuonmakker, dy kom op in joun út 'e Trynwâlden wei. Hy hie aerdich hwat jild by him. Doe't er oan 'e Slachtebrêge ta wie, wie't krekt as lei 't him sa by dat der wol us guon wêze koenen dy't it op syn jild forsjoen hienen. 't Wie donker en 't wie in iensume wei. Dat hy tocht: "Ik gean hjir even ûnder 'e brêge." En dêr wie't al sa. Hy hearde...
nl.verhalenbank.20332
It is ris gebeurd, dat twa man de Godloas Singel delgongen by nacht. Hja woenen ien birove. Mar deselde dy't se birove woenen, seach se oankommen. Der lei in skou op 'e kop op 'e Singel. Dêr krûpte dy man gau ûnder, dy't jild by him hie. De twa rovers kommen tichterby en gongen op 'e boom fan 'e skou sitten. Doe sei ien fan dy mannen: "Soed er hast...
nl.verhalenbank.29665
Der lei in boatsje omkeard op 'e kop yn 'e berm fan 'e Boppewei. Dêr sieten twa man ûnder. Doe kaem de dûmny der oan. Dy stapte troch. Doe kamen dy beide mannen ûnder 't boatsje wei. Sy kamen him op side. Doe seinen se: "Jouw geld of jouw leven!" Dûmny joech har de sinten dy't er yn 'e bûs hie. "Segen mei 't jild", sei er. Sy lieten de dûmny fierder gean...
nl.verhalenbank.22150
Der wie ien, dy helle altyd rinten op mei de glêzen wein. Doe wie der us ien, dy sei: "Dat is gefaerlik, hwat jo dogge. 't Is in iensum paed, dêr't jo lâns matte. Jo kinne wolris biroofd wurde." Mar de man sei: "'t Falt hwat ta." Mar doe wienen der twa banditen, dy hienen 't op syn jild forsjoen. Dy woenen him deameitsje en birove. Sy hienen har forskûle...
nl.verhalenbank.19967
De soldaet fan it Barrahûs. Der wienen in boer en boerinne, dy wennen op it Barrahûs. Op in joun kom dêr in soldaet op in hynder, dy woe graech ynkertiering ha. Hy mocht binnenkomme. It hynder woarde op 'e stâl set. Even letter kom der in frommes by de doar. Dy frege ek of se dêr de nacht bliuwe koe. "Kom der mar yn", sei de boer. It frommes gong ek yn 't...
nl.verhalenbank.22776
Myn omke Tsjibbe van der Veen wie skipper. Hy wenne yn Drachten. 't Wie fan âlds in Burgumer. Op in kear kaem er fan 'e Harkema. 't Wie let op 'e joun en hy hie sinten yn 'e bûse. Hy wie rinnende. Omke soe wer nei Burgum ta. Doe't er sahwat op it Wytfean wie seach er twa man oankommen. It wie krekt as waerd it him ynjown dat dy twa it wolris op syn jild...
nl.verhalenbank.29649
6