Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
3 results
Dutch Keywords: vaart Place of Narration: Harkema
In omkesizzer fan Sterke Hearke dat wie Egbert Witteveen. Dy wie ek omrake sterk. Hy hie ris yn 'e ûngetiid west en kom mei in kniksekje mei jild werom fan 't kerwei. Hy hie Ljouwert al passeard en roan de kant út nei Hurdegaryp. Doe kommen him twa man opside. Dy hienen it op it jild bigrepen en kommen der roun foar út. Sy woenen it ha. Wachtsje even, sei...
nl.verhalenbank.16862
Op in kear moest Hearke mei in partij jild nei Ljouwert ta to foet. Hy droech it yn in sek oer 't skouder. Doe't er oan 'e Bonkefeart ta wie kommen der twa man tofoarskyn, dy soenen him oanfalle. Hy pakte ien fan 'e mannen beet en woe him yn 'e Bonkefeart smite, mar hy kom oan 'e oare kant op 'e wâl tolânne. Doe wist de oare wol hoe let it wie. Dy hied er...
nl.verhalenbank.26143
Der soe us op in snein in dûmny nei Himpens ta to preekjen. Dy siet yn in rydtúch en de fuorman siet foarop. De dûmny kom út 'e Wâlden en de reis gong oer Ljouwert. Doe stie der ien to liften ûnderweis, dy woe graech mei ride. It like in fatsoenlik man sa op it eech, dat hy kom yn 'e wein. Hy koe dy dûmny wol, mar dat liet er him net skine. Hy sei: "Ik...
nl.verhalenbank.16945
3