Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
18 results
Dutch Keywords: rover Place of Narration: Harkema
De boer en de frou wienen fuort, de faem wie allinne thús. Doe kommen dêr rovers, mar de faem woe se der net ynlitte. Doe groeven dy rovers in gat ûnder 'e muorre troch. De faem hie in sabel en doe't de earste syn kop ûnder 'e muorre troch hie, houde se dy kop der ôf. Doe luts se it lichum fan dyselde ta 't hûs yn. Sa hat hja àl dy rovers deamakke en ta...
nl.verhalenbank.27038
Yn 'e buert fan Ljouwert hat in herberch stien, dêr koenen de lju oernachtsje. Doe kom der ris in keardel yn frouljusklean, dat wie de lieder fan in roversbinde. Mar sy ha him ûntmaskere. Doe't de kastlein de saek net rjocht fortroude, smiet er syn gasten in apel ta. Deselde dy't foar in frommes trochgean moest, sloech de knibbels nei elkoar ta wylst er...
nl.verhalenbank.28716
Hearke wie ek stille plysje. Op in kear moest er mei in protte jild op 'e rêch nei Ljouwert ta. Underweis kaem der in man by him, dat wie in rover. Dy woe it jild ha en oars soed er Hearke deahouwe. Mar Hearke rêdde mei him. En doe boun er dy rover ek noch it jild op 'e rêch. "Draech dû dit mar foar my nei Ljouwert ta", sei er.
nl.verhalenbank.20834
In omkesizzer fan Sterke Hearke dat wie Egbert Witteveen. Dy wie ek omrake sterk. Hy hie ris yn 'e ûngetiid west en kom mei in kniksekje mei jild werom fan 't kerwei. Hy hie Ljouwert al passeard en roan de kant út nei Hurdegaryp. Doe kommen him twa man opside. Dy hienen it op it jild bigrepen en kommen der roun foar út. Sy woenen it ha. Wachtsje even, sei...
nl.verhalenbank.16862
It is achter Ljouwert gebeurd op 'e klaei. 't Wie op 'e joun. De faem moest op 't hûske. Dat stie bûtendoar. Wylst se dêr siet gongen der guon oer de achterhûsstrjitte. Hja gong hiel sunich oer de achterhûsstrjitte wer ta de achterdoar yn. Doe gong se nei foaren ta en sei: "Tink der om, der binne rovers om 't hûs hinne." Sy fandelen alle sjitark byelkoar,...
nl.verhalenbank.16954
Earen wie 't allegear sulverjild. Dat wie swier fansels om to dragen. Omt Hearke sa sterk wie moest dy faek foar banken nei Ljouwert ta mei in protte sulverjild. Dat droech er dan yn in sek op 'e rêch. Yn 'e Burgerheide wie 't doe allegear noch bosk. Doe kom dêr in man út 'e wâl wei, dat wie in rover. Dy hearde it jild rinkeljen yn 'e sek en hy sei tsjin...
nl.verhalenbank.32768
Achter Ljouwert hat men it Barra-hûs. Us heit fortelde, 't gebeurde dêr ris op in joun mei min waer dat der op 'e bûtendoar kloppe woarde. Doe't de boer dêr hinne gong stie dêr in frommes. Mar 't wie in rover. Mar dat wist de boer net. Dat frommes woe der graech yn en de boer liet har yn 'e keamer komme. Dêr gong se by 't fjûr sitten by de oare minsken....
nl.verhalenbank.29405
Us beppe hie in kroechje yn 'e Ikebuorren yn Droegeham. Dat hûske stiet der nou net mear. 't Wie op in joun en al oer tsienen, doe kom der noch ien yn. Dat wie Japik Ingberts. "Dû makkest my kjel", sei beppe. Hwant Japik Ingberts, dêr sieten de plysjes altyd achteroan. "Dû hoechst net kjel to wurden," sei Japik Ingberts, "ik doch dy neat." Hy kocht in...
nl.verhalenbank.16944
Op it Barrahûs achter Ljouwert kom us in kear in frou, mar it wie yn werklikheit in keardel yn frouljusklean. Doe smieten se har in apel ta en dy heinde se op wylst se de knibbels tsjin elkoar oan smiet. Doe wisten se dat it in keardel wie. Sy fortrouden him net.
nl.verhalenbank.27037
Op in kear moest Hearke mei in partij jild nei Ljouwert ta to foet. Hy droech it yn in sek oer 't skouder. Doe't er oan 'e Bonkefeart ta wie kommen der twa man tofoarskyn, dy soenen him oanfalle. Hy pakte ien fan 'e mannen beet en woe him yn 'e Bonkefeart smite, mar hy kom oan 'e oare kant op 'e wâl tolânne. Doe wist de oare wol hoe let it wie. Dy hied er...
nl.verhalenbank.26143
Der soe us op in snein in dûmny nei Himpens ta to preekjen. Dy siet yn in rydtúch en de fuorman siet foarop. De dûmny kom út 'e Wâlden en de reis gong oer Ljouwert. Doe stie der ien to liften ûnderweis, dy woe graech mei ride. It like in fatsoenlik man sa op it eech, dat hy kom yn 'e wein. Hy koe dy dûmny wol, mar dat liet er him net skine. Hy sei: "Ik...
nl.verhalenbank.16945
Der wenne in boer yn 'e omkriten fan Drachten. Japik Ingberts wie by him yn 'e tsjinst. De boer hie tsizen op 'e buorden stean. Op in nacht hearde de boer hwat. Hy der ôf en mei de foarke om 't hûs hinne. Dêr roan er Japik Ingberts tsjin 't liif. Dy hie al twa tsizen stellen. "Hwat mastû?" frege de boer. "Nei de faem", sei Japik Ingberts. "Man, hwat...
nl.verhalenbank.21241
Hearke hat ek stille plysje west: onbezoldigd veldwachter. Op in kear moest er jild ôfleverje yn Ljouwert. It jild hie er yn in pûde oer 't skouder hinne. Der siet nochal hwat yn. Hy gong rinnende wei nei Ljouwert ta. Oan 'e oare kant Hurdegaryp is 't in keal ein. 't Wie jountiid en doe trof Hearke dêr in pear keardels, dy hâldden him oan. "Hwat is dêr yn...
nl.verhalenbank.34524
De heinproef In frouspersoan kaam by in boer. Wêr 't it bard is, wit ik net krekt. mar earne yn Fryslân. Neidat de weareld my ferteld hat, hjit it dêr fan it Barhûs. Dêr moat noch in teken fan stean, my net bekend. Dat frommis frege om ûnderdak; sy mocht dêr de nachts fan 'e boer wol bliuwe. Even letter kaam dêr in soldaat op in hynder. Foar it brechje al...
nl.verhalenbank.14640
Der wie us in hottentot. (In hottentot is in lyts keardeltsje, dat ûnder tsjinst is), dy koe de reis net mear dwaen nei Ljouwert ta. 't Wie al let op 'e joun, dat hy tochte, doe't er oan it Barrahûs ta wie: Hjir klopje ik oan. De boer sei: Jo kinne hjir fannacht wol bliuwe. Doe't se in skoft byelkoar sitten hienen, woarde der wer kloppe. Doe liet de boer...
nl.verhalenbank.16953
Der wie in dûmny, dy syn pasterije stie hwat iensum. Dêrom hied er in grouwe houn op it hiem. Op in joune let kom der in âld mantsje by de doar. Dy frege ûnderdak. De dûmny en de frou, dat wienen goeije minsken, dat dat wegeren se 't âld mantsje net. Hy krige dêr in stik iten en kofje derby en doe't it bêdgongerstiid wie, wiisde dûmny him in sliepkeamer...
nl.verhalenbank.16924
Froeger wie sterke Hearke ek stille plysje. Der moesten wolris sinten fan Surhústerfean ôfhelle wurde en dy woarden dan yn in sek nei Ljouwert ta brocht op 'e bank. Sokke putsjes moest Hearke altyd opknappe, omt er sa sterk wie en net bang. En hy wie in earlik en fortroud man. Hy moest dan al hielendal nei Ljouwert ta rinne. Op in kear moete er ûnderweis...
nl.verhalenbank.28752
It gebeurde dat der op in boerespul op 'e joun in âld minske by de doar kom. Dy woe graech ûnderdak ha foar de nacht. Sy soe nei famylje ta, mar koe dêr net mear komme, it woarde to let. De boer en boerinne brochten har yn 'e keamer en dêr krige se kofje en iten. Wy meitsje in bêd foar jo, sei de boerinne, dan kinne jo hjir fannacht útfanhûzje. Doe't se...
nl.verhalenbank.16926
18