Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Dutch Keywords: pikken stelen
Alde Tsjerk Wetterrôt en Atse Griper wienen rovers. Sy wennen yn Feansterheide oan 'e Trije Roede. Nachts gongen se der stil op út. Dan stielen se in hynder út it lân. Dêr gongen se op sitten en sa gongen se op roof út. Se stielen in skiep, om mar hwat to neamen, en dat nommen se mei op 't hynder. As se omtrint thús wienen, jagen se 't hynder wer fuort.
nl.verhalenbank.28248
Myn oerbeppe kom ris op in kear fan 't Wytfean. Sy moest rinnende nei Eastemar ta en 't woarde al skimerich. Hja gong in sanpaedtsje del, by de diken lâns. Hja hie in smel-gouden earizer op. Doe seach se twa man oankommen. 't Wie doe in rare tiid, der woarde rounom roofd en stellen. It wie krekt, as woarde 't har ynjown dat dat twa rovers wienen. Mar sy...
nl.verhalenbank.28388
Sterke Hearke moest us foar ien nei de stêd ta mei in sekfol ryksdaelders op 'e nekke. Doe kom dêr in manselsoan oan. Dy sei: "Jo ha dêr ek in swiere fracht, net?" "Ja", sei Hearke. Dy man, dat wie in rover, dy hie it op dy sek mei jild forsjoen. "Dêr moest ik ek hwat fan ha", sei er. "Kinst de hiele sek wol krije", sei Hearke en hy smiet him de sek mei...
nl.verhalenbank.19498
Japik Ingberts wie in man dy't hynders stiel en har de sturten ôfsnie.
nl.verhalenbank.27444
Tusken Boksum en Blessum wie in binnenpaed mei allegear houtsjes, dy't oer sleatten leinen. Dêr earne stie ek de plaets fan in sekere boer Miedema. Dy boer stie bikend as in from en rjochtskepen man. Op in kear wie der skoalleforgadering fan 'e Kristlike skoalle yn Boksum. Miedema wie bistjûrslid en wie dêr ek oanwêzich. It woarde nochal let dy jouns...
nl.verhalenbank.33712
Atse Kûper fan Eastemar gong der froeger op út to stellen en to roven. Hy stiel fé en dat slachte er dan. It fleis forkocht er. De fellen en it ôffal bidobbe er yn 'e groun yn potten. Dat die er yn 'e stâl. Dêr stie in hiele lulke kedde, dêr doarst net ien by komme.
nl.verhalenbank.27759
6