Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: geld Place of Narration: Harkema
Hearke wie ek stille plysje. Op in kear moest er mei in protte jild op 'e rêch nei Ljouwert ta. Underweis kaem der in man by him, dat wie in rover. Dy woe it jild ha en oars soed er Hearke deahouwe. Mar Hearke rêdde mei him. En doe boun er dy rover ek noch it jild op 'e rêch. "Draech dû dit mar foar my nei Ljouwert ta", sei er.
nl.verhalenbank.20834
It folgjende woardde my forteld to Tolbert, doe't ik dêr yn 'e ûngetiid wie. Der wie in roversbinde, dy bistie út seis man. Elkenien dy't de Swarte Wei achter Tolbert lâns roan, wie gefaerlik. Dy rovers bruiden sa'n ien ôf, of makken him dea, bihalve as er syn beurs oerjaen woe. As se tofoarskyn kommen, seinen se der in rymke by op: Wij gaan vanavond met...
nl.verhalenbank.16822
In omkesizzer fan Sterke Hearke dat wie Egbert Witteveen. Dy wie ek omrake sterk. Hy hie ris yn 'e ûngetiid west en kom mei in kniksekje mei jild werom fan 't kerwei. Hy hie Ljouwert al passeard en roan de kant út nei Hurdegaryp. Doe kommen him twa man opside. Dy hienen it op it jild bigrepen en kommen der roun foar út. Sy woenen it ha. Wachtsje even, sei...
nl.verhalenbank.16862
It is achter Ljouwert gebeurd op 'e klaei. 't Wie op 'e joun. De faem moest op 't hûske. Dat stie bûtendoar. Wylst se dêr siet gongen der guon oer de achterhûsstrjitte. Hja gong hiel sunich oer de achterhûsstrjitte wer ta de achterdoar yn. Doe gong se nei foaren ta en sei: "Tink der om, der binne rovers om 't hûs hinne." Sy fandelen alle sjitark byelkoar,...
nl.verhalenbank.16954
Earen wie 't allegear sulverjild. Dat wie swier fansels om to dragen. Omt Hearke sa sterk wie moest dy faek foar banken nei Ljouwert ta mei in protte sulverjild. Dat droech er dan yn in sek op 'e rêch. Yn 'e Burgerheide wie 't doe allegear noch bosk. Doe kom dêr in man út 'e wâl wei, dat wie in rover. Dy hearde it jild rinkeljen yn 'e sek en hy sei tsjin...
nl.verhalenbank.32768
Op in kear moest Hearke mei in partij jild nei Ljouwert ta to foet. Hy droech it yn in sek oer 't skouder. Doe't er oan 'e Bonkefeart ta wie kommen der twa man tofoarskyn, dy soenen him oanfalle. Hy pakte ien fan 'e mannen beet en woe him yn 'e Bonkefeart smite, mar hy kom oan 'e oare kant op 'e wâl tolânne. Doe wist de oare wol hoe let it wie. Dy hied er...
nl.verhalenbank.26143
Hearke hat ek stille plysje west: onbezoldigd veldwachter. Op in kear moest er jild ôfleverje yn Ljouwert. It jild hie er yn in pûde oer 't skouder hinne. Der siet nochal hwat yn. Hy gong rinnende wei nei Ljouwert ta. Oan 'e oare kant Hurdegaryp is 't in keal ein. 't Wie jountiid en doe trof Hearke dêr in pear keardels, dy hâldden him oan. "Hwat is dêr yn...
nl.verhalenbank.34524
Froeger wie sterke Hearke ek stille plysje. Der moesten wolris sinten fan Surhústerfean ôfhelle wurde en dy woarden dan yn in sek nei Ljouwert ta brocht op 'e bank. Sokke putsjes moest Hearke altyd opknappe, omt er sa sterk wie en net bang. En hy wie in earlik en fortroud man. Hy moest dan al hielendal nei Ljouwert ta rinne. Op in kear moete er ûnderweis...
nl.verhalenbank.28752
8