Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: appel dood
Op it Barrahûs hat Kramer wenne. Dy hat my forteld, dat de boeren koenen soldaten krije fan 'e stêd, as se har net fortrouden. Dy koenen se hiere. Sa mat in froegere boer fan 't Barrahûs ek in kear in soldaet hawn ha. Hwant it gebeurde dat dêr ien kom, dy't se net fortrouden. Dy persoan wie klaeid as in frommeske. Dy persoan woe dêr sliepe. Doe lieten se...
nl.verhalenbank.27224
It gebeurde op in boerepleats, dy't tige iensum stie, wol gauris, dat dêr guon kamen to sliepen. Dat wegere dy boer eins noait. Op in joun kaem der in frommes. De boer syn knecht fortroude it net rjocht, dy tocht: it kin wolris in keardel wêze yn frouljusklean. Dat koed er gau to witen komme. Hy helle apels op en doe smiet er dat frommes in apel ta. Dat...
nl.verhalenbank.30143
Achter Ljouwert hat men it Barra-hûs. Us heit fortelde, 't gebeurde dêr ris op in joun mei min waer dat der op 'e bûtendoar kloppe woarde. Doe't de boer dêr hinne gong stie dêr in frommes. Mar 't wie in rover. Mar dat wist de boer net. Dat frommes woe der graech yn en de boer liet har yn 'e keamer komme. Dêr gong se by 't fjûr sitten by de oare minsken....
nl.verhalenbank.29405
De soldaet fan it Barrahûs. Der wienen in boer en boerinne, dy wennen op it Barrahûs. Op in joun kom dêr in soldaet op in hynder, dy woe graech ynkertiering ha. Hy mocht binnenkomme. It hynder woarde op 'e stâl set. Even letter kom der in frommes by de doar. Dy frege ek of se dêr de nacht bliuwe koe. "Kom der mar yn", sei de boer. It frommes gong ek yn 't...
nl.verhalenbank.22776
It Barra-hûs is in boereplaets, net sa hiel fier fan Ljouwert ôf. Op in kear wie de boer útfanhûs. De feint hie dêr al jierren wenne. Dy soe salang op it hûs passe. Hy hie in gewear fan 'e boer mei kûgels, dy mocht er brûke yn gefal fan gefaer. Doe kom dêr in frommes. 't Wie in kuorkerinster en de feint joech har in pantsjefol thé yn 'e hûs. Even letter...
nl.verhalenbank.27208
't Wie op in joune mei min en tsjuster waer. De boer siet by 't fjûr, doe kom der noch ien oan 'e doar. De boer gong der hinne en doe stie dêr in frommes. Dat frege of se dêr dy nachts bliuwe koe. Dêr hie de boer gjin biswier tsjin. Sy kom ek by 't fjûr to sitten. In skoft letter woardde der wer kloppe. Doe wie dat in man op in hynder. Dy frege ek al of...
nl.verhalenbank.17615
't Wie op in jountiid op in boerespul. 't Wie min waer en 't reinde dat it spielde. Doe kom der in frommes by de doar, dy woe dêr graech sliepe. Sy koe ûnmooglik fierder mei sok waer. Dat wie goed. Mar doe't se in skoftsje yn 'e hûs sitten hie, stie de boer it net rjocht. Hy tocht: dit kin wolris in manspersoan wêze. Doe smiet er har in apel ta. En dy...
nl.verhalenbank.23563
Even bisuden Ljouwert stiet in greate plaets, dat is it Barrahûs. Dêr stiet it beeld fan in soldaet op it hiem. In keardel fortelde my us hoe't dy dêr kom is. Op in joun hie der in soldaet by de boer oankloppe, dy frege om ûnderdak foar de nacht. Dat hie de boer goed foun. In skoft letter hienen der nòch twa frege om ûnderdak, dat wienen in man en in...
nl.verhalenbank.27041
8