Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Place of Narration: Jistrum
Ien fan sawn dochters, seinen se froeger, wie in nachtmerje. De bern woarden froeger wol bang makke, dan woarde der sein: "Pas mar op, aenst komt de nachtmerje, dan krijt er dy."
nl.verhalenbank.22840
In nachtmerje, seinen se froeger, wie in frommeske. Sy komme troch 't slotsgat yn 'e hûs. De minsken kinne moal struije, dan komme se net. Of de klompen achterstofoar foar 't bêd sette. Dat dienen wy altyd. Ek wol omkeard foar de doar. De nachtmerjes ride nachts op hynders om. Dan meitsje se flechtsjes yn 'e moanjes.
nl.verhalenbank.22762
In nachtmerje biskôgen se froeger as in fromminske, dat troch 't kaeisgat kom.
nl.verhalenbank.20589
In nachtmerje is in frommeske, dat troch it kaeisgat yn 'e hûs komt.
nl.verhalenbank.37205
In nachtmerje is in minskelik wêzen. Meastal is 't in frommeske, mar soms is 't ek wolris in man. Der wurdt wol biweard dat as der sawn dochters binne dan is ien dêrfan in nachtmerje. In nachtmerje giet de minsken nachts op it boarst sitten.
nl.verhalenbank.37223
Op 'e Iest yn Jistrum dêr wenne Hedzers Baeije. Greate Wibe wie mear as twa meter lang. Dêr wie Hedzers Baeije fjûrbinaud foar, hwant Wibe kom nachts by har. Wibe wie in nachtmerje en hy koe tsjoene. Hja die duveldrek op 'e drompel, mar doe kom er likegoed by har. Doe die se guon yn 't slotsgat, doe koed er net mear by har komme.
nl.verhalenbank.34493
6