Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
136 results
Dutch Keywords: zeven
Een nachtmerje was een vrouw. Van zeven op elkoar volgende dochters was er één een nachtmerje. Ze kwamen deur 't slotsgat in huus. Mijn broer Piter had der wel us last van. Hy strooide wat rogge op 'e stoel foar bêdde. (It bennen ook wel eens kerels, dy bin nog slimmer)
nl.verhalenbank.23966
In nachtmerje wie ien fan sawn dochters. Hja kaem troch 't gat fan 't ûleboerd. Dan gong se earst even op it saeibuordtsje sitten. In nachtmerje kaem ek troch de skoarstien. Men moest der foar soargje dat de skoarstien tige rikke, dan kaem se net. It hinnegat moest jouns fral ticht yn 't achterhús, oars kaem se dêr troch. 't Kaeisgat moest ticht treaun...
nl.verhalenbank.37354
Wienen der sawn famkes yn in gesin dan wie der in nachtmerje by. As men nachts op 'e rêch lei wie der kâns dat de nachtmerje by jin kaem. By 't fuottenein kaem se by jin, stadichoan kaem se heger, op 't lêst wie se oan 'e kiel ta. Lei men op 'e side, dan krige men der gjin lêst fan. In nachtmerje kaem troch 't kaeisgat. Set men de toffels omkeard foar 't...
nl.verhalenbank.36868
Men hat nachtmerjes en nachtrunen. In nachtmerje is in fanke of in frommes, in nachtrún is in jonge of in man. De âldste of de jongste fan sawn op elkoar folgjende famkes is in nachtmerje. De âldste of de jongste fan sawn op elkoar folgjende jonges is in nachtrún. Sy komme troch 't slotsgat by jin yn 'e hûs. Jitske Jehannes (Elzinga) syn heit dy wenne...
nl.verhalenbank.20574
Myn pappe sette altyd de klompen uut elkoar by de deur, sodat niemand er in kon stappen. Dat deed ie altyd. Want hij wou geen nachtmerje bij him hebben. Fan de seven wichter is een in nachtmerje. Om der geen last van te hebben bonden se in levende padde op de rug. Ik heb wel eens in nachtmerje bij me gehad. Ik foelde het duudlik, ik sliep nog niet. Hij...
nl.verhalenbank.37297
Nachtmerjes wienen froulju. Ien fan sawn op elkoar folgjende susters. Om der gjin lêst fan to hawwen struiden se moal. Sa ha se wolris in nachtmerje fangd. Ik ha wolris fortellen heard, dat sa'n nachtmerje de oare moarns by in widner op 'e stoel siet en net fuort komme koe, trochdat se moal oan har hie. Alde Tseard wenne hjir yn 'e Westerein. Dy hat ris...
nl.verhalenbank.33749
In nachtmerje is in minske. It is in minske dat in straf hat. Sa'n minske mat sawn jier lang in nachtmerje wêze. Ik ha faek lêst fan nachtmerjes hawn. Ien kear ha'k ien sjoen. Myn man wie fuort. 't Wie hiel ier yn 'e moarn. Ik wie allinnich thús mei twa berntsjes. Doe fornaem ik ien oankommen. 't Wie in manspersoan, in skipper. Hy hie in brún pakje oan,...
nl.verhalenbank.20096
In nachtmerje koe in man wêze as in frou. By de froulju kom in man as nachtmerje, by de manlju in frommeske. Fan sawn op elkoar folgjende jonges of sawn op elkoar folgjende famkes wie ien in nachtmerje. It wie in boaze geest. Sa neamde myn wiif har beppe de nachtmerje ek. Dy hie de toffels altyd mei de hakken tsjin 't bêdsket oan. Op in kear, doe wie myn...
nl.verhalenbank.21138
In nachtmerje is in man of in frou. Ien fan 7 susters of ien fan sawn bruorren is in nachtmerje. In widdoufrou njonken myn skoanâlden hat ris in nachtmerje fangd. Hja hie om 't bêd hinne kaf struid: angels fan rogge-ieren. Dat hinget oan fansels. En as in nachtmerje soks oan him krijt kin er net wer fuortkomme. Hwant in nachtmerje mei neat meinimme. It...
nl.verhalenbank.32346
In nachtmerje is ien fan sawn susters. Yn 'e Westerein hat ek sa'n nachtmerje west. Dat wie in troude frou. Ja, dêr't se mei troud wie, dat wie in man fan oansjen. In nachtmerje mei neat meinimme. Op in kear soe se nei ien ta yn 'e nacht, doe hie dyselde in bak mei moal foar it bêd delset. Dêr stapte se yn, en doe koe se net wer fuortkomme. Hwant hja hie...
nl.verhalenbank.35979
Omke Linse (van der Veen) wenne yn de Poes (ûnder Surhuzum). Hy wie troud mei Ynskje fan Knjillis Hut. Dat wie in nachtmerje. Dêr hat omke in protte lêst fan hawn. Doe't se noch forkearing hienen kom se alle nachten by him. Omke hie in blêd út 'e bibel ûnder 't holkessen. Mar as er dat us in kear forgeat wied er skjin forlegen. Ek in kear doe hied er in...
nl.verhalenbank.19882
Hjir folget in nachtmerjeteltsje, dat frou Kobus my de foarige kear al forteld hie, mar nou is it efkes útgebreider en oan 'e ein in bytsje oars. It wie yn 'e ûngetiid by in boer to Goaijengeahuzen. Jetse Schot wenne dêr as feint. Hy wie net troud. Us heit kaem by dy boer to ûngetiidzjen. Heit en Jetse sliepten yn itselde fortrek. Jetse wie faek eangstich...
nl.verhalenbank.11509
In nachtmerje is in frou, meastal fan rike famylje. 't Is ien fan sawn susters. Sy komt meastal troch it slotsgat fan 'e doar by jin yn 'e hûs. In nachtmerje mei neat meinimme. Men kin dêrom it bêste moal oer jin hinnestruije om gjin lêst to hawwen. Sy sette ek wol de toffels achterstofoar foar it bêd del. Myn omke hie in bulte lêst fan in nachtmerje. Ik...
nl.verhalenbank.27933
Ien fan sawn dochters, sizze se, is in nachtmerje. Sy komt troch it slotsgat yn 'e hûs. Men mat moal op 't gesicht struije of de toffels achterstofoar foar 't bêd sette, dan komme se net by jo. Dan kin se net samar yn 'e toffels stappe. Der wie alris in man dy fangde sa'n nachtmerje. Dy man wie in widner mei bern. De oare moarns siet de nachtmerje by de...
nl.verhalenbank.28282
Fan sawn jonges út ien húshâlding is ien in wjerwolf. Wjerwolven matte der altyd op út. Dy ha in ploech. In nachtmerje en in wjerwolf is it selde. In wjerwolf is in man, in nachtmerje is in frommeske. Mar se dogge beide itselde. Men kin se fange. As je lêst fan in nachtmerje ha mat men jin mei moal bistruije. Hjir yn 'e Westerein wenne in man dy hie...
nl.verhalenbank.38494
Nachtmerjes binne froulju. Fan sawn dochters dy't op elkoar folgje is de âldste of de jongste in nachtmerje. In nachtmerje komt meastal troch 't kaeisgat yn 'e hûs. Men kin in nachtmerje fange. Us mem fortelde, der wie in boerefeint yn Grinslân, dy hie by in faem kom, dat wie in nachtmerje. De boer hie in âld hynder, dat hie faek lêst fan in nachtmerje....
nl.verhalenbank.24045
136