Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
29 results
Dutch Keywords: pantoffels
Binne der sawn famkes yn ien húshâlding, dan is dêr in nachtmerje tusken. De nachtmerje komt by de minsken troch 't slotsgat. Hja giet nei 't bêd ta en giet op sa'n minske sitten. Dan biset him alles. Dan kin er hast gjin siken mear helje. Men gyng wol hinne en sette de toffels achterstofoar foar 't bêd. Men miende dat de nachtmerje dan net by jin komme...
nl.verhalenbank.29811
In nachtmerje, seinen se froeger, wie in frommeske. Hja knypte har slachtoffer de kiel ticht. Us heit sei soms: Mast altyd de toffels sa delsette foar 't bêd, dat se der net samar ynstappe kinne, dus mei de hakken nei 't bêd ta.
nl.verhalenbank.31520
Ik wie boerefaem. Op in kear lei 'k yn 'e nacht op bêd. Doe hearde ik dat der in hynder oansetten kaem. It kom al tichter by myn bêd. Doe klaude 't my mei de poat. Dat die hiel sear. Dat hat in nachtmerje west. Hja seinen wol, fan 'e sawn famkes fan ien húshâlding wie ien in nachtmerje. Fan 'e sawn jonges fan ien húshâlding wie ien in wjerwolf. Die men de...
nl.verhalenbank.36926
Sahwat om 1900 hinne stie der tichte by ús in boereplaetske dêr hienen se in hynder. Dat hynder koenen se yn 'e nacht noait fêsthâlde. 't Koe neat skele hoe't se 't fêstbounen, se wienen net sadra wer yn 'e hûs of 't hynder wie wer los. Dat wie it wurk fan âlde Sierde Jets. Dat wie in tsjoenster. In kear of sawn, acht achter elkoarren rekke 't hynder los....
nl.verhalenbank.36980
Ik haw in kammeraet hawn, dy hat wol gauris in nachtmerje by him hawn. Hy fortelde my: "Op in nacht seach ik har oankommen. Mar ik tochte: 'Ast hjir nou aenst biste sil 'k dy in traep forkeapje, datst net wer komst'. En 'k hie se sa hast foar myn skonken en doch in traep nei har - en trape ik dêr net dwars troch de sketten hinne?" De nachtmerje kaem der...
nl.verhalenbank.36418
Gearte Harmke, ien fan 'e tsien dochters fan Knillis Hut wie in nachtmerje. Sy kom troch 't kaeisgat by in oar yn 'e hûs. De minsken struije moal op 't gesicht om der gjin lêst fan to hawwen. Se sette de toffels ek wol achterstofoar foar 't bêdsté. Sy hearden de nachtmerje hast altyd wol oankommen.
nl.verhalenbank.28801
As men de nachtmerje net by jin ha woe, moest men de toffels net foar it bêdsté út dwaen en dêr sa stean litte, hwant dan stapte de nachtmerje deryn. Men moest se mei de hakken tsjin 't bêdsket oan sette.
nl.verhalenbank.18157
In nachtmerje wie ien fan sawn dochters. Hja kaem troch 't gat fan 't ûleboerd. Dan gong se earst even op it saeibuordtsje sitten. In nachtmerje kaem ek troch de skoarstien. Men moest der foar soargje dat de skoarstien tige rikke, dan kaem se net. It hinnegat moest jouns fral ticht yn 't achterhús, oars kaem se dêr troch. 't Kaeisgat moest ticht treaun...
nl.verhalenbank.37354
Wienen der sawn famkes yn in gesin dan wie der in nachtmerje by. As men nachts op 'e rêch lei wie der kâns dat de nachtmerje by jin kaem. By 't fuottenein kaem se by jin, stadichoan kaem se heger, op 't lêst wie se oan 'e kiel ta. Lei men op 'e side, dan krige men der gjin lêst fan. In nachtmerje kaem troch 't kaeisgat. Set men de toffels omkeard foar 't...
nl.verhalenbank.36868
29