Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: keel sleutelgat
In nachtmerje wie in frommeske. Dat ried op 't hynder en makke flechtsjes yn 'e moanjes fan 't hynder. Sy kom ek wol yn 'e hûs. Dan gong se troch 't kaeisgat hinne en knypte de minsken yn 'e hals, dat se oan 't smoaren ta wienen. De minsken makken in krús yn 't sân op it hiem. Dat krús, dêr dienen se sâlt yn, dan koenen de nachtmerjes en tsjoensters har...
nl.verhalenbank.22686
Ien fan sawn dochters is in nachtmerje. In nachtmerje komt ta 't slotsgat yn. In nachtmerje kin de minsken hast smoare, sa bot knypt se. Men mat de klompen oarsom lizze of duveldrek foar de strjitte lizze. Dan hat men der gjin lêst fan.
nl.verhalenbank.22325
Ien fan sawn dochters is in nachtmerje. Ien fan 'e sawn soannen is in wjerwolf. De nachtmerje komt troch 't slotsgat by de minsken. Sy knypt de minsken de hals ticht, dat se omtrint smoare. Sy komme ek wol by de hynders. Dy flechtsje se flechtsjes yn 'e moanjes.
nl.verhalenbank.22966
As der minsken wienen, dy't sawn dochters hienen, dan wie ien dêrfan in nachtmerje. Sa'n nachtmerje kom nachts by de minsken. Sy kom earst op 't fuottenein, by de teannen en gong sa stadich omheech. Op 't lêst siet se op 't boarst en dan knypte se de minsken de hals ticht. Se kom yn 'e hûs troch 't kaeisgat. Dêrom lieten de lju de kaei nachts yn 'e doar...
nl.verhalenbank.22273
Fan 'e sawn famkes út ien húshâlding is ien in nachtmerje. Der wurdt ek wol sein, dat de sawnde in kwyn is. De nachtmerje komt troch it kaeisgat nachts by de minsken. Hja giet nei 't bêd fan har slachtoffer ta en giet dan earst nei 't fuottenein en sa stadich omheech en dan giet se de minske op it boarst sitten en knypt him de hals ta, dat dyselde hast...
nl.verhalenbank.30394
Fan sawn famkes út ien gesin is ien in nachtmerje, seit men. Nachtmerjes komme troch 't slotsgat yn 'e hûs en knipe de minsken de hals ticht. Dan krije se 't binaud.
nl.verhalenbank.36798
Nachtmerjes komme troch 't kaeisgat by de lju yn 'e hûs. Ien fan 'e sawn dochters dy't op elkoar folgje is in nachtmerje. Sy knipe jin de hals ticht. Men kin de toffels achterstofoar foar 't bêd sette of moal oer 't gesicht struije, dan kriget men der gjin lêst fan, sizze se.
nl.verhalenbank.28559
Wienen der sawn famkes yn in gesin dan wie der in nachtmerje by. As men nachts op 'e rêch lei wie der kâns dat de nachtmerje by jin kaem. By 't fuottenein kaem se by jin, stadichoan kaem se heger, op 't lêst wie se oan 'e kiel ta. Lei men op 'e side, dan krige men der gjin lêst fan. In nachtmerje kaem troch 't kaeisgat. Set men de toffels omkeard foar 't...
nl.verhalenbank.36868
8