Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
11 results
Dutch Keywords: heks sleutelgat
Fan ien fan sawn dochters, dêr't net in soan tusken sit, is ien in nachtmerje of in tsjoenster. In nachtmerje komt faek troch 't kaeisgat. Japik Pander fan Houtigehage (ôfkomstich fan Harkema) fortelde, syn mem hie altyd sa'n lêst fan 'e nachtmerje. Yn 'e tiid doe't har man nei de klaei ta wie to sichtsjen wie se bang foar de nachten. "O heden, heden,"...
nl.verhalenbank.24694
De minsken hienen Yn Broek froeger de kaeisgatten ticht, fanwege de tsjoensters en de nachtmerjes.
nl.verhalenbank.27454
Muoike hat wolris forteld, sy útfanhûze froeger by har omke. Dy hie in keppel hynders, dy wienen yn 'e nacht alhielendal oerstjûr. Dêr kom dan yn 'e nacht in tsjoenster by, dy't op dy hynders omried. Dy tsjoenster kom troch 't kaeisgat.
nl.verhalenbank.28275
Fan sawn opelkoarfolgjende dochters, wurdt der sein is ien in nachtmerje. In nachtmerje komt troch 't kaeisgat yn 'e hûs, in tsjoenster ek.
nl.verhalenbank.24067
In nachtmerje, sizze se, is ien fan sawn dochters. Sy komt ta 't slotsgat yn 'e hûs. Docht men in krús foar de drompel, dan kin se der net yn komme. Dan hat se gjin macht. Guon dienen ek wol duveldrek ûnder 'e drompel. Dat dienen se ek om tsjoensters to kearen.
nl.verhalenbank.28616
In nachtmerje is in frommeske. Struit men moal op bêd, dan komt se net by jin. Hwant dan kin se net wer fuortkomme. In nachtmerje komt krekt as de tsjoensters troch 't kaeisgat.
nl.verhalenbank.25538
Tsjoensters en nachtmerjes komme troch 't kaeisgat of troch it goatsgat. Dat moat wol, oars kin dat folkje ommers nergens troch yn 'e hûs komme. De minsken dienen froeger wol roggebrea yn 't kaeisgat om se to kearen. Omdat rogge heilich is.
nl.verhalenbank.11572
Fan sawn dochters is ien in nachtmerje. In nachtmerje giet troch 't slotsgat. Men die duveldrek ûnder 'e drompel. Dat wie ek om de tsjoensters to kearen. Se hienen ek altyd duveldrek ûnder 'e bargebakken. Skoanheit helle de duveldrek fan David Flud fan Drachten (= D. de Vrieze). Dan sei er: "Ik mat in duvelspoepke ha." "Even wachtsje," sei David Flud...
nl.verhalenbank.26908
In nachtmerje kin troch 't kaeisgat yn 'e hûs komme. Yn Hiltsjemoaiwâlden hat in nachtmerje wenne. Myn wiif lei us op in kear op bêd, doe seach se dat Janke Jan de doar iepen draeide (Janke Jan syn mem wie in tsjoenster en hy wie in nachtmerje) Janke Jan wie in soan fan âlde Minne Ael. "Ik seach dat Janke Jan by my kom. Hy draeide my de hals ticht, ik ha...
nl.verhalenbank.28767
Ien fan sawn op elkoar folgjende famkes is in nachtmerje. Troch 't kaeisgat kamen se yn 'e hûs. Jy koenen in krús op 'e drompel dwaen, dan koe se der net yn komme, likemin as in tsjoenster. Bontsje Dalman fortelde, hja wenne yn Twizelerheide en doe woe der ris in frou nei har ta. Mar dat minske wie in tsjoenster. Bontsje die gau in krús oer 'e drompel,...
nl.verhalenbank.36153
In nachtmerje is ien fan sawn of mear dochters. Wibe Aechje wie in nachtmerje (Hja wie in dochter fan Knjillis Hut (= Alma)) Harmke (Gearte Harmke) wie in oare dochter fan Knjillis Hut (dêr wienen tsien dochters); dat wie in tsjoenster. Dy koe har yn in kat foroarje. De katten hâlde forgaderingen, ien hat de leiding. Dan sjonge se. As jo sa'n kat in...
nl.verhalenbank.28818
11