Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: bezoeken bed
Ek by de minsken kaem de nachtmerje. In nachtmerje kaem troch 't slotsgat en socht it bêd fan 'e minsken op. De minsken setten de toffels achterstofoar foar 't bêd en hâldden de kaei yn 't slotsgat. De minsken bestruiden har mei moal. Dan bleauwen de nachtmerjes op 'e minsken sitten en koenen se der net wer ôf komme. Fan 'e sawn famkes út ien húshâlding...
nl.verhalenbank.29509
Binne der sawn famkes yn ien húshâlding, dan is ien dêrfan in nachtmerje. Se ha wol by my west. Dan koe 'k gjin siken mear krije. Men struide wol moal. Moal hinget oan. Hie in nachtmerje moal oan har, dan koe se net wer fuortkomme. Men sette ek wol de toffels mei de hakken tsjin 't bêdsket oan. Se kamen ek by de hynders. Dan hienen de dieren knopen yn 'e...
nl.verhalenbank.30491
Nachtmerjes binne froulju. Ien fan 7 dochters is in nachtmerje. Men sette froeger de toffels mei de hakken tsjin 't bêdsket oan. Men boun wol in mes op 't boarst mei de skerpe kant omheech om gjin lêst fan 'e nachtmerje to krijen. De hynders hienen der ek lêst fan. Guon boeren hienen in sabel boppe 't hynder yn 'e stâl hingjen. As der in nachtmerje by de...
nl.verhalenbank.32203
Der wie in feint, dy hiet fan Steven. Hy wenne yn Houtigehage oan 'e 'Trije Roede'. Hy reizge ris nei Drachtster Merke ta en woe dêr forkearing ha mei in fanke, mar dat fanke woe net. Dy nachts kom dat fanke by him op bêd as in nachtmerje.
nl.verhalenbank.15520
Myn skoanmem hat us in nachtmerje by har hawn. Doe wie se net rjocht goed. Dy nachtmerje sei: "Lang sil 'k jo net pleagje, mar 'k sil al even by jo sjen." As de toffels mei de hakken nei 't bêd ta stienen, krige men gjin lêst fan 'e nachtmerje, sei skoanmem.
nl.verhalenbank.21928
Myn soan hat ek wol in nachtmerje hawn. Dan seach er de persoan wol njonken syn bêd stean. Dan woe er graech raze, mar hy koe net. Se knypte him de hals ticht.
nl.verhalenbank.29776
Ik wie boerefeint op 't Zandt yn Grinslân. Ik slepte yn 't bûthús yn in bêdsté. Op in kear doe't ik dêr lei, hearde ik fuotstappen de mjilgong delgean. Dy kommen rjocht op myn bêdsté ta. It hearde krekt as wie 't ien op klompen. Hy kom by myn bêd en gong op myn boarst sitten. Ik krige 't sa binaud, dat ik ha de hiele nacht noait in wink yn 'e egen dien....
nl.verhalenbank.27218
7