Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
177 results
Place of Narration: Harkema
Oan 'e Lytse Wei stie in beam mei in krús der yn. Dat krús wie dêr fansels yn kom. Dêr by dy beam wie us in frou formoarde woarn. Kapten se dy beam om, dan kom 't krús der wer fansels yn. It groeide der yn.
nl.verhalenbank.22287
Piter Alka plichte wol gau us by ús to kommen. Hy fortelde, dat by de grouwe beam (betonwei) dêr siet nachts ien to jildtellen. 't Wie in spoek. As men de egen der even ôf hie, dan wie 't ek samar ynienen fuort.
nl.verhalenbank.22253
Op Koatstertille spûke in dikke swarte houn by nacht, seinen se altyd.
nl.verhalenbank.32635
Op 'e Nije Wei, seinen se, hjir yn 'e Harkema, roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.24336
Yn Uthuzermeden wie in spoekskuorre. Yn 'e iene helte fan dy skuorre koenen se net sliepe. Dêr wie altyd in man mei in kalkene pipe, dy't dêr omspûke. Hja soargen der foar dat er frij paed hie en net steurd woarde.
nl.verhalenbank.21299
Op 't Langpaed tusken Harkema en Surhuzum wie altyd in lykstaesje. It wie de lykwei foar de Harkema. It wie dêr lang net plús. Elkenien moest dêr foar de lykstaesje wike.
nl.verhalenbank.20029
It spoeke altyd op 'e Skoukepaden ûnder Droegeham.
nl.verhalenbank.20835
Op it tsjerkhôf to Hurdegaryp, der matte twa neakene berntsjes omrinne. Der ha dêr twa murdejeijers west, út 'e Harkema, dy soenen dêr in murd snappe, mar doe seagen se dy berntsjes. Sy binne troch de lannen hinne stoud, sa kjel woarden se. Sy ha dêr noait wer west. De hekke fan dat tsjerkhôf stie altyd iepen. Dat kom, trochdat dy berntsjes dêr troch...
nl.verhalenbank.16833
By de dikke beam oan 'e beton-wei, tusken Harkema en it Bomkleaster stienen us op in nacht allegearre auto's. 't Wienen wite auto's, allegear. Dêr roannen nonnen tusken mei lange rokken oan, allegear yn 't wyt. En dêr wie hwat tusken har yn, dat wie krekt in altaer west, hielendal wyt. Myn op ien nei jongste skoansuster kom dêr dy nachts lâns. Dy hat it...
nl.verhalenbank.32749
Wy wienen yn Úthuzermeden yn Grinslân by de boer yn 't wurk. Dy nachts leinen wy yn 'e skuorre op in rige. Us heit wie der ek by. Yn dy skuorre doogde it net. Der roan heit dy nachts ien oer de fuotten lâns, dy sweefde mear as dat er roan. Oaren hienen it spoek ek fornom.
nl.verhalenbank.25755
Oan 'e Lytse Wei is in dyk mei ikebeammen. Op ien fan dy beammen is in krús. Dat giet noait wer út dy beam wei. Sy ha de beam wol omkapt, mar it krús kom der like goed fansels wer yn. Sy ha dêr us in frou formoarde. Dêr is dat krús doe troch ûntstien.
nl.verhalenbank.22710
Op 'e Lytse Wei by de Harkema ried froeger in wite dame op in hynder, doe wie de Lytse Wei noch in sânpaed. Durk Pitstra hat har us njonken him hawn op in joun, doe siet er op syn eigen hynder om dat yn 't lân to bringen. Hwat hurder hy ried, hwat hurder dat frommes tasette. Hy koe har net kwyt wurde en dreau op 't lêst yn 't swit.
nl.verhalenbank.22709
Op 'e Grinzer klaei, yn 'e buert fan Ulrum stie in hiele greate plaets. Dêr wie in hiele rige gollen yn 'e skuorre. Mar dêr wie ien golle by, dêr koenen se nachts net sliepe, hwant as se har dêr deljoegen, woarden se der útsmiten. 't Wie in spoekskuorre.
nl.verhalenbank.25772
Us pake ûngetide ris in kear achter Ljouwert. Hy slepte yn 'e skuorre. Doe sei de boer tsjin him: "Nou meije jo joun net yn dy golle lizzen gean, hwant alles hwat yn dy golle lizzen giet, dat stjert. Ik ha der al hiel faek in kealtsje yn hawn en dat is elke kear dea gong." Pake sei: "Soks meitsje jo my net wiis, dêr leau 'k neat fan." Doe sei de boer: "As...
nl.verhalenbank.32740
Yn Eastemar, oan 'e Mûzegroppewei, roan in fôlle mei in brijpanne om 'e hals.
nl.verhalenbank.33651
Yn froeger tiden spoeke it op 'e ikkers fan Droegeham. It wienen froulju mei pearse jakken oan.
nl.verhalenbank.21255
Op 'e Krúswei yn 'e Harkema spoeken wite wiven.
nl.verhalenbank.19522
It hûs, dêr't wy yn wennen froeger, stie yn 'e Smoarhoeke, flak by de Liuwe-poel. De minsken neamden dat hûs altyd it Spoekhûs.
nl.verhalenbank.21452
Dêr't nou it nije tsjerkhôf is, dêr spoeken altyd twa wite froulju.
nl.verhalenbank.17391
De klompen moesten fóár de nacht by ús altyd omkeard wurde, oars roannen oaren der yn om.
nl.verhalenbank.22276
177